Stikstofkrisis yn Nederlân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stikstofkrisis)

De stikstofkrisis yn Nederlân is in krisis yn Nederlân, dy't ûntste nei in útspraak fan de Rie fan Steat dêr't fergunningsoanfragen fan sa'n 18.000 bou- en ynfrastruktuerprojekten platlein waarden. Neffens de boubedriuwen koene der wol 27.000 banen faai stean[1]. Dêrom wurdt de krisis bytiden ek wol de boukrisis neamd[2].

De krisis ûntstie doe't op 29 maaie 2019 de ôfdieling bestjoersrjochtspraak fan de Rie an Steat útspraken dy oer it Programma Oanpak Stikstof (PAS)[3]. It PAS mocht neffens dy útspraak net mear brûkt wurde foar it jaan fan fergunnings dy't ekstra delslach fan stikstof yn Natura 2000-gebieten feroarsaken. In streekrjocht gefolch wie dat boufergunnings net mear jûn wurde koene neffens it grûnwurk fan PAS.

De eftergrûn fan de krisis is it stikstofprobleem dat oer gâns de wrâld spilet, en dus ek yn Nederlân. Stikstof komt yn in soad ferbinings foar en komt fan dierlike dong as nitraat yn de boaiem en ammoniak yn 'e loft. Ek wurde stikstofoksiden (NOx) útstjitten troch ferbrâningsmotors sa as yn motorreauwen en yn de yndustry. Minsklik hanneljen dêr't stikstofferbinings frijkomme liede ta problemen mei de ekosystemen op lân, yn wetter en yn 'e see.

Boarnen fan stikstofferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De atmosfear bestiet út likernôch 78 % út stikstofgas (N2) en kin gjin kwea foar minske en miljeu. Wat de stikstofkrisis oanbelanget is it frijkommen fan ferbinings fan stikstof, bygelyks dy fan ammoniak (NH3), nitraten en ferskate stikstofoksiden, oantsjutten mei NOx[4].

By ferbrâningsprosessen yn automotoaren en yndustry ûntsteane dy stikstofoksiden, dy't skea feroarsaakje, sa as NO en NO2, tegearre oantsjutten as NOx. NO oksidearret yn 'e loft troch de oanwêzigens fan soerstof, en bytiden oazon, en wurdt dan NO2, dat in brún gas is en net in noflike geur hat en dat stekke kin oan de luchtwegen, noas en kiel[5]. Yn de lânbou wurdt stikstof útstjitten as ammoniak (NH3), dat in kleurleas gas mei in sterke geur is[6]. Ammoniak ûntstiet benammen mei it útriden fan dong op it lân.

Neffens it RIVM binne de grutste boarnen fan stikstof yn Nederlân de lânbou (46%), it bûtenlân (32%), it dykferkear (6%)[7] en it iepenbier ferfier, skipfeart en loftfeart wiene neffens it RIVM ferantwurdlik foar sa'n 1,6%[8]. Fan 1991 ôf is it útstjitten fan stikstof yn Nederlân mei mear as de helte fermindere, dêr't de sterkste reduksje yn de lânbou wie[9]. Ek binne der grutte regionale ferskillen[10]

Dat sakjen fan it útstjitten fan stikstof waard wiermakke troch ûnder oaren troch katalysatoaren foar auto's, maatregels yn de yndustry, en yn de lânbou troch dongynjeksje, dêr't dongjarre yn de boaiem ynjektearre wurdt, en luchtwaskers by bargepleatsen, dy't ammoniak fuort filterje. Ek waard der minder keunstdong brûkt[11].

Yn oktober 2019 makke TNO buorkundich dat Nederlân yn Jeropa fierwei de grutste hoemannichte stikstof de hektare produsearret. Op it twadde plak stiet Belgje en op it tredde plak stiet Dútslân. Nederlân fiert boppedat folle mear stikstof út nei de buorlannen as dat der út it bûtenlân ynkomt[12].

Gefolgen fan stikstofferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

NO2 yn de atmosfear boppe Nederlân en it Ruhrgebiet

Stikstofferbinings binne wichtich foar it waaksen fan in soad planten. Hja wurde ornaris op natuerlike manier troch middel fan boaiembaktearjes, sa as bygelyks de stikstofwoartelknollen, yn de woartels fan planten makke. By in stikstofbrekme waakse in soad planten minder goed en krije se gauris giele blêden. Keunstdong befettet de stikstofferbinings op it grûnwurk fan nitraat of ammoniak, sa as bygelyks ammoaniumnitraat(NH4NO3), ammoaniumdiwetterstoffosfaat (NH4H2PO4) of diammoaniumwetterstoffosfaat ((NH4)2HPO4).

At keunstdong mei grutte hoemannichten brûkt wurd, rekket de boaiem en it grûnwetter sêde mei stikstof, dêr't de planten, dy't it goed dogge op in fiedselearme boaiem, it ferlieze fan planten dy't it goed dogge op in fiedselrike boaiem, lykas brânnettels, gêrzen en toarnbeistrûken[13]. Dat liedt ta it oantaasten fan de biodiversiteit[14].

Tefolle stikstof yn wetterlichems kin oerstallich waaksen fan grienwier feroarsaakje, dat ta in brekme oan soerstof yn it wetter liede kin. Dat proses wurdt eutrofiearring neamd.

