Springe nei ynhâld

Stikel (anatomy)

Ut Wikipedy
In reade koraalduvel (Pterois antennata) mei giftige stikels.

In stikel is yn 'e soölogy in hurd, faak skerppuntich en op in nulle lykjend diel fan 'e anatomy. Soks komt foar by sawol beskate wringedieren as by guon wringeleazen. It doel fan stikels is ornaris ferdigening tsjin rôfdieren. Skerpe stikels kinne de hûd trochboarje en pine feroarsaakje. As se wjerheakjes hawwe, lykas by guon sûchdieren, binne se dreech te ferwiderjen en moatte se by wylde bisten troch in tige pynlike ûntstekking út it lichem fan it slachtoffer wei swolle. As stikels giftich binne, lykas by guon fisken en rûpen, kin in inkele stek soms al deadlike gefolgen hawwe.

By sûchdieren binne stikels eins oanpaste hierren, mei in sêft binnenste dat omjûn is troch tsjûke, hurde laach keratine (deselde stof dêr't ek neilen en klauwen fan makke binne). Stikels dy't by sûchdieren foarkomme, hawwe in skerpe punt, soms tarist mei wjerheakjes.

Foarbylden fan sûchdieren dy't stikels hawwe, binne: stikelbargen (Erinaceinae), kjifstikelbargen (Hystricomorpha), stikelmûzen (Acomys), stikelmûsgoffers (Heteromys), ycheltenreks (Tenrecinae), stikelbûdeldassen (Echymipera) en eamelychels (Tachyglossidae). Dy bisten hearre ta hiel ferskillende skiften, te witten: de ynsekte-iters (Eulipotyphla), de kjifdieren (Rodentia), de tenreks en goudmollen (Afrosoricida), de bûdeldieren (Marsupialia) en de snaffeldieren (Monotremata). Dat bewiist dat dit gjin inkele ûntjouwing is dy't oan guon neiteamsoarten trochjûn is, mar dat hjir ynstee sprake is fan ferskate gefallen fan parallelle evolúsje.

In synapside út 'e fiere prehistoarje, Dimetrodon, hie ekstreem lange stikels op 'e wringe dy't oaninoar fêstsieten mei in flues fan hûd, sadat der in seil-eftige struktuer ûntstie.

Guon soarten sûchdieren, wêrûnder beskate kateftigen (Felidae) en fossa's (Cryptoprocta) hawwe ek penisstikels.

In oerzon (Erethizon dorsatum), de iennichste kjifstikelbaarch dy't yn Noard-Amearika foarkomt.

Stikels sitte yn 'e finnen fan 'e measte bienfiskeftigen, yn 't bysûnder foar wat de strielfinnigen (Actinopterygi) oangiet, dy't fierwei de grutste groep fan 'e bienfiskeftigen foarmje. Strielfinnigen hawwe optearbere, waaiereftige finnen, dy't besteane út bonkige stikels omjûn troch in tinne hûd. By de kwastfinnigen (Sarcopterygi), de oare, folle lytsere, subgroep fan 'e bienfiskeftigen, binne de stikels fan 'e finnen, as se dy al hawwe, folle koarter. By harren besteane finnen ynstee (benammentlik) út in troch spieren bestjoerde 'kwast' mei in ynterne bonkestruktuer.

Guon fisken, lykas de skorpioenfisken (Scorpaena) en de koraalduvels (Pterois), hawwe lange, tige prominint oanwêzige stikels mei giftige úteinen, dy't bedoeld binne foar ferdigening tsjin rôfdieren. Datselde jildt foar de (inkele) stikel oan 'e sturt fan pylroggen, dat hielendal gjin bienfiskeftigen binne, mar kreakbienfisken.

Stikels dy't as doel hawwe om 'e eigner te ferdigenjen tsjin rôfdieren komme ek foar by guon wringeleazen, lykas seekladden (Echinoidea). Ek sitte se oan 'e skulpen fan in stikmannich ferskillende soarten slakken en twakleppige weakdieren, lykas de bordeelfenusskulp (Hysteroconcha lupanaria).

Twa soarten seekladden: foar-oan in rifseekladde (Echinometra viridis); dêrefter in wite seekladde (Tripneustes ventricosus).

In protte soarten lidpoatigen (Arthropoda) hawwe ek stikels dy't foar ferdigening bedoeld binne. Sa foarmje de rostra ("snaffel") fan in protte garnalen in skerpe stikel dy't ynset wurde kin tsjin rôfdieren. De brânhierkes of boarstelhierkes fan in protte rûpen (bgl. de ikeprosesjerûp) en fûgelspinnen binne winliken neat oars as loslittende stikeltsjes, dy't by minsken (en oare bisten) slimme hûdyrritaasje feroarsaakje kinne. Dy fan rûpen út it skaai fan 'e reuzesidemotten (Lonomia) binne giftich en kinne sels deadlike bloedstjurringssteurings, hemolyze (it útinoar fallen fan it bloed) en nierfalen feroarsaakje.

Stikels fan kjifstikelbargen binne foarsjoen fan wjerheakjes en kinne dêrom dreech te ferwiderjen wêze. Yn Noard-Amearika wurde geregeldwei hûnen by de bistedokter brocht, dy't har nijsgjirrigens foar of agresje tsjin in oerzon (Erethizon dorsatum) mei in snút fol stikels bekeapje moatten hawwe. Sokke stikels moatte ien foar ien mei in pinset of tange derút lutsen wurde. Soms brekt dêrby de wjerheakke útein ôf, mar dy swolt der dan oer it algemien meitiid sels wol út.

Om't de stikels fan in protte soarten fisken en wringeleazen giftich binne, is it de baas en behannelje eltse stek fan sokke dingen as wie it in slangebyt. It gif kin fûleindige pine feroarsaakje, en kin soms sels ta de dea liede as it slachtoffer gjin medyske fersoarging kriget.

Gebrûk troch minsken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stikels, yn 't bysûnder dy fan 'e oerzon (Erethizon dorsatum) en oare kjifstikelbargen, waarden (en wurde noch wol) troch de lânseigen folken fan 'e Nije Wrâld brûkt foar it meitsjen fan juwiellen (lykas earmbannen, earbellen en halskeatlings), pinnen en stikelwurk (quillwork), in foarm fan fersiering fan tekstyl (benammen pronkklean).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.