Stelling fan it Hollânsk Djip en it Folkerak
Appearance
De Stelling fan it Hollânsk Djip en it Folkerak bestie út in tal ferdigeningswurken. De stelling leit yn it gebiet dêr't it Hollânsk Djip, it Folkerak en it Hjerringflyt gearkomme. De Stelling wie bedoeld om in oanfal op it súdlik part fan Hollân foar te kommen. Fierders beskerme it de wetterferbining tusken Hollân en Seelân en koe it tsjinje as opheinstelling foar út Brabân nei Hollân tebeklûkende troepen. In grut part fan de stelling is bewarre bleaun.
De festingwurken lizze allegear oan (of tichteby) it Hollânsk Djip en it Folkerak.
Dielen fan de stellin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stelling bestie út de neifolgjende festings:
- Festingplak Willemstêd fan 1583;
- Fort de Hel (earder Fort Anna fan 1748 en Fort l'Enfer fan 1811 oant 1813);
- Fort Sabina Henrica yn de Sabina Henrica-polder (earder fort De Ruyter fan 1810, om it Folkerak te ferdigenjen);
- Fort Duquesne (fan 1811, ferneamd nei Duquesne, de admiraal dy't yn de Slach by Agosta tsjin De Ruyter fjochte en dêr it libben by liet yn 1676), fan 1813 ôf Fort Prins Frederik (broer fan Willem I) by Ooltgensplaat op Overflakkee;
- Fort Bovensluis fan 1861 (earder fort Haaren);
- Fort Buitensluis te Numansdoarp fan 1793.
De stelling ûntstie fanwege de Festingwet fan 1874.