Steppe-earn
| steppe-earn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Aquila nipalensis | ||||||||||||
| Hodgson, 1833 | ||||||||||||
| IUCN-status: bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
wintergast trekfûgel |
De steppe-earn (Aquila nipalensis) is in grutte rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). It is in trekfûgel dy't benammen yn Sintraal-Aazje briedt en oerwinteret yn Afrika en Súd-Aazje.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De steppe-earn is 62 oant 74 sintimeter lang en hat in spanwiidte fan 165 oant 190 sm. De earn is folslein brún mei in lange, ôfrûne sturt. Skaaimerkend binne de griis bandearre slach- en sturtfearren, de ovale noastergatten en de opfallende giele bek mei in donkere punt dy't oant ûnder it each rint. Fierder binne de wjukken langer en breder as by de krytearn (Clanga pomarina) en bastertearn (Clanga clanga). De steppe-earn is lytser as de keningsearn (Aquila chrysaetos). Juvenilen wike mei harren brede wite baan oer de ûnderwjukken ôf fan 'e folwoeksen fûgels.
De steppe-earn wurdt bytiden betiizge mei de ferlykbere savanne-earn (Aquila rapax) en se wurde soms as deselde soarte kategorisearre, mar DNA-analyzes litte sjen dat de soarten net nau besibbe binne.
Fersprieding en biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Steppe-earnen briede op iepen steppes, healwoastinen en grutte gersflakten. Steppe-earnen dy't yn 'e winter nei Afrika lûke, wurde yn it Midden-Easten op guon plakken, lykas yn de Arava-delling by Eilat, soms massaal waarnommen.
Der binne twa ûndersoarten:
- A. n. orientalis (briedt yn East-Europa oant Sintraal-Kazachstan en oerwinteret yn Afrika)
- A. n. nipalensis (briedt yn East-Kazachstan oant Noard-Sina en oerwintert yn Súd-Aazje)
Yn Nederlân is de steppe-earn in seldsume doarmer mei in oantal goed dokumearre waarnimmings.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Steppe-earnen jeie foaral op grûniikhoarntsjes, mar se ite ek jonge fûgels, gaanders en hagedissen. Yn tiden fan tekoarten ite se ek ies.

Se bouwe in nêst fan likernôch 1 meter yn trochsneed op 'e grûn, yn in strûk of yn in beam. It nêst wurdt fan tûken boud en beklaaid mei dong, stikjes hûd en sa. Der wurde meastentiids 2 aaien lein yn april of juny; dizze binne wyt mei plakjes. It wyfke briedt en wurdt ûnderwilens fuorre troch it mantsje. Nei 40-45 dagen komme de aaien út. De jongen bliuwe sa'n 60 dagen op it nêst en wurde troch beide âlden fuorre.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De folsleine populaasje waard yn 2016 rûsd op 50 oant 75 tûzen folwoeksen fûgels. De steppe-earn hat in grut ferspriedingsgebiet, mar sûnt 2015 is it dúdlik dat de oantallen oeral drastysk ôfnimme. De soarte is bygelyks ferdwûn yn Moldaavje, de Oekraïne en Roemeenje. Ek yn oare lannen ferdwine populaasjes yn in heech tempo. Rûsd wurdt dat de folsleine populaasje tusken 1997 en 2011 en 2013–2015 mei 58,6% ôfnaam is.
It habitat fan 'e soarte wurdt hieltiten mear feroare troch yntensyf agrarysk gebrûk. De fergiftiging troch bestridingsmiddels easket in grut oantal slachtoffers en elektrisiteitsmesten en wynmûnen soargje foar botsingen. De soarte is ek kwetsber foar it bistedoktermedisyn diklofenak, dat ek gieren yn Pakistan en Yndia nei útstjerren dreaun hat. Om dy redenen stiet de soarte as bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Echte earn
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje

