Springe nei ynhâld

Stienbergen (gemeente)

Ut Wikipedy
Stienbergen
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
Haadplak Stienbergen
Oerflak 159,14 km²[1]
  •  dêrfan lân 146,50 km²
  •  dêrfan wetter 12,64 km²
Ynwennertal 24.486 (1 jannewaris 2024)
Befolkingstichtens 167 ynw./km²
Ferkearsier(en)
Netnûmer(s) 0167
Postkoade(s) 4650-4655, 4670-4671,4680-4681, 4756
www.gemeente-steenbergen.nl

Stienbergen (Nederlânsk: Steenbergen) is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân mei 24.486 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan 159,14 km² (wêrfan 12,64 km² wetter).

De gemeente bestiet sûnt 1 jannewaris 1997 yn 'e hjoeddeiske foarm nei in fúzje fan 'e eardere gemeenten Dinteloord en Prinsenland, Nieuw-Vossemeer en Stienbergen (oant 1962 Stienbergen en Krúslân). It haadplak is de stêd Stienbergen.

De gemeente bestiet út de folgjende offisjele plakken:

Fierder lizze der yn 'e gemeente de buorskippen: Blauwe Sluis · Bloemendijk · De Bocht · Boompjesdijk · Dintelsas · 't Haantje · Heense Molen · Koevering · Notendaal · De Overval ‎· Rolaf ‎· Visberg · Waterhoefke · Wildenhoek · Zwarte Ruiter.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De krite waard yn it ramt fan 'e Operaasje Pheasant op 30 oktober 1944 troch it Britske leger en de Poalske 1e Pantserdivyzje befrijd. De striid wie fûl, fral by de brêgen oer it Stienberchske Fliet en yn it omlizzende poldergebiet.

By it opjaan fan it gebiet blaasden de Dútsers ferskate brêgen en gebouwen op. Ek waard de âlde wettertoer fan Steenbergen ferneatige.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Steenbergen hat in soad monumintale en histoaryske gebouwen lykas de Sint-Gummarustsjerke. De toer, ûntwurpen troch de ferneamde arsjitekt Pierre Cuypers is ien fan 'e heechste tsjerken yn Nederlân. Oarspronklik waard de fêsting yn 'e 17e iuw oanlein as ûnderdiel fan 'e ferdigening tsjin Spaanske en letter Frânske oanfallen. Dielen fan 'e âlde ferdigeningswurken binne bewarre bleaun.

De protestantske tsjerke fan Nieuw-Vossemeer is fuort nei de Tachtichjierrige Kriich yn 1649 boud. Yn itselde doarp stiet oan 'e Rykswei 51 de mûne De Vos út 1802.

Benammen yn De Heen, Kruisland en Dinteloord binne âlde pleatsen en hearehûzen te finen.

It natoerreservaat Dintelse Gorzen, mei syn waadflakten, kreken, geulen en in protte rûge fegetaasje, is in goed gebiet om te kuierjen en te fytsen.[2]

In diel fan 'e Slikken fan De Heen falt yn 'e gemeente Stienbergen, in oar diel falt yn 'e provinsje Seelân.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Gemeenten yn Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert
· · Berjocht bewurkje