Springe nei ynhâld

Stiengoars

Ut Wikipedy
stiengoars

Mantsje

Wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljegoarsfûgels (Emberizidae)
skaaigoarzen (Emberiza)
soarte
Emberiza buchanani
Blyth, 1845
IUCN-status:

De stiengoars (Emberiza buchanani) is in Aziatyske fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae). It is in trekfûgel dy't in grut gebiet fan 'e Kaspyske See oant it Altai-berchtme yn Sintraal-Aazje bewennet. De soarte oerwinteret yn dielen fan Súd-Aazje en komt, lykas oare goarsfûgels, bûten it briedseizoen faak yn lytse groepkes foar. It is in tige seldsume gast yn Jeropa, mei waarnimmingen ûnder oaren yn Nederlân[1]. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige.

De stiengoars liket wat op 'e nau besibbe soarten nôtfink (Emberiza hortulana) en rustgoars (Emberiza caesia). De fûgel is 14 oant 15,5 sintimeter lang, hat in lange sturt en in frij lange, tinne en hielendal rôze snaffel.

Stiengoars.

In folwoeksen mantsje yn it simmerkleed hat in blaugrize kop en in rustread boarst dat oergiet yn in rôze-eftige ûnderkant, in wyteftige ûndersturt en in dofbrune, swak streke boppekant. Hy hat in dúdlike ljochte eachring, dy't kontrastearret mei it swarte each en de blaugrize kop. It folwoeksen wyfke en it mantsje yn it winterkleed binne doffer fan kleur en hawwe in ljochtere ûnderkant. De juvenyl is oer it gehiel brún en griis, mar hat in swak readbrune skouder.

Oars as de rustgoars hat de stiengoars gjin donkere boarstbân, wylst de nôtfink in mear grienblauwe tint op 'e kop hat. De stiengoars hat in wyteftige kiel en in dúdlike ljochte streek ûnder de snor, wylst de rustgoars in rustreadige kiel en streek ûnder de snor hat en de nôtfink in ljochtgiele.

De stiengoars sjongt sittend op in tûke. It liet bestiet út in rige koarte en hege lûden dy't yn krêft tanimme. De rop liket in soad op dy fan 'e rustgoars (Emberiza caesia) en de Smyrnagoars (Emberiza cineracea) en bestiet út in skerp "zrip" en in koart, skerpklinkend "tjypp".

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte waard yn 1844 foar it earst taksonomysk beskreaun troch Edward Blyth, op basis fan tekeningen fan Francis Buchanan-Hamilton, dy't de fûgel syn wittenskiplike soartenamme jûn hat.

De stiengoars is in trekfûgel dy't yn it Paleärktysk gebiet foarkomt en lokaal briedt yn Ruslân, Kazachstan, Turkmenistan, Oezbekistan, Kirgyzje, Tadzjikistan, Turkije, Armeenje, Iran, Afganistan, Pakistan, Mongoalje en Sina. Rûsd wurdt dat 5 oant 24% fan 'e totale populaasje yn Jeropa briedt. Net-briedende fûgels swalkje simmerdeis om en wurde dan ûnder oaren geregeldwei yn Israel waarnommen.

De soarte oerwinteret yn Pakistan en Yndia, benammen yn it westlike en sintrale part fan Yndia, fan Gûdjarat en Uttar Pradesh nei it suden ta oant Karnataka, mar is winterdeis ek oant op Sry Lanka waarnommen.

De soarte wurdt opdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Yn it wurk Handbook of Western Palearctic Birds (Shirihai & Svensson 2018) wurdt oanrikkemandearre om de soarte as monotypysk te beskôgjen, dat wol sizze dat de soarte net yn ûndersoarten opdield wurdt.

Foarkommen bûten it ferspriedingsgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stiengoars komt tige seldsum noardlik fan syn ferspriedingsgebiet foar. It lytse tal waarnimmingen kin ek komme meidat net-briedende fûgels dy't omdoarmje, betiizge wurde mei de algemienere nôtfink.

De stiengoars is nau besibbe oan 'e tige op him lykjende nôtfink (Emberiza hortulana) en rustgoars (Emberiza caesia), mar ek oan 'e Smyrnagoars (Emberiza cineracea).

Aai fan 'e stiengoars.

De stiengoars briedt yn gerslannen yn bercheftige gebieten mei in tuskenbeide klimaat, meastentiids op hichten ûnder de 2.100 meter boppe seenivo. Yn syn oerwinteringsgebieten komt er faak foar op ikkers. It nêst wurdt streekrjocht op 'e grûn boud, ûnder oerhingjende begroeiïng. It nêst wurdt beklaaid mei gers en hier.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De populaasjeûntwikkeling is lykwols net dúdlik. De wrâldpopulaasje is relatyf lyts en wurdt rûsd op 14.000 oant 40.000 folwoeksen fûgels.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ Waarneming.nl