Yn guon natuergebieten is de boaiem tige earm oan stikstof. Yn dy geaen, lykas heidelân en dunen waakse de planten dy't ornaris oan lege stikstofgehalten oanpast binne. At it stikstofgehalte yn de boaiem omheech giet, wurde soksoarte planten ferkrongen troch de neamde hurdwaaksende planten. Guon bisten en ynsekten, dy't libje fan de stadichoan waaksende planten, nimme dan yn oantal ôf.

At stikstofoksiden yn de boaiem telâne komme, kin de boaiem fersoere reitsje. Njonken stikstof, feroarsaakje ek oare stoffen soere rein. De stikstofoksiden ferbine inoar mei wetter, sa't salpetersoer (HNO3) ûntstiet. Ien fan de gefolgen fan dat soer is, dat it oanwêzige kalsium (Ca) oplost en útspielt. Ek wurdt troch it soer de soertegraad (pH) leger, mei fan alle gefolgen foar it ekosysteem. Ek kin it grûnwetter fersmoarge reitsje.

Te hege stikstofwearden yn de lucht kinne by minsken ta problemen mei de sûnens liede, benammen foar de longen.

Stikstofmjittings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens it RIVM wie de trochsneed stikstofdeposysje yn Nederlân yn 2018 1730 mol de hektare (mol N/ha). De stikstofdeposysje is sûnt 1990 mei likernôch 36 prosint ôfnaam. Fan 2005 ôf is it sakjen lyk bleaun om't de ammoniakdeposysje net fierder mear ôfnaam en fan 2009 ôf sels wer in bytsje tanaam.

Yn 1990 wie de stikstofdeposysje likernôch 2700 mol N/ha. De stikstofdeposysje sakke op syn leechst ta 1600 mol N/ha, dochs is njonkelytsen wer omheech gien ta it hjoeddeiske nivo fan 1730 mol N/ha. It justjes omheech gean fan de stikstofdeposysjes wurdt taskreaun oan de útwreiding fan it feebeslach nei it opheffen fan it molkkwotum yn 2015.

It útstjitten fan de stikstofoksiden is sûnt 1990 mei 64 prosint ôfnaam, om't der maatregels naam waarden by it ferkear (ynfiering katalysator), yndustry en enerzjysektor. Ek it útstjitten fan ammoniak is sûnt 1990 mei 64 prosint ôfnaam troch ferbettere foergearstalling, it brûken fan emisje-earme stâlen, it ôfdekken fan dongsilo's en dongynjeksje yn it lân[15].

Mjitark[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar it yn kaart bringen fan de stikstofdeposysje yn Nederlân brûkt it RIVM it Operationele Prioritaire Stoffen-model (OPS). It OPS is in rekkenprogramma om it fersprieden fan fersmoargjende stoffen yn 'e loft foar te jaan. Dêrnjonken berekkenet it model hoefolle fan dy stoffen de hektare op de boaiem of gewaaks del komme (deposysje). It model wurdt sûnt 1989 brûkt om de relaasje tusken it útstjitten fan stoffen yn Jeropa oan 'e iene kant en de gehalten of deposysje fan dy stoffen oan de oare kant op de skaal fan Nederlân te bepalen[16]. Sûnt septimber 2019 wurdt it AERIUS-model ek brûkt foar mjittings[17]

Maatregels tsjin te hege stikstofbelêsting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1991 gie de Jeropeeske Nitraatrjochtline fan krêft. Yn 2001 waarden yn de Jeropeeske Uny najonale emisjeplafonds ynfierd. Beide maatregels wiene ornearre foar it oanpakken fan it stikstofprobleem. Neffens Jeropeeske noarmen mei der trochsneed it jier net mear as 40 µg/m3 NO2 yn de bûtenlucht oanwêzich wêze, ornearre foar de sûnens fan de minsken.

Op grûn fan de nitraatrjochtline jilde der maksimale wearden foar it bedongjen fan lânbougrûn. Yn 2019 wie dat maksimum 170 kilo stikstof de hektare[18]. Der binne lykwols al in stikmannich útsûnderings makke, dêr't de boer nei oanfraach gebrûk fan meitsje kin:

  • Stikstofdifferinsjaasje: foar it waaksen fan guon gewaaksen op klaaigûn, lykas sûkerbiten en frytjirpels, dêr't mear opbringst út helle wurde kin, mei ôfhinklik fan it gewaaks 15, 20 of 30 kilo de hektare mear brûkt wurde[19].
  • Stikstofophelpbedongjen: nei in grutte hoemannichte reinfal mei 25 prosint mear keunstdong op boulân brûkt wurde. Dêr steane al guon betingsten foar oer[20].
  • Ekwifalinte maatregels: lânbouwers dy't yn de ôfrûne 3 jier hegere opbringsten of rigebedongjen by maïs tapasten op sân- en lössgrûn, meie mei guon betingsten ekstra stikstof brûke[21].
  • Derogaasje: Yn 2018 en 2019 kin mei betingsten oant 230 of 250 kilo stikstof brûkt wurde op lânbougrûn. Dy derogaasje jildt foar Nederlân en in pear oare lannen en is tasein troch de Jeropeeske Kommisje[22].

