Stiftskirche St. Gallus und Otmar

Ut Wikipedy
Stiftskirche St. Gallen
bouwurk
lokaasje
lân Switserlân
kanton Sankt Gallen
plak Sankt Gallen
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1755-1766
boustyl Barok
offisjele webside
Side tsjerklike gemeente

De Stiftstsjerke fan de HH. Gallus en Otmar (Dútsk: Stiftskirche St. Gallus und Otmar ; offisjeus: Stiftskirche St. Gallen) is in katolike tsjerke yn de stêd Sankt Gallen yn Switserlân. De tsjerke tsjinnet as katedraal foar it bisdom Sankt Gallen en wie sûnt de bou tusken 1755 en 1766 oant 1805 de tsjerke fan it kleaster Sankt Gallen. Tegearre mei de rest fan it kompleks waard de tsjerke yn 1983 ynskreaun yn de list fan it wrâlderfskip fan UNESCO.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brânskildere glês mei it wapen en de patroanhilligen fan de abdij (1557)

It plan om in nije tsjerke te bouwen datearre út de 18e iuw, doe't de út de 9e iuw stammende âlde kleastertsjerke jimmeroan brekfalliger waard. De ôfbraak fan de âlde gebouwen sette op 2 maaie 1755 útein en de earste stien waard op 29 augustus 1756 lein. Neffens it ûntwerp fan Gabriel Loser en Johann Caspar Bagnato fierde Peter Thumb tusken 1755 en 1757 de bou út fan it tsjerkeskip. De dekoraasjes fan it binnen- en bûtenwurk waarden ûnder lieding fan Johann Christian Wentzinger foar 52.000 gûne útfierd. Sels hold er him allinne mei it ûntwerpen dwaande. Yn de simmer fan 1760 wie it wurk oan it tsjerkeskip dien en op 15 novimber 1760 fûn de ynsegening plak.

De foltôging fan de nijbou fan it koer fûn pas yn 1760 plak. Oant dy tiid tsjinne it âlde goatyske koer as needtsjerke. De boulieding dêrfan gyng fan Peter Thumb op Johann Michael Beer von Bildstein oer. As lêste diel fan de tsjerke fûn de bou fan de twa tuorren yn 1766 plak. Oant 1772 waard der noch fierder wurke oan it ynterieur. Om't der fouten makke wiene yn de koepelkonstruksje moast dy al yn 1773 renovearre wurde. Swierrichheden mei de fundearring koene letter mei de ynbou fan in stelling ferholpen wurde.

Mei de opheffing fan it kleaster yn 1805 kaam in ein oan it al sûnt de 7e iuw besteande kleasterlibben op it plak. Der waarden lytse feroarings oan it ynterieur fan de tsjerke trochfierd. De troan fan de abt krige in oar plak en it heechalter krige de funksje fan in parochyalter. Skea oan de bou makke yn de 19e iuw renovaasjes needsaaklik. Oant 1824 moast Antonio Moretto ferskate fresko's oan it ferwulft op 'e nij útfiere. Mear renovaasjes fûnen fan 1841 oant 1845 (eastlike gevel), 1866-1867 (algehiele renovaasje) en 1928-1938 (bûtenrenovaasje) plak. De lêste grutte restauraasje wie tusken 2000 en 2003.

Sûnt 1824 is de stiftstsjerke de katedraal fan it bisdom St. Gallen.

Bou en ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur
Fresko koepel paradys

De tsjerke jildt as ien fan de lêste monumintale tsjerken fan de lette barok. Op harmonyske wize slute it westlike skip en eastlike koer oan op de rotonde yn it sintrum fan de tsjerke. e beskildering en it byldhouwurk is in oergongsstyl fan rokoko nei klassisisme en is it wurk fan Dútske keunsters. De skilderijen binne makke troch Joseph Wannenmachers.

De fresko's yn de rontonde toane it paradys, wylst yn de koepels fan it skip wichtige hilligen út de skiednis fan it kleaster, Gallus, Otmar, Magnus en Wiborada, foarsteld wurde. De rêch fan it dûbele koerstuolte is dekorearre mei reliëfs fan de hillige Benediktus. Yn de tsjerke steane 16 bychtstuollen út 1761-1763, dy't makke binne troch Franz Joseph Anton Feuchtmayer en Anton Dirr. De lêste tekene ek foar de mei de bylden fan ingels en evangelisten fersierde preekstoel. It haadalter is fersierd mei in skilderij fan Francesco Romanelli út 1645.

De dûbele tuorren fan de eastlike gevel binne 68 meter heech. It gevelreliëf yn de geveltop lit de Himelfeart fan Marije sjen, ûnder binne de bylden fan Desiderius en Mauritius te sjen.

It âldste diel fan it kleaster is de krypte, dy't werom giet op de 9e iuw. Neffens de oerlevering leit dêr it grêf fan de hillige Gallus. Yn in relykkast wurdt noch in diel fan skedel bewarre. De hillige Otmar en de biskoppen fan it bisdom krigen harren lêste rêstplak yn de westlike krypte.

Yn it midden fan de tsjerke skiedt in ferguld hek de oarspronklike romte foar de muontsen dy fan it tsjerkefolk.

De gevels binne op de eastlike kant mei de tuorren nei fierder ienfâldich. Allinne by de tagong oan de noardlike kant steane noch fjouwer bylden.

Oargels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Haadoargel
Koeroargels

De tsjerke hat trije oargels: it grutte domoargel op de westlike galerij en it epistel- en evangeelje-oargel yn it koer.

Sûnt de barokke nijbou makke de tsjerke gebrûk fan de twa koeroargels, dy't yn de jierren 1968-1970 troch Viktor Ferdinand Bossard (1699–1772) boud binne. Se hingje foar inoar oer achter yn it koer boppe it koerstuolte. De spyltafel binne lofts en rjochts yn it koerstuolte ynboud. Beide oargels waarden yn 1966–1967 troch oargelbou Mathis restaurearre.

Yn de jierren 1808-1810 waard lykwols in grutte galerij yn it westlike ynboud foar it efkes letter troch Franz en Josef Frosch (München) boude haadoargel. It ynstrumint hie 60 registers op fjouwer manualen en pedaal. It oargelfront waard yn 1811 troch Josef Simon Mosbrugger boud. It saneamde Frosch-oargel waard fan 1872 oant 1875 hielendal ferboud troch Johann Nepomuk Kuhn, wêrby't ien manuaal ôffoel. It hie 55 registers, wêrfan't fjirtjin hielendal of foar in part nij wiene. It front waard net feroare. Mei de restauraasje fan de tsjerke yn de jierren 1961 oant 1967 waard it tsjintwurdige haadoargel boud. De oargelboufirma Kuhn (Männedorf) brûkte by de bou de ta pedaaltuorren fan it âlde oargel út 1815. Foar de rest is it oargel folslein nij. It ynstrumint hat sleepladen en mechanyske traktueren.


Klokken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De njoggen liedklokken yn beide tuorren binne troch ferskate jitters getten, dy't benammen út de omkriten van de Bodensee kamen.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Stiftskirche St. Gallen