Springe nei ynhâld

Stichting 1940-1945

Ut Wikipedy

Stichting 1940-1945 is in Nederlânske stichting foar slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch.

Yn Arnhim waard troch de Stichting 1940-1945 in útstalling ynrjochte oer fersetswurk yn de Twadde Wrâldoarloch (Polygoonsjoernaal, 14 july 1947)

Op 13 oktober 1944 kamen fertsjintwurdigers fan in tal lanlike en regionale fersetsorganisaasjes byinoar yn it pân Keizersgracht 567 yn Amsterdam. Al foar de befrijing wie it ferset derfan oertsjûge dat it wichtich wie om foar de neibesteanden fan omkommen fersetsstriders te soargjen. Ynearsten wie de namme Stichting 40 - 44, om't men wie derfan oertsjûge dat de oarloch gau foarby wêze soe. Yn de statuten stie:

De Stichting hat as doel om it fersoargjen fan de morele, geastlike en materiële need fan persoanen of groepen fan persoanen, dy't yn de besetting troch died of hâlding ta it binnenlânsk ferset bydroegen hawwe, harren húshâldingen of neibesteanden, as hja nei it beëinigjen fan de fijannellikheden yn ús lân of in grut part dêrfan bystân nedich hawwe.

Yn it lêste jier fan de oarloch kaam it stichtingsbestjoer alle twa wiken yn it geheim byinoar. Om de Dútsers te mislieden barde dat alle kearen op in oar adres. Ferried late ta de arrestaasje fan trije bestjoerleden yn jannewaris 1945.

Koart nei de befrijing, op 27 juny 1945, waard de Stichting 1940-1945 fannijs oprjochte. De wetlike basis foar de stichting wie de yn 1947 yn wurking kommen Wet buitengewoon pensioen 1940 -1945 (Wbp). Fersetsminsken krigen op grûn fan dy wet yn gefal fan ynfaliditeit rjocht op in pinsjoen. Widdowen en wezen koene ek op grûn fan dizze wet oanspraak meitsje op in útkearing. De Stichting 1940-1945 wie belêste mei de útfiering fan dy wet. Teffens joech de stichting ymmateriële help: widdowen en harren húshâldingen waarden bystien troch maatskiplik wurkers. Ek organisearre de stichting fakânsjewiken foar widdowen en oare aktiviteiten foar syn doelgroepen.

Yn de jierren 50 en 60 waard de doelgroep fan de Stichting 1940-1945 útwreide mei in tal nije doelgroepen. It giet hjir om gizelers en represailleslachtoffers lykas yn Putten en Ingelânfarders. Yn 1972 waard de Wet útkearings ferfolgingsslachtoffers 1940-1945 (Wuv) oannommen. Sadwaande krige de Stichting 1940-1945 der in nije doelgroep by, nammentlik minsken dy't yn de oarloch ferfolge wiene fanwegen harren ras, leauwe, wrâldbeskôging of seksuele aard. Yn 1984 kaam de Wet uitkeringen burger-oorlogsslachtoffers 1940 -1945 (Wubo). Hjirtroch waarden ek slachtoffers fan bombardeminten, evakuaasje of ferplichte tewurkstelling ûnder de doelgroep fan de stichting bewarre.

Stichting 1940-1945 hjoed-de-dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hjoeddeiske Stichting 1940-1945 is de fuortsetting fan de yn 1944 yn it libben roppen Stichting 1940 -1944 én de op 19 maart 1981 oprjochte Stichting Burger-Oorlogsgetroffenen (SBO). Hoewol't de Stichting 1940-1945 en de Stichting Burger-Oorlogsgetroffenen beide harren besteansrjocht ûntliene oan de Twadde Wrâldoarloch, hawwe sy in hiel oare ûntsteansskiednis en rjochten se har as gefolch dêrfan op ferskate groepen oarlochstroffenen. Omdat de doelgroepen as gefolch fan fergrizing en ferstjerren hieltyd lytser wurde, hawwe de bestjoeren fan beide organisaasjes besletten de krêften te bondeljen en op 1 jannewaris 2002 te fusearjen. Boppedat waard besletten de âlde namme fan ien fan har rjochtsfoargongers (Stichting 1940-1945) brûken te bliuwen.

Yn 2024 publisearre It Parool de resultaten fan in ûndersyk dêr't út bliken die dat Stichting 1940-1945 desennialang priveegegevens en medyske dossiers trochjoech oan de Binnenlandse Veiligheidsdienst. Fan de 65 ûndersochte dossiers fan benammen linkse fersetsstriders befette goed trije fjirde ynformaasje dy't direkt fan Stichting 1940-1945 kaam. [1]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: