Stifting Je Maintiendrai
Stifting Je Maintiendrai is in Fryske mediastifting dy’t ûntstie yn de Twadde Wrâldoarloch. De stifting ûntstie út de fersetsgroep Je Maintiendrai‑Friesland, dy’t yn 1944-1945 it yllegale nijsblêd De Koerier útjoech.[1]).
Nei de befrijing ûntjoech de groep him ta in wichtige útjouwer yn de Fryske parsewrâld.[2] Troch fúzjes en gearwurkingsferbannen spile de stifting in sintrale rol yn de foarming fan de Friese Pers en letter de NDC Mediagroep.[3] Sûnt de ferkeap fan NDC Mediagroep yn 2020 rjochtet de stifting him benammen op maatskiplike en sjoernalistike stipe troch it Je Maintiendrai Fûns (JMFonds).[4]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stifting hat har oarsprong yn de Fryske fersetsgroep Je Maintiendrai, dy’t yn de oarloch belutsen wie by it fersprieden fan yllegale parse. Doe’t de lanlike fersetskrante Je Maintiendrai yn septimber 1944 net langer oanlevere wurde koe troch de spoarweistaking, besleat de Fryske groep in eigen blêd te meitsjen: De Koerier. Tusken 15 septimber 1944 en 15 april 1945 ferskynden 171 edysjes, dêr’t guon eksimplaren fan bewarre wurde yn de Keninklike Biblioteek.[5] Nei de befrijing waard De Koerier omfoarme ta de Heerenveense Koerier, letter de Friese Koerier. De stifting Je Maintiendrai‑Friesland waard oprjochte om dizze parse-aktiviteiten te behearen en te beskermjen tsjin politike of kommersjele beynfloeding.
Yn 1955 waard de Stichting Friese Pers oprjochte as gearwurkingsferbân tusken Je Maintiendrai, de Leeuwarder Courant en oare regionale útjouwers. Argyfstikken oer de oprjochting binne by Tresoar. [6]
Yn de desennia nei de oprjochting wiene der meardere fúzjes binnen de Friese Pers. De wichtichste wie de fúzje fan de Friese Koerier mei de Leeuwarder Courant op 1 novimber 1969. Eksimplaren fan de lêste jiergongen fan de Friese Koerier binne digitaal yn te sjen middels Delpher. [7]
Yn de jierren 1990 fusearre de Friese Pers mei de útjouwers fan de Drentse Courant en it Groninger Dagblad. Dit late ta de foarming fan de Noordelijke Dagblad Combinatie (NDC), letter NDC Mediagroep en Mediahuis-Noard. [8]
Yn 2020 ferkochten de beide oandielhâlders fan NDC Mediagroep - Stichting Je Maintiendrai en FB Oranjewoud - harren oandielen oan it Belgyske mediabedriuw Mediahuis.[9]
FB Oranjewoud wie jierrenlang mei-oandielhâlder neist Je Maintiendrai en spile in wichtige rol yn de finansjele stabilisearring fan it konsern. Beide partijen besleaten harren oandielen tagelyk te ferkeapjen. De stifting krijt noch inkele jierren in finansjele neibetelling middels in saneamde earn‑outregeling.
Nei de ferkeap fan NDC rjochtet de stifting him benammen op har maatskiplike taak middels it Je Maintiendrai Fûns (JMFonds) It fûns stipet projekten op it mêd fan:
- ûnôfhinklike en regionale sjoernalistyk
- sosjaal‑kulturele inisjativen
- maatskiplike ynnovaasje
- demokratyske en plurifoarme ynformasjefoarsjenning
It fûns is aktyf yn Fryslân, Grinslân en Drinte.[10]
Stifting Je Maintiendrai hat in unike posysje yn de Nederlânske parseskiednis: ûntstien út it ferset, útgroeid ta in regionale útjouwer, mei-foarmjouwer fan de Friese Pers en de NDC Mediagroep, en bliuwend fan ynfloed troch it JMFûns.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|