Springe nei ynhâld

Stikelmûsgoffers

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stikelmûsgoffer)
stikelmûsgoffers
In salvinstikelmûsgoffer (Heteromys salvini).
In salvinstikelmûsgoffer (Heteromys salvini).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift:bevers en goffers
   (Castorimorpha)
tuskenskift:goffereftigen (Geomorpha)
boppefamylje:goffers en mûsgoffers
   (Geomyoidea)
famylje:mûsgoffers (Heteromyidae)
ûnderfamylje:echte mûsgoffers
   (Heteromyinae)
skaai:stikelmûsgoffers (Heteromys)
Desmarest, 1817

De stikelmûsgoffers (wittenskiplike namme: Heteromys) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e bevers en goffers (Castorimorpha), it tuskenskift fan 'e goffereftigen (Geomorpha), de boppefamylje fan 'e goffers en mûsgoffers (Geomyoidea), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte mûsgoffers (Heteromyinae).

De stikelmûsgoffers foarmje it iennichste libbene skaai fan 'e ûnderfamylje fan 'e echte mûsgoffers (Heteromyinae), dêr't fierders ek de fossile skaaien fan 'e twabergemûzen (Diprionomys) en de Seviermûzen (Metaliomys) ta rekkene wurde. It skaai fan 'e stikelmûsgoffers is yn 2007 útwreide mei alle soarten út it eardere skaai Liomys, nei't by nij DNA-ûndersyk bleken wie dat dat skaai parafyletysk (en dus ûnjildich) wie.

Ta de stikelmûsgoffers hearre 16 ûnderskate soarten, dy't foarkomme fan Teksas, yn it suden fan Noard-Amearika, oant yn Ekwador, yn it noarden fan Súd-Amearika. De oarsprong fan 'e ûnderfamylje leit lykwols yn Noard-Amearika. Stikelmûsgoffers arrivearren noch mar relatyf resint yn Súd-Amearika, as ûnderdiel fan 'e Grutte Amerikaanske Utwikseling doe't der (yn 'e foarm fan 'e Lâningte fan Panama) in lânbrêge tusken de beide kontininten ûntstie.

Karakteristike skaaimerken foar stikelmûsgoffers binne in sêfte pels mei lytse stikels dertrochhinne en in lange sturt. Se libje foar it meastepart yn wâlden, wylst guon soarten ek foarkomme yn savanne- en/of steppe-eftige biotopen. It dieet fan 'e bistkes bestiet fierhinne út sieden, hoewol't faak ek oar plantaardich guod en lyts wringeleas dierte fretten wurdt. De siedsjes bewarje se yn 'e eksterne wangpûden oan 'e bûtenkant fan 'e kop oant se weromgeane nei har hoale.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.