Yn natuergebieten moat de stikstofdeposysje werombrocht wurde ta de saneamde "krityske deposysjewearde" (KDW). Dy KDW ferskilt de type natuer. De trochsneed stikstofdeposysje yn Nederlânske natuergebieten is om 1500 mol N de hectare hinne, itjinge oerienkomt mei sa'n 21 kg N. De KDW's binne sa'n 5-25 kg N. De leechste wearden, 5-10 kg N jilde foar petten en dúngebieten[23].

Stikstofkrisis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oanrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tanimmen fan de stikstofbelêsting kaam troch it tanimmen fan it ferkear en de yndustry en troch de skaalfergrutting en it yntensivearjen fan de feehâlderij, dat ta in dongoerskot late, oan de iene kant, en it tekoart kommen fan de Nederlânske oerheid en kom mei maatregels en kring dy belêsting werom, oan de oare kant.

Yn 2003 waard Natura 2000 yn gâns de Jeropeeske Uny fan krêft. Natura 2000-gebieten waarden oanwiisd om kearngebieten te beskermjen foar in ûndergroep fan soarten habitattypen dy't opnaam binne yn de habitatrjochtline en de fûgelrjochtline. De Natura 2000-gebieten beslaan sa'n 18% fan it Jeropeeske lângebiet en 6% fan it wetter. Yn Nederlân waarden sa'n goed 160 gebieten oanwiisd[24][25].

Doe't miljeugroepen juridyske stappen tsjin de oerheid oanspanden, ûntstie de stikstofkrisis. Neffens harren waarden fergunnings te fluch jûn. Hja wisten lykwols gauris oerwinnings te heljen.

Programma Oanpak Stikstof[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Nederlânske oerheid kaam mei in plan as oplossing foar it ferliezen fan prosedueres mei it Programma Oanpak Stikstof (PAS). Dat wie in amindemint út 2009 op de Krisis- en Ophelpwet, oansetten troch Twadde Keamerleden Diederik Samson en Ger Koopmans[26]. It PAS waard, nei in lange tiid fan tarieden, yn wurking steld op 1 july 2015, hoewol't der ûnder oaren troch SGP-Keamerlid Elbert Dijkgraaf en de Ofdieling Advisearring fan de Rie fan Steat op juridyske swakkens wiisde. Utsein GrienLinks en de Partij foar de Dieren, stimden alle partijen foar it PAS[27].

De wetjouwing neffens it PAS waard rjochte op de omkriten fan Natura 2000-gebieten. 118 fan de goed 160 gebieten waarden oanmurken as "stikstofgefoelich". Dêrûnder is ûnder oaren guon heidelân. At der yn de omkriten fan de Natura 2000-gebieten nije ekonomyske plannen makke waarden, mocht dat op grûn fan de earder jildende wetjouwing allinnich as it ekstra útstjitten fan stikstof kompensearre wurdt. It PAS befettet grinswearden dêr't gjin fergunning nedich foar is. Ek hat it PAS in "deposysjeromte", romte foar nije ûntjouwings dy't mooglik wurde om't it PAS ferbettermaatregels befettet. Troch dy op papier beskreaune ferbettermaatregels komt dy romte frij en ûntjou nije plannen[28].

Stikstofrjochtsaak[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wim van Opbergen fan Werkgroep Behoud de Peel yn 'e mande mei Johan Vollenbroek fan Mobilisation for the Environment en Vereniging Leefmilieu besleaten mei in proses tsjin it PAS útein te setten, dêr't feskate rjochtsittings ta gefolch fan wiene[29]. Yn 2019 rûnen der 450 rjochtsaken. De Rie fan Steat wist ynearsten net hoe't it mei de regeljouwing fan it PAS om gean moast, en frege advys oan it Jeropeeske Hôf fan Justysje. Dy oardiele yn novimber 2018 dat it PAS as systeem al mooglik is, dochs it ferminderjen fan de stikstofdelslach op natuergebieten en it ophelpen fan de natuer garandearre wurdt.

By in oare rjochtsaak oardiele de Rie fan Steat dat dy garânsje der net wie. In heal jier letter joech de Rie fan Steat by in oare útspraak de miljeu-organisaasjes gelyk. It útgongspunt fan dy útspraken wie, dat it PAS net it grûnwurk wêze koe by it jaan fan fergunnings oan plannen dy't ekstra stikstofdelslach feroarsaakje. Dêrmei waard it foarútrinnen op it ferminderjen fan stikstofdelslach yn de takomst op grûn fan it PAS net tastien. De Jeropeeske wetjouwing op dat mêd wol dat der ynearsten wissichheid bestiet dat de plande maatregels geunstige gefolgen hawwe. Dat moast ek foar weidzjen en bedongjen jilde, dy't tenei as part fan it oanfreegjen fan de fergunning fan it útwreidzjen fan de feehâlderij meinaam wurde[30].

Gefolgen fan de útspraak Rie fan Steat oer PAS[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens minister Carola Schouten fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit moast der nei de útspraak fan de Rie fan Steat "ta in fundamintele werberie op hoe't wy mei de krappe stikstofromte yn ús lân om gean wolle, hoe't wy de besteande stikstofdeposysje goed weromkringe en hoe't wy yn dat ferbân natuer wage ferlike mei oare maatskiplike en ekonomyske funksjes"

De problemen mei it brûken fan it PAS by it jaan fan fergunnings late ta dat der 18.000 projekten platlein waarden, en dat der by elts projekt nei sjoen wurde moast hoe't it útstjitten fan stikstof beheind wurde koe. Al dy projekten hiene in ferkearde fergunning krigen. Guon fergunnings dy't earder jûn wiene, koene troch gean.

De foarsitter fan MKB-Nederlân, Jacco Vonhof, hie noed dat Nederlân troch it stikstofprobleem ta in nasjonale, ekonomyske krisis sette soe[31].

Gefolgen fan de stikstofkrisis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de Rie fan Steat syn útspraak oer it PAS die, wiene der likernôch 180 saken by de Ofdieling Bestjoersrjochtspraak yn behanneling, foar it grutste part oer feehâlderijen, mar ek saken mei plannen foar bedriuweterreinen, wentebou en nije diken[32]. Likernôch 18.000 projekten soene dêrtroch net troch gean kinne, dêrfan't 127 fan de Ryksoerheid wiene[33]. Ek soene der 40% minder wenten komme as dat de 75.000 dy't pland wiene[34].

Troch de krisis soene der wol 27.000 banen faai stean te kommen, dochs net allinnich yn de bou, mar ek by ynzjenieursburo's, ûnderoannimmers, binnenfeartskippers en dykferfierbedriuwen dy't bou-ark en -reauwen oanfiere. Boppedat waarden der strangere noarmen oplein foar PFAS. Dat hie it gefolg dat grûn mei in hegere gehalte fan 0,1 mikrogram de kilo drûge grûn net mear ferpleatst en ôfgroeven wurde mei. Bouprojekten waarden dêrtroch platlein of koe net mei úteinset wurde.

Projekten sa as bygelyks de útwreiding fan Fleanfjild Lelystêd en de Grand Prix Zandvoort kamen plat te lizzen. Ek Lofthaven Skiphol hat gjin fergunning.

De oerheidsprojekten dy't yn Fryslân plat kamen te lizzen wiene:[35]

Oplossings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferminderjen emisjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Minister Schouten fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit hat yn july 2019 nei de útspraak fan de Rie fan Steat it advyskolleezje Stikstofproblematyk gearstald, mei Johan Remkes as foarsitter[36], en sykje in oplossing. Op 25 septimber 2019 kaam er mei it earste advys, mei as titel: Niet alles kan (net alles kin). De wichtichste parten wiene[37]:

  • it opkeapjen fan feebedriuwen dy't in soad ammoniak útstjitte yn de omkriten fan gefoelige natuer;
  • it ferleegjen fan de maksimumfaasje yn de omkriten fan natuergebieten;
  • it ophelpen fan besteande skea oan gefoelige natuergebieten moat flugger dien wurde;
  • skielk moat ek iepenbier ferfier, frachtferfier, loftfeart en skipfeart harren útstjitten beheine.

Neffens Remkes wie it oanpakken op grûn fan de PAS "yn striid mei de wet" en wiene needmaatregels nedich. Boppedat murk er op dat yn Nederlân "net alles kin". Yn oktober 2019 joech de koälysje oan dat it útkeapjen fan feebedriuwen op grûn fan frijwilligens barre moatte soe[38]. Op grûn fan dat advys waard de maksimumfaasje op gongwegen om de Feluwe hinne ferlege fan 130 km de oere ta 120 km de oere[39].

Loftfeart[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It twadde advys soe gean moatte oer it struktureel oanpakken fan it stikstofprobleem. It advyskolleezje brocht op 15 jannewaris 2020 earder advys út oer de loftfeartsektor[40]. De reden dêrfan wie dat der yn de públike opiny sterk útrinnende bylden bestean oer it bijdragen fan de loftfeartsektor oan it stikstofprobleem. Yn it twadde advys stelde Johan Remkes dat de loftfeartsektor it útstjitten fan stikstof beheine moat at it fierder groeie wol[41]. De militâre loftfeart waard lykwols yn it advys net meirekkene.

Saldearje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn oktober 2019 hat de koälysje oerlein oer in oplossing yn de foarm fan "yntern en ekstern saldearjen". By it bouwen fan wenten soe der tydlik mear stikstof útstjitten wurde as dat der foar kompensearre wurde soe. "Yntern saldearjen" is mooglik yn in tastân dêr't it projekt sels net liede kin ta it tanimmen fan stikstofdeposysje ferlike mei in eardere tastimming. By "ekstern saldearjen" wurdt in besteande tastimming foar stikstofemisje op in oare lokaasje as it projekt foar in part of alhiel ynlutsen foar it oanfrege projekt[42]. Dêrby wurdt tocht oan it ferminderjen fan it útstjitten fan stikstof fan feehâlderijen dy't tichteby lizze. Romte yn de fergunning, dy't troch de feehâlder net brûkt wurdt, kin dêrtroch skrast wurde[43]. De provinsje Utert hat bygelyks besletten om by ekstern saldearjen de romte dy't net brûkt wurdt út de fergunning wei te heljen en tagelyk mei de stikstoffergunning mei in ekstra persintaazje ôf te dreagjen mei sa'n 30 prosint. Dêrmei woe de provinsje soargje dat it útstjitten sakket. De provinsjes binne oer it algemien de ynstânsjes dy't de fergunnings jouwe en hawwe dy mooglikheid fêststeld yn harren beliedsregels.

Minder natuergebieten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens Rudy Rabbinge, heechlearaar oan de WUR en lid fan de kommisje fan Remkes, soe der ek sjoen wurde moatte as der ek net minder natuergebieten wêze kinne. Neffens him is it tal stikstofgefoelige natuergebieten tige lyts[44]. It kabinet en minister Carola Schouten fûnen it ferminderjen fan Natura 2000-gebieten lykwols gjin opsje. Dochs letter woe it kabinet der al oer neitinke[45]. Ald lânbouminister Cees Veerman stelde dat de lânbou ferlet hat oan in oare ferzje fan it Deltaplan. Hy sei, as Nederlân in liedend agrarysk lân bliuwe wol, dat der oan tocht wurde moatte soe en meitsje bepaalde regio's dêr't de klam op lânbou, rjochte op produksje, leit, wylst yn oare regio's de klam op bygelyks mear lânskip of natuer leit[46]. In soarte fan ruilferkaveling.

Needmaatregels fan it kabinet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 12 novimber 2019 makke minister-presidint Rutte needmaatregels buorkundich, dy't it kabinet nimme sil om yn elts gefal it stilstean fan de bousektor by it bouwen fan wenten en by ynfrastruktuerprojekten op te heffen[47]:

  • It ferleegjen fan de maksimumfaasje op rykswegen oerdeis oant 100 kilometer yn de oere, fan 6.00 oere oant 19.00 oere. Jûns en nachts bliuwe de âlde maksimumfaasjes bestean.
  • In needwet foar grutte projekten op it mêd fan kustbeskerming, wetter- en wegenfeiligens, dêr't tagelyk maatregels naam wurde, dy't de natuer fuortsterkje. Dêrfoar sil in bedrach fan 250 miljoen euro frijmakke wurde.
  • It oanpassen fan feefoer, sa't der minder ammoniak frijkomt út urine en dong. Ien fan de oplossings is it ferminderjen fan de hoemannichte aaiwyt yn it foer.
  • It sanearjen yn de bargehâlderij, dêr't it makliker makke wurdt foar boeren te stopjen mei harren bedriuw. Dêr wie al earder 180 miljoen euro foar útlutsen, fanwegen de Urgenda-útspraak oer it klimaat.
  • Undersyk ta de mooglikheid en skras in tal Natura 2000-gebieten, lykas ek minder beskerme plante- en diersoarten yn in gebiet oan te wizen. Dêroer sil it kabinet oerlizze mei de Jeropeeske Kommisje.

Ut berekkenings fan it RIVM blykt dat dy maatregels al gau ta it sakjen fan de stikstofdeposysje liede[48]. It doel by dy en folgjende maatregels is dat 30% fan it ferminderjende stikstofdelslach de natuer helpt en 70% nei nije ûntwikkelings.

Argewaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boereprotesten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Boereprotest yn Nederlân (2019).

De útspraak fan de Rie fan Steat smiet in soad argewaasje op benammen yn de bousektor. Nei't de kommisje-Remkes syn earste advys jûn hat stelde Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot foar it totaal feebeslach mei de helte te ferminderjen[49] om it útstjitten fan stikstof te ferminderjen en bou wer mooglik te meitsjen. Doe wiene de rapen gear. Dy útspraak late streekrjocht ta de boereprotesten yn it neijier fan 2019. De protesten, dy't organisearre waarden troch Farmers Defence Force en Agractie, begûnen op 1 oktober op it Malieveld yn De Haach en laten ta grut ferkearsoerlêst. Nei lokale demonstraasjes by provinsjehûzen lutsen de provinsjes Fryslân, Drinte, Oerisel en Gelderlân de nije maatregels wer yn. Nettsjinsteande swiere protesten woene de provinsjes Grinslân en Noard-Brabân net om lyk.

Bouprotesten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 30 oktober 2019 wie der in protestaksje fan Nederlânske bou- en ynfra-ûndernimmers, baggerers en túnkers. De bou frege omtinken foar harren problemen oangeande de stikstofkrisis en it belied en de oanskerpe PFAS-noarm. De protestaksje waard organisearre troch Grond in Verzet.

Krityk op it belied[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Benammen út de lânbou wie der krityk op it belied fan de Nederlânske oerheid oangeande de lânbou. Men fynt dat de lânbou oansjoen wurdt as de grutte fersmoargers en oare grutte fersmoargers frij gean lit, wylst de lânbou de ammoniakemisje mei 65% fermindere hat[50].

Ek wurdt sjoen nei de feiten dat[51]:

  • Yn 1980 wiene der 4.2 miljoen auto's. Yn 2019 8.3 miljoen.
  • Yn 1980 wiene der 171.000 fleanbewegingen. Yn 2019 500.000.
  • Yn 1980 wiene der 2.4 miljoen kij yn Nederlân. Yn 2019 1.6 miljoen.
  • Yn 1980 wie der 2.020 miljoen bunder agraryske grûn. Yn 2019 1.76 miljoen.
  • Yn 1980 wennen der 14 miljoen minsken yn Nederlân. Yn 2019 goed 17 miljoen.
  • Yn 1990 wie der 435.000 bunder natuergebiet. Yn 2016 620.000 bunder.

Der wurdt ek tocht dat de berekkenings en it mjitark fan de RIVM net doocht. Neffens de lânbou binne de berekkenings skeef[52]. In soad yndustriële bedriuwen soene gjin fergunning hawwe en dan wurdt harren útstjit ek net metten. Sa soe de lânbou in heger persintaazje fan it útstjitten oanrekkene wurde. Jan Cees Vogelaar, foarsitter fan Stifting Mesdag Zuivelfonds hat de RIVM frege syn rekkenmetoades sjen te litten. De RIVM hat dat wegere en hold fol dat syn rekkenmetoaden goed wiene. Nei in koart pleit, dy't Mesdag Zuivelfonds en Stifting Stikstofclaim oanspand hiene, waard op 13 desimber 2019 bepaald dat de RIVM harren data frijjaan moast[53]. Ek wie Mesdag Zuivelfonds yn 'e mande mei de Universiteit fan Amsterdam foar it ûntwikkeljen fan nije metoaden, dêr't dan belied op makke wurde kin[54].

Maatregels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Juny 2020[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 24 april 2020, doe't de koronapandemy yn folle gong wie, makke minister Schouten fan Lânbou it plan buorkundich foar definitive maatregels. It kabinet soe 5 miljard euro útlûke foar de maatregels. 300 miljoen it jier dêrfan soe ornearre wurde oan it ophelpen en fersterkjen fan de natoer, 200 miljoen it jier oan boarnemaatregels om it útstjitten fan bedriuwen te ferminderjen. Dêrmei soe de stikstofdelslach yn 2030 yn de helte fan de Natura 2000-gebieten ûnder de krityske deposysjewearde komme te lizzen. Sa soe der wer romte ûntstean foar it bouwen fan wenten en it oanlizzen fan diken.[55]

Neffens it adfyskolleezje Stikstofproblematyk is dy oanpak net genôch. It útstjitten soe mei dy oanpak mar fermindere wurde mei 26%, wylst it 50% wêze moatten hie. Ek fûn it kolleezje dat de oanpak oerienkomsten mei it PAS, it âlde systeem dat fuortsmiten waard, sjen liet. Om de reduksje te berikken, moast de lânbou ynkrimpe, dêr't it útkeapjen fan feehâlderijen op frijwillige basis dy't troch Schouten foarsteld waard net genôch by wêze soe. It kolleezje die de fogjende oanrekommandaasje:[56]

  • Foar de lânbou:
    • Der moat in mineralebalâns ynfierd wurde; it yn balâns bringe fan de in- en output fan safolle mooglik stoffen, dus net allinnich foar stikstof
    • It dongbelied moat modernisearre wurde en yn de nije dongwetjouwing fêststeld wurde.
    • It ferpleatsen fan boerepleatsen om natoergebieten hinne.
    • In goed monitoaringsysteem
  • Foar it dykferfier binne der gjin oanfoljende maatregels nedich, om't der al in emissyreduksje fan 52% wiermakke wurdt, op grûnwurk fan Jertopeeske wetjouwing foar de reauwen sels en om't de faasje op autodiken yn Nederlân al oant 100 km/o ferlege wie.
  • Foar de binnenfeart katalysatoaren ynfiere.
  • Maatregels foar de seefeart binne nedich fanwegen it grutte belang yn de sektor ferkear. Om't ynternasjonale regeljouwing fia de International Maritime Organization giet, kin soks út Nederlân wei net regele wurde. Nederlân soe op ynternasjonaal mêd pleitsje moatte foar it oanpakken fan stikstof.
  • De yndustry moat de NOx-emisjes oant 2030 oanfoljend op it besteand belied ferminderje. In ynfolling foar eltse sktor moat noch makke wurde.
  • Foar de bousektor moat juridysk fêststelld wurde dat emisjes fan bouprojekten op syn meast yn tsien jier tiid mei 80% werombrocht wurde moatte soe. By it oannimmen fan projekten moat in sa leech mooglike emisje in trochslachjouwende rôl spyljen gean.

De stikstofwet waard, as in wiziging fan de Wet natoerbeskerming en fan de Omjouwingswet, op 17 desimber 2020 oannommen troch de Twadde Keamer en op 9 maart 2021 troch de Earste Keamer.[57] De wet is dêrfoar ornearre om it útstjitten fan stikstof en de delslach dêrfan yn 2030 sa leech is dat de helte fan de Natura 2000-gebieten ûnder de krityske deposysjewearde komt.[58] Yn 2035 soe dat jilde moatte foar 74% fan dy gebieten.[59]

Effekt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In platfoarm foar ûndersykssjoernalistyk Investico ûndersocht yn 'e mande mei EenVandaag en De Onderzoeksredactie Brabant de maatregels fan Schouten en rekkene de effekten dêrfan út. Begjin juny 2021 waarden de resultaten publisearre. De konklúzje wie dat de maatregels mooglik ta mear útstjit fan stikstof laten. De oarsaak dêrfan leit yn de fergunningsromte fan besteande bedriuwen.

De komiskje-Remkes kaam der efter fat fergunnings foar bedriuwen net útgean fan de wiere útstjit mar fan in mooglike útstjit ea. Yn guon gefallen kin de fergunnningsromte heger lizze as de werkilike útstjit. De totale fergunningsromte fan alle feehâlderijen me-inoar leit in tredde boppe de werklike útstjit en foar de yndustry 60% boppe de werklike útstjit. De kommisje-Remkes hie graach hawwe wollen dat it ferhanneljen fan dy oant doe net brûkte fergunningsromte te beheinen. De provinsjes namen dy oanrekommandaasje oan en stelden regels dêrfoar op.

Maaie 2021[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maaie 2021 presintearren Bouwend Nederlân, LTO Nederlân, Natuermonuminten, Natuer & Miljeu, VNO-NCW en MKB Nederlân mei-inoar in plan dat der ta liede soe ta in fermindering fan 40% yn 2030 as it Ryk op syn minst 1,7 miljard euro it jier ynvestearret.[60] Yn july 2021 oppenearre it CDA, dy't fanâlds in "boerepartij" wie, yn in nije lânboufyzje foar it earst dat it ynkrimpen fan it feebeslach nedich wie om yn 2030 it útstjitten fan stikstof mei de helte te ferminderjen. Dêrby waard net oer in ynkrimpingspersintaazje sprutsen en der waard ek op oantrúnd dat boeren net twongen wurde mochten te stopjen, dochs wol dat der jild útjûn wurde moast en keapje boeren út dy't dat woene. Ek moasten oerbliuwende boeren oanset wurde om noch mear freonliker foar de natuer te operearjen.[61]

Juny 2022[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaart mei de rjochtingjouwende emisjereduksjedoelstellings it gebiet, juny 2022

Op 10 jannewaris 2022 wie it nije kabinet-Rutte IV oansteld en wie der in nije minister fan Natoer en Stikstof, Christianne van der Wal (VVD). Hja presintearre yn juny 2022 de doelstellings de regio, dêr't krekt oanjûn yn stie mei hoefolle prosint de útstjit fan stikstof fermindere wurde moast. De doelstellings yn it saneamde "Nasjonaal Plan Lanlik Gebiet" wiene benammen oprnearre foar de feehâlderij. De grutste reduksjes binne nedich (75-90%) yn de Gelderske Fallei, it Griene Hert, de Peel en op it sângrûn yn East- en Súd-Nederlân. Yn Fryslân binne dy gebieten by de marren, de Alde Feanen, de Fochteler Heide en it Drintsk-Fryske Wâld. Yn buffersônes fan 1 kilometer om Natura 2000-gebieten soe it útstjitten fan stikstf mei 70% fermindere wurde moatte.[62] Yn gean mei klaaigrûn binne net sokke grutte ferminderings nedich, dochs moatte ek mei 12% ferminderje. Dy plannen fan it kabinet waarden lykwols nei de provinsjes ta skood, dy't in jier de tiid hawwe om dy plannen wier te meitsjen. Deputearre Klaas Fokkinga, dy't lânbou yn syn portefúlje hat, hat oanjûn dat de provinsje Fryslân gjin boeren twinge sil te ûnteigenjen.[63]

Nei de presintaasje fan de plannen troch it kabinet ûntstie der in soad ûngerêstens by de boeren. In hiel soad boeren binne harren takomst net wis, benammen dy tichteby natoergebieten.[64] Ek brutsen der fannijs boereprotesten út. Yn Ljouwert waard der op 15 juny[65] en op 28 juny[66] foar it provinsjehûs yn Ljouwert. Ek waarden der blokkaden holden op de A7. Fierder yn Nederlân wiene der ek aksjes, sa as yn grutte byienkomste yn it Gelderske Stroe en sels by it hûs fan minister Van der Wal waard aksjefierd.[67]

Ut ûndersyk bliek dat likernôch 45% fan de Nederlânske befolking de boeren stipet yn harren protest tsjin de plannen. 25% is neutraal en 26% is it net iens mei de boeren.[68]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Parten fan dizze side binne oernommen fan in eardere ferzje fan de Nederlânsktalige wikiside. Sjoch foar de boarnen en bewurkingsskiednis op dizze side.


