Wytstirnzen
Appearance
(Trochferwiisd fan Sterna)
| Wytstirnzen | ||
| wytstirns | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | wilstereftigen (Charadriiformes) | |
| famylje: | seefûgels (Laridae) | |
| skaai: | wytstirnzen (Sterna) | |
| Linnaeus, 1758 | ||
Wytstirnzen (Sterna) binne in fûgelskaai út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae). De wittenskiplike namme fan it skaai waard yn 1758 troch Carolus Linnaeus.
It skaai omfieme foarhinne de measte wite stirnzen sûnder ûnderskied, mar mtDNA-sekwinsje ferlikeningen hawwe útmakke dat dy opset parafyletysk wie. It skaai is no beheind ta de typyske middelgrutte wite stinzen mei djip foarke sturten (swellesturten), dy't hast oer de hiele wrâld oan kustkriten foarkomme. Der binne lykwols ek guon soarten dy't yn swietwettergebieten foarkomme, lykas de by ús bekend wytstirns.
De typesoarte is de wytstirns.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wurde 13 soarten yn it skaai erkend:
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding |
|---|---|---|---|
| Sterna aurantia | rivierstirns | rivieren fan Pakistan, Yndysk subkontinint oant Birma, Tailân en Kambodja. | |
| Sterna forsteri | Forsterstirns | Noard-Amearika. | |
| Sterna trudeaui | wytkroanstirns | Argentynje, Súdeast-Brazylje, Sily, Paraguay en Oerûguay. | |
| Sterna paradisaea | noardske stirns | Arktysk en subarktyske gebieten fan Europa, Aazje, Noard-Amearika). | |
| Sterna hirundinacea | Súdamerikaanske stirns | Súdlik Súd-Amearika ynklusyf de Falklâneilannen, Pasifyske kust oant Perû, Atlantyske kust oant Brazylje. | |
| Sterna vittata | Antarktyske stirns | Oerûguay, Argentynje, Brazylje, Sily, Falklân-eilannen, Heard en de McDonaldeilannen, Austraalje, Nij-Seelân. | |
| Sterna virgata | Kerguelenstirns | Kerguelen, Prins Edwardeilannen, Crozeteilannen. | |
| Sterna hirundo | wytstirns | Eastlik Noard-Amearika, Europa, Noard-Afrika, Aazje eastlik oant Sibearje en Kazachstan. | |
| Sterna repressa | wytkinstirns | Kustkristen Reade See, Hoarn fan Afrika oant Kenia, Perzyske Golf en kustkriten fan Iran oant Pakistan en West-Yndia. | |
| Sterna sumatrana | swartnekkestirns | Tropysk en subtropysk gebieten yn 'e Pasifyske en Yndyske Oseanen. | |
| Sterna dougallii | rôze stirns | Atlantyske kusten fan Europa, Noard-Amearika, winterdeis Kariben, West-Afrika, ûndersoarten fan East-Afrika oant de Yndyske Oseaan oant Japan, Austraalje en Nij-Kaledoanje. | |
| Sterna striata | tarastirns | Austraalje, Nij-Seelân. | |
| Sterna acuticauda | swartbúkstirns | Pakistan, Nepal, Yndia, Bangladesj en in apart gebiet yn Birma. | |
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sterna fan Wikimedia Commons. |