Springe nei ynhâld

Stephans smaragddo

Ut Wikipedy
Stephans smaragddo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaismaragddowen (Chalcophaps)
soarte
Chalcophaps stephani
Reichenbach, 1851
IUCN-status: net bedrige

Stephans smaragddo of de stephansmaragddo (Chalcophaps stephani) is in fûgelsoarte yn it skaai smaragddowen (Chalcophaps) út de famylje fan 'e dowen (Columbidae).

De Stephans smaragddo is lyts, rustbrún doke fan 20 oant 24 sm lang mei smaragdgriene wjukken, in oranje snaffel en in ljochte foarholle, dy't wyt is by it mantsje en griis by it wyfke. De brune rêch, brune sturt en it plak op 'e foarholle ûnderskiede him fan 'e oare soarten yn it skaai. By de Stephans smaragddo (Chalcophaps stephani) falt ek in lyts, mar dúdlik wyt of ljocht plak efter of boppe it ear op, dat by de oare twa soarten fan it skaai ûntbrekt.

Stephans smaragddowen komme foar yn Yndoneezje, Papoea Nij-Guineä en de Salomonseilannen. Der binne trije ûndersoarten:

De populaasje fan 'e soarte wurdt as stabyl beskôge en de IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (LC, 2018) op 'e Reade list.

De namme fan 'e fûgel ferwiist nei Étienne Stephan Jacquinot (1776–1840), de heit fan 'e Frânske ûntdekkingsreizger Charles Jacquinot.[1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: