Noardske stirns
| noardske stirns | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Sterna paradisaea | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De noardske stirns (Sterna paradisaea) is in fûgel út de ûnderfamylje fan de stirnzen (Sterninae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De noardske stirns wurdt tusken 33 en 36 sm, in spanwiidte fan 76 oant 85 sm en in gewicht tusken 86 en 127 gram. De fûgel hat in soad fan 'e wytstirns (Sterna hirundo). It fearrekleed is wyt oant ljochtgriis. Yn it briedkleed is de snaffel bloedread, sûnder in swarte punt lykas by de wytstirns. De swarte mûtse is ek minder grut as by de wytstins. Yn it winterkleed wurdt de snaffel swart en de kroan fan 'e kop wyt. De noardske stirns hat yn ferlikening mei de wytstirns boppedat koartere poaten en in langere sturt. Mar ek mei help fan dy skaaimerken binne beide soarten foar leken dreech te ûnderskieden.

Juvenilen ha noch gjin grize búk en it swart ûntbrekt op 'e foarholle. De rêch is foar in part brunich of strekerich.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noardske stirnzen briede sirkumpolêr fan 'e boreale sônes oant it Heech-Arktysk gebiet, mei allinich gatten yn 'e fersprieding dy 't troch simmeriis feroarsake wurde. Yn Sintraal-Europa briede se ek regelmjittich oan 'e kusten fan 'e Noardsee en de Eastsee. Us lân leit oan 'e súdlike grins fan it briedgebiet en dêrom binne der ek gruttere skommelingen yn 'e oantallen fûgels. Yn it briedseizoen wurde se yn lytse oantallen oantroffen op 'e Waadeilannen (totaal briedpearkes Nederlân yn 2024: 625-640 pearkes).
Noardske stirnzen ha in foarkar foar heldere en fegetaasje-earme kusten. Lykas de wytstirns siket de noardske stirns ek riviermûningen en grutte waadgebieten tusken it fêstelân en eilannen op. By it sykje fan iten is de aksjeradius fan noardske stirnzen yn ferlikening mei de wytstirns in stik lytser.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noardske stirnzen ite lytse fiskjes, ynsekten en kreeften. By it dûken oereidzje se earst it wetteroerflak yn in stadige, sykjende flecht. As se ienris in proai yn 'e rekken hawwe, kantelje se ynienen fertikaal mei de wjukken heal ticht en dûke se yn in steile hoeke nei ûnderen. De fûgel ferdwynt folslein yn it wetter en krijt nei in hoart earst de wjukken wer boppe wetter.

De noardske stirns is in trekfûgel mei de langste migraasjerûte. Syn oerwinteringsgebieten lizze oan 'e râne fan it Antarktyske pakiisgebiet tusken 55 en 70 graden fan 'e súdlike breedtegraad yn it suden fan 'e Atlantyske- en Yndyske Oseaan, yn 'e Weddellsee en foar de kust fan Antarktika. De fûgel by de trek in ôfstân fan oant 30.000 km ôf fan harren Arktyske briedplakken nei harren Antarktyske oerwinteringsgebieten en werom - hast in kear om 'e wrâld. Resint ûndersyk hat oantoand dat guon fûgels oant 90.000 km yn in jier ôflizze kinne. Ien fan 'e 29 mei in sensor útriste fûgels fan 'e Farne-eilannen reizgen yn 10 moannen tiid 96.000 km.
De fûgels begjinne meastentiids yn it fjirde jier te brieden. Se briede yn koloanjes fan maksimaal 1.000 fûgels op tin begroeide eilannen, yn sânheuvels en grintflakten. It nêst is in troch it bealchje fan 'e fûgel groeven kûltsje yn 'e grûn, sûnder in soad beklaaiïng. It wyfke leit ien oant trije aaien fan 4 sm. Beide âlden briede likernôch trije wiken, oant de piken útkomme. De jonge fûgels fleane as se 21 oant 24 dagen âld binne en wurde meastentiids noch in wike fuorre. De âlden ferdigene de jongen tsjin fijannen troch dûkflechten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De noardske stirns hat in tige breed ferspriedingsgebiet en nimt yn oantal ôf, mar net sa bot dat de fûgel as bedrige beskôge wurde kin. De IUCN kategorisearret de soarte sûnt 1988 as net bedrige (Least Concern, 2018). De wrâldpopulaasje wurdt op mear as twa miljoen fûgels rûsd, wêrfan't 564.000–906.000 pearkes (2015) nei alle gedachten yn Jeropa briede. De soarte falt ûnder de Afrikaansk-Euraziatyske oerienkomst oer wetterfûgels.
Yn guon lannen wurdt de soarte bedrige. De soarte naam yn 'e lette 19e iuw ôf yn Nij-Ingelân fanwegen de jacht foar de huoddemakkerij. De eksploitaasje giet troch yn westlik Grienlân, dêr't de soarte sûnt 1950 foars ôfnommen is. Yn it súdlike diel fan syn ferspriedingsgebiet yn Noard-Amearika is de noardske stirns yn oantal ôfnommen, foar in grut part troch in brek oan iten. Ek de delgong fan 'e soarte yn Grut-Bruttanje is dramatysk. Der binne ek lannen dêr't de oantallen tanimme, lykas Sweden.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Wytstirns
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Antarktika
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Austraalje
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Bermuda
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Bouvet
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Kaapverdje
- Lânseigen fauna yn Sily
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen
- Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Grienlân
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Heard en de McDonaldeilannen
- Lânseigen fauna yn Yslân
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Nij-Seelân
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon
- Lânseigen fauna yn Spitsbergen
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen

