Welgelegen (Akkrum)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stifting Welgelegen)
Welgelegen yn Akkrum (2009)
Teekoepel Welgelegen (2009)
Welgelegen yn 2014

Welgelegen is in yn 1924 oprjochte gebou yn Akkrum. It bestiet út tsien húskes en in haadgebou en foarmet in soarte hofke. Welgelegen is yn 1924 boud as bepaling út it testamint fan juffer Suster van der Vegt út Akkrum. It gebou is ûntwurpen neffens de Amsterdamske skoalle troch S.F. Hoekstra (1883-1946).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 1760 hinne wurdt de tún fan Welgelegen oan it Heechein opnij oanlein troch Augustinus Lycklama à Nijeholt, grytman út Aldeboarn. Hy lit ek in simmerwente, de Koepel bouwe. Om de tún kaam in twa meter hege ringmuorre.

Suster van der Vegt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Suster wie ienichst bern fan Rinse Wiebes van der Vegt en Janke Annes Annes. Har âlden tsjinnen op de pleats fan Sake Meintes Visser en Suster Sijnes van der Goot. Suster is yn 1841 neamd nei dy boerinne dy’t earder troud west hat mei Jentje Klazes de Groot. Janke hâlde dêr yn 1843 in grutte erfenis fan oer. Dizze bestie út de tún mei koepel, de pleats Welgelegen. Troch fererving waard Suster letter tige begoedige mar stoar as âldfaam.

Testamint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn har testamint fan 1924 bepaalt Suster van der Vegt dat muorre en koepel ôfbrutsen wurde moatte. Dy moatte romte meitsje foar in kompleks fan tsien wenten mei in haadgebou. De reginten beslisse nei in soad protest fan Akkrumers dat de koepel stean bliuwt. Der wiene destiids noch net folle sosjale foarsjennings en in soad earme minsken wienen ôfhinklik fan famylje, tsjerke of woldiedichheid Welgelegen wie ornearre foar:

  • Widdo’s
  • Net-troude froulju sûnder ynwenjende bern
  • Fan fatsoenlike komôf
  • Belidend protestantsk wêze
  • Bining mei Fryslân hawwe of Fryske âlden hawwe
  • Te min jild hawwe foar in soargeleaze âlde dei.

Reginten bepaalden oft froulju talitten waarden. Tichtby Welgelegen leit Coopersburg dat ek in soarte sosjale foarsjenning út dy tiid wie.

Hjoed-de-dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Welgelegen wurdt no bestjoerd troch de Stifting Welgelegen mei reginten dy’t yn de teekoepel by inoar komme. Troch de ferbettere sosjale wetjouwing is de talitting fan bewensters wol oanpast. De wenten binne noch orizjineel. De grutte tún dy’t yn Ingelske lânskipsstyl út 1929 wurdt troch in túnman ûnderholden. Tún en koepel binne yn 2004 opkreaze.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]