  1. Stikstofcrisis raakt veel meer bedrijven, onze frustratie is enorm NOS
  2. Bouwcrisis op de loer door stikstof Telegraaf
  3. Rie fan Steat: PAS útspraak
  4. Waarom liggen bouwprojecten stil en 13 andere vragen over stikstof AD
  5. http://www.gezondheidenmilieu.be/nl/subthemas/stikstofoxiden-478.html oproppen 29/10/2019
  6. RIVM: Stikstof en ammoniak oproppen 29/10/2019
  7. https://www.rivm.nl/stikstof
  8. Stikstofadvies: veehouderij saneren en snelheid bij natuurgebieden omlaag NRC
  9. https://www.rivm.nl/stikstof
  10. CLO: Stikstofdeposysje
  11. Waarom liggen bouwprojecten stil en 13 andere vragen over stikstof AD
  12. TNO: Nederland relatief grootste producent stikstof van Europa NOS
  13. Natuermonuminten: Stânpunt stikstof
  14. Ryksoerheid: Programma Oanpak Stikstof: Eftergrûn en ynhâld
  15. https://www.clo.nl/indicatoren/nl0189-stikstofdepositie?ond=20885
  16. RIVM: Berekkenjen en modellen
  17. Stikstofclaim eist opheldering van RIVM Boerenbusiness
  18. RVO: gebrûksnoarmen dierlike dong
  19. RVO: stikstofdifferinsjaasje
  20. RVO: stikstofophelpbedongjen
  21. RVO: ekwifalinte maatregels
  22. RVO: derogaasje
  23. WUR: Dossier: stikstof
  24. Ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit: Natura 2000
  25. Jeropeeske Kommisje: Natura 2000
  26. Ynterview PAS-arsjitekt Ger Koopmans: Der moat wol jild fertsjinne wurde Cobouw
  27. De stikstofcrisis: hoe heeft de politiek het zo ver laten komen NOS
  28. Stikstofcrisis: wat is er eigenlijk aan de hand RWV
  29. Het PAS was niet meer dan een vergunningenmachine Boerderij
  30. Twadde Keamer: Neiere reaksje oer útspraak Rie fan Steat oar it PAS oproppen 3/10/2019
  31. https://fd.nl/economie-politiek/1318802/rutte-pak-regie-in-stikstofcrisis
  32. vimeo: Rie fan Steat oer PAS oproppen 1/10/2019
  33. Rijksprojecten getroffen door stikstofcrisis Nieuwsblad Transport oproppen 20/10/2019
  34. Kabinet: yn 't jier 40 prosint minder wentebou troch stikstofkrisis oproppen 8/11/2019
  35. Stikstofkrisis treft ek Fryslân: fjouwer oerheidsprojekten yn gefaar Omrop Fryslân
  36. Remkes foarsitter Advyskolleezje Stikstofproblematyk Ryksoerheid
  37. Stikstof advies: veehouderij saneren en snelheid bij natuurgebieden omlaag NRC Handelsblad
  38. Coalitie: oplossing nabij voor vertraagde bouwprojecten door stikstofcrisis NOS.nl oproppen 15-10-2019
  39. Wat lost een verlaging van de maximumsnelheid op in de stikstofcrisis NU.nl
  40. Ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit: Advys loftfeartsektor Ryksoerheid
  41. Remkes: luchtvaart mag alleen groeien als uitstoot stikstof daalt NOS.nl
  42. Provinsje Utert: Besluit van Gedeputeerde Staten van Utrecht van 7 oktober 2019, nr. 81FB7F0A, tot vaststelling van de Beleidsregels intern en extern salderen. artikel 4:81, eerste lid, van de Algemene wet bestuursrecht]|[1.0:c:BWBR0005537&artikel=4%3A81&lid=1&g=2019-10-01. oproppen 26-10-2019
  43. Stikstofbeleid: salderen en saneren maar geen extra geld Boerderij.nl oproppen 15-10-2019
  44. Hoogleraar over stikstofcrisis: zet mes in 160 beschermde natuurgebieden AD
  45. Herzien natura2000 leidt tot onenigheid in kamer Boerenbusiness 14-11-2019
  46. Oud-minister Veerman: landbouw heeft behoefte aan deltaplan Reformatorisch Dagblad 14-12-2019
  47. Kabinet nimt maatregels foar natuer, bou en ynfrastruktuer Ryksoerheid
  48. Maatregelenpakket voor de stikstofproblematiek in de woningbouw- en infrastructuursector en voor de PFAS problematiek Ryksoerheid
  49. D66 wil veestapel halveren drastische afname stikstofuitstoot Algemeen Dagblad
  50. LTO-Noord: In soad ûndúdlikheden yn rapport-Remkes Omrop Fryslân
  51. Kollum: ferstikkend stof Omrop Fryslân
  52. Gisteren verschenen rapport: boeren de klos door scheve berekening stikstof Ongehoord Nederland 10-02-2020
  53. Dataset stikstofemissie van RIVM is niet volledig Boerenbusiness 13-12-2019
  54. Stikstofplan is hetzelfde gedrocht als fosfaatwet Boerenbusiness 13-12-2019
  55. Kabinet hakt knoop door NOS oproppen op 8 juny 2020
  56. College kraakt kabinetsplannen NOS oproppen op 8 juny 2020
  57. Wetsfoarstel stikstofreduksje Earste Keamer oproppen 8 juny 2021
  58. Stikstofaanpak sterkere natuur perspectief voor ondernemers Ryksoerheid 9 maart 2021 oproppen 8 juny 2021
  59. Oook Eerste Kamer achter plannen Schouten NOS oproppen op 8 juny 2021
  60. Versnellingsakkoord stikstofemissiereductie Natuer & Miljeu
  61. CDA wil status quo doorbreken NRC Handelsblad oproppen 9 july 2021
  62. Stikstofcrisis leidt tot ingrijpende verbouwing platteland FD oproppen op 13 juny 2022
  63. Deputearre Fokkinga: we sille yn elts gefal gjin boeren ûnteigenje Omrop Fryslân 10 juny 2022
  64. Boeren súdeast-Fryslân yn spanning oer stikstofmaatregels Omrop Fryslân 9 juny 2022
  65. Groep boeren fiert oerenlang aksje mei trekkers foar it Provinsjehûs yn Ljouwert Omrop Fryslân 15 juny 2022
  66. Boeren protestearje by Provinsjehûs: "De takomst is fuort sa kin it net mear" Omrop Fryslân 28 juny 2022
  67. Protesterende boeren voor de deur bij minister Van der Wal NOS oproppen op 13 juny 2022
  68. Zorgen over stikstof maar ook begrio voor boer ioresearch.nl