Steven Pruitt
Steven Pruitt (San Antonio (Teksas), 17 april 1984) is in skriuwer by de Ingelsktalige Wikipedy en is sûnt 2004 aktyf ûnder it skûlnamme Ser Amanio di Nicolao. Yn 2017 waard hy troch Time neamd as ien fan 'e 25 ynfloedrykste minsken op it ynternet. Dit wie om't hy al mear as trije miljoen oanpassingen en fiifentritich tûzen artikels op syn namme hie.
Pruitt set him yn foar it kontrolearjen fan feiten op Wikipedia en it meitsjen fan wizigingen as nedich. Hy set him ek yn foar it projekt Women in Red om mear artikels oer froulju op Wikipedia te krijen.
Pruitt skriuwt benammen oer histoaryske ûnderwerpen en syn earste artikel gie oer Peter Francisco, dy't in foarfaar fan him is. Syn pseudonym, Ser Amanio di Nicolao, is in personaazje út Puccini syn opera Gianni Schicchi.