Springe nei ynhâld

Reuzesee-earn

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stellersee-earn)
reuzesee-earn
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôffûgels (Accipitriformes)
famyljehaukfûgels (Accipitridae)
skaaisee-earnen (Haliaeetus)
soarte
Haliaeetus pelagicus
Pallas, 1811
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     stânfûgel

     wintergast
     dwaalgast


De reuzesee-earn, stellersee-earn of Stellers see-earn (Haliaeetus pelagicus) is in rôffûgel dy't heart ta it skaai see-earnen (Haliaeetus). It is de grutste fan 'e see-earnen en hy hat swart en wite fearren mei in útsûnderlik grutte en krêftige oranjegiele snaffel en brede wjukken. De soarte bewennet rivieren en kusten fan 'e Stille Oseaan fan Sibearje. Ofhinklik fan harren geografyske lokaasje binne se stân- of trekfûgels. Harren wichtichste oerwinteringsgebiet is Japan.

Reuzesee-earm.

De reuzesee-earn is in tige grutte earn dy't 85 oant 105 sm lang is en in spanwiidte fan 195 oant 230 sm hat. It gruttere wyfke weaget trochstrings 6,8 oant 9 kg en it mantsje 4,9 oant 6 kg. De foarholle, de skouders, de tichte stútfearren en de sturt binne wyt, wylst de rest fan it fearrekleed swartbrún is. De giele snaffel is ekstreem sterk, de waaksige hûd op 'e hoeke fan 'e snaffel en de orbitale ring binne ek giel. De poaten binne ek tige sterk en giel en mei wite fearren op 'e tarsi.

In jonge fûgel is yn earste ynstânsje tige tsjuster fan kleur en yn 'e âldens fan trije krije de jonge fûgels de earste wite fearren lykas dy fan 'e folwoeksen fûgels. Se ha it folslein folwoeksen fearrekleed as se 8 oant 10 jier binne en it lêste dat wyt wurdt is de foarholle.

It grutste part fan 'e populaasje briedt yn 'e kustkriten fan eastlik Ruslân, fral op it skiereilân Kamtsjatka, dêr't de populaasje likernôch 4.000 fûgels grut is. Likernôch 2.000 fûgels oerwinterje op 'e Kûrilen en Hokkaido, Japan.

De soarte wurdt selden fier fan gruttere wettergebieten fûn en bewennet sawol flakke as rotsige kusten, kustlagunes en estuaria, gruttere marren en rivieren fierder it binnenlân yn mear bercheftige regio's, oant 1000 meter boppe seenivo.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kop fan de reuzesee-earn.

De soarte briedt heech in grutte beammen of op in rots. In nêst kin in hichte fan 1,50 m ha en in diameter oant 2,50 m. It pearjen fynt plak tusken febrewaris en maar en yn april-maaie wurde wytgriene aaien lein. Nei in briedtiid fan 39 oant 45 dagen komme de jongen út. Meastentiids oerlibbet mar ien jong fan it nêst. De piken binne ynearsten griis oant wyt en krije letter it donkere fearrekleed. Nei likernôch 10 wiken leare de jonge fûgels te fleanen. Se binne nei likernôch 5 jier geslachtsryp.

It grutste part fan it iten fan 'e fûgel bestiet út fisk, mar it dieet bestiet út in grut ferskaat en se ite ek fûgels, lytse sûchdieren lykas kninen, kjifdieren, skyldpodden en deade bisten. Se sirkelje boppe it wetter en dûke dan nei ûnder om de proai te pakken. It is bekend dat se iten stelle fan oare rôffûgels.

De wrâldpopulaasje fan 'e soarte wurdt tusken 3.600 en 4.670 folwoeksen fûgels rûsd en oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne. Yn 'e jierren 1990 waard de populaasje noch op likernôch 7500 fûgels rûsd. Bedrigingen binne de feroaring fan habitat, fersmoarging, it oerbefiskjen en leadfergiftiging troch it iten fan hagel út karkassen fan harten. De IUCN klassifisearret de soarte as kwetsber (Vulnerable, 2021) op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: