Stephen Dillane
Stephen J. Dillane (London, 27 maart 1957) is in Britsk akteur fan Australysk komôf. Hy waard yn 2008 nominearre foar in Emmy Award foar syn rol as Thomas Jefferson yn de Amerikaanske minyrige John Adams. Hy wûn in Tony Award yn 2000 foar it spyljen yn Tom Stoppard's toanielstik The Real Thing en in BAFTA TV Award yn 2009 foar syn haadrol yn de telefyzjefilm The Shooting of Thomas Hurndall.
Hy studearre yneartsten skiednis en polityk oan de Universiteit fan Exeter, mei spesjaal omtinken foar de Russyske Revolúsje, en waard dêrnei sjoernalist by de Croydon Advertiser. Dat foldie him lykwols net en doe't er 25 jier wie skreau er him yn by de Bristol Old Vic Theatre School.
Dillane debutearre yn 1987 op it wite doek as Mr. Dunlop yn de dramafilm Business as Usual. Sûnt spile er yn mear as 25 films, telefyzjefilms meirekkene yn goed 35.
Dillane hat twa soannen mei aktrise-regisseur Naomi Wirthner. Soan Frank is yn Harry Potter and the Half-Blood Prince te sjen as Tom Riddle doe't dy sechtjin wie.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]*Sûnder 10+ telefyzjefilms
|
|
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Stephen Dillane fan Wikimedia Commons. |