Stellenbosch (stêd)

Ut Wikipedy
Stellenbosch
Polityk
Lân flagge fan Súd-Afrika Súd-Afrika
Provinsje West-Kaap
Gemeente Stellenbosch
Sifers
Ynwennertal 106.294 (2012)
Oerflak 812 km²
Befolkingsticht. 130,9 ynw./km²
Hichte 136 meter
Oar
Stifting 1679
Postkoade 7599, 7600
Tiidsône SAST (+2)
Koördinaten 33° 55' 12" SB, 18° 51' 36" EL
Kaart
Stellenbosch (West-Kaap)
Stellenbosch
De lokaasje fan de gemeente Stellenbosch yn it distrikt Kaapske Wynlannen yn Súd-Afrika.

Stellenbosch is in stêd yn Súd-Afrika. It leit yn de gemeente Stellenbosch yn de West Kaap, ien fan de provinsjes fan Súd-Afrika. De stêd hat likernôch 60.000 ynwenners, yn de heule gemeente wenje likernôch 117.000 ynwenners en omfiemet ek it omlizzende gebiet, mei it doarp Franschhoek en de buorskippen Pniel en Nuweberg. Ek de sloppewyk Kayamandi, dat op in heuvel oan de râne fan Stellenbosch leit, leit yn de gemeente.

De stêd is ek wol bekend ûnder de namme Ikestêd (Afrikaansk: Eikestad) om it grutte tal iken dat yn de 17e iuw plante waard yn de stêd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skilderij fan Stellenbosch, makke troch Samuel Davies yn 1778.

De stêd waard stifte yn 1679 troch de gûverneur fan de Kaapkoloanje, Simon van der Stel. Hy joech syn eigen namme oan it plak, Stellenbosch (Van der Stel syn Bosk). It gebiet stie dêrfoar noch bekend as Wildenbosch. It leit oan de igge fan de Eerste Rivier, dat sa neamd waard omdat it de earste rivier wie dy’t berikt waard en dy’t hy ek folge neidat Jan van Riebeeck him der op útstjoerde om it gebiet te ferkennen. Van der Stel wie bot ûnder de yndruk fan it skientme en de fruchtberens fan it lân. Noch yn 1679 setten harren de earste kolonisten dêr ta wenjen. It is dêrmei nei Kaapstêd de âldste Jeropeeske delsetting yn Afrika. De stêd groeide sa hurd dat it in wichtige lokale stêd waard yn 1682. Yn 1685 kaam de rjochterlike macht yn Stellenbosch.

De Nederlanners wienen goed mei wetterboukunde en makken in systeem dat it wetter út de Eerste Rivier helle en troch de Van Riebeeck Strjitte nei de mûne yn de Mûne Strjitte brocht.[1]

Yn de jierren 1710, 1803[2] en 1875 hie it doarp te krijen mei grutte brânen en geregeld rûn de Eerste Rivier oer. Stadichoan mear minsken lutsen fuort, ek omdat minsken meidienen oan de Grutte Trek, rjochting it easten. Dizze efterútgong yn wichtigens waard stoppe mei it jaan fan de universiteitsstatus oan it Stellenbosch Gymnasium yn 1918.

Gebou mei in gevel yn de typyske Kaapsk-Hollânske styl.

Stellenbosch is tsjintwurdich in wichtich sintrum fan de Súd-Afrikaanske wynbou wurden. Dat begûn al gau nei de stifting fan de delsetting. Frânske Hugenoaten planten dêr druven yn de fruchtbere boaiem, al gau waard it doarp it sintrum fan de wynyndustry fan Súd-Afrika. De iken yn de stêd binne noch in oerbliuwsel fan de begjinjierren fan de wynhannel yn Stellenbosch. De wyn moast bewarre wurde yn ikehouten fetten, sa wienen de boeren út Jeropa dat wend, dat der wie grut ferlet oan ikehout. Tûzenen iken binne yn de begjinjierren plante troch Simon van der Stel en syn soan Willem Adriaan van der Stel. Stellenbosch wurdt dêrom ek wol de Ikestêd neamd. Omdat de iken troch it Súd-Afrikaanske klimaat in stik hurder groeiden as yn Jeropa, wie it ikehout al gau te spûnseftich, en dus net te brûken foar it meitsjen fan wynfetten. De âldste iik is no mear as 200 jier âld.

Yn de tiid fan de Twadde Boere Oarloch (1899-1902) wie Stellenbosch in Britske militêre basis.

Foar toeristen is Stellenbosch benammen aardich om de talrike âlde huzen dy’t yn Kaapsk-Hollânske styl boud binne. Benammen de doarpsstrjitte is bekoarlik foar it each mei ûnder oare ‘‘Oom Samie se winkel’’.

Yn Stellenbosch is ek it Technopark Stellenbosch fêstige.

Ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stellenbosch hat in ynwennertal fan likernôch 117.000 (2001), útsein de studinten dy’t op de kampus fan de universiteit wenje. It giet hjir om in telling fan formeel-behuze ynwenners, en is dus in ûnderskatting fan it wiere tal ynwenners, omdat yn de omkriten fan Stellenbosch ek in tal ynformele delsettings steane.

Der wurdt benammen Afrikaansk sprutsen yn de omkriten fan Stellenbosch, mei grutte Ingelske en Xhosa minderheden. De swarte ynwenners fan it gebiet sprekke benammen Xhosa as memmetaal, wite minsken hawwe Afrikaansk en Ingelsk as memmetaal en de kleurde minsken, dy’t yn de mearderheid binne, sprekke Afrikaansk.

By de telling fan 1833 wennen der 16.137 minsken yn it distrikt. Dêrfan wienen 8.555 slaven, 6.066 wyt, 1.220 Hottentotten en 296 Frije Swarten.[3]

Panorama-byld fan Stellenbosch, sjoen fan de Papagaaiberch ôf.

Klimaat en geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foto fan de omkriten fan Stellenbosch yn de winter.

Stellenbosch leit op justjes 55 kilometer eastlik fan Kaapstêd, sa’n 114 meter boppe de seespegel. Stellenbosch leit yn it heuveleftige lân fan de Kaapske Wynlannen, it leit yn in delte, mei oan de westkante de Papegaaiberch, dat eins in heuvel is. Yn it suden en easten lizze hege bergen, mei de Stellenbosch Berch súdlik fan Stellenbosch en de Simonsberch, de Jonkershoekberch en de Drakenstein Bergen yn it easten en súdeasten. De Tweeling Pieke (1.494 meter) foarmet in herkenningspunt fan de regio. De Victoria Pyk is mei 1.590 meter it heechste plak fan it gebiet.

De boaiem bestiet út donkere klaai en soarget der tegearre mei it goed drainearre en heuveleftige terrein en it mediterraanske klimaat foar dat it in goed gebiet is foar de wynbou. De simmers yn it gebiet binne drûch en waarm oant hjit. Yn de moannen febrewaris en maart komt it dan geregeld boppe de 30°C. De winters binne koel, reineftich en somtiden stekt de wyn bot op yn dy perioade. Yn dy tiid is de temperatuer trochstrings 16°C. Snie komt eins net foar yn de West Kaap, allinnich op de ferskate bergen yn de omkriten fan Stellenbosch wurdt it wol sjoen. Yn de maitiid en mei de hjerst is it trochstrings 20°C.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Nederlânsk reformearre Moederkerk fan Stellenbosch.

Yn Stellenbosch binne in soad huzen út de tiid fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy bewarre bleaun. Guon huzen binne yn it behear fan Dorp Museum. De huzen wurde restaurearre en wer yn de âlde steat werombrocht, bygelyks it Roazehof.

Yn it suden fan de stêd stiet it Erfurthús, in filla út 1876 dat yn Fiktoriaanske styl boud is.

Eastlik fan it stedsstintrum stiet de âldste tsjerke fan Stellenbosch, de Nederlânsk reformearre Moederkerk, dy’t yn 1722 boud waard. It oarspronklik noch mei in striedak bedekte gebou waard yn 1863 troch de Dútser Carl Otto Hager yn neogoatyske styl omboud. De wite gevel is typysk foar de West Kaap.

Ek it universiteitsgebou fan de Universiteit Stellenbosch is it besjen wurdich. It gebou waard yn 1886 yn neoklassike styl ynrjochte.

Underwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste skoalle iepene har doarren al yn 1683, mar it ûnderwiis kaam pas goed op gong nei it iepenjen fan in seminarium fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. De Rhenish Famkes Hegeskoalle, út 1860, is de âldste famkesskoalle fan Súd-Afrika.[4] Yn 1866 waard de Stellenbossche Gymnasium stifte, in part dêrfan waard letter it Victoria Kolleezje, dat yn 1918 de status fan universiteit krige, de Universiteit Stellenbosch. Paul Roos, in ferneamd rugbyspiler fan Súd-Afrika, wie fan 1909 oant 1940 it haad fan it gymnasium. De skoalle waard by syn pensjoen yn 1940 nei him ferneamd, it Paul Roos Gymnasium.

De Universiteit Stellenbosch is ien fan de grutte universiteiten fan Súd-Afrika. It giet al werom nei 1863 en hat tsien ferskillende fakulteiten. Op it stuit studearje der sa’n 26.000 studinten.

Sport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rugby is de populêrste sport fan it gebiet. Stellenbosch hat mei de Maties Rugby Club ien fan de âldste en grutste rugbyklups fan de wrâld. Ek wurdt der wol oan fuotbal dien, Stellenbosch hopet yn 2010 it plak te wêzen dêr’t ien fan de nasjonale fuotbalploegen harren delset foar it Wrâld Kampioenskip fuotbal. Stellenbosch beskikt oer twa hockeyfjilden, it hat dêr de ICC Froulju Wrâldbeker Kwalifikaasjes hâlden, dy’t Súd-Afrika winne soe. Oare sporten dy’t dien wurde binne tennis, swimmen, atletyk en wetterpolo.

Wynbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn druvefjild by Stellenbosch.
Foto fan de Plein Strjitte yn Stellenbosch.

Mei Paarl en Franschhoek foarmet Stellenbosch de Kaapske Wynlannen, de grutste fan de twa wichtige wynbougebieten fan Súd-Afrika. De Súd-Afrikaanske wynyndustry produsearret om en de by de 1.000.000.000 liter wyn it jier. Stellenbosch is de lokaasje dêr’t ûndersyk dien wurdt nei de wynbou. Professor Perold wie de earste Professor yn de Wynbou oan de Universiteit Stellenbosch. De Stellenbosch Wynrûte waard yn 1971 makke, it is in wrâldferneamde toeristyske attraksje.

De regio hat in mediterraansk klimaat mei waarme drûge simmer en koele wiete winters. Stellenbosch leit oan de foet fan de Kaap Fold berchrige, en beskikt oer fruchtbere grûn dy't goed geskikt is foar de wynbou. It meast wurde der wyndruven ferboud.

De Stellenbosch Cabernet Sauvignon is in wynsoarte dy’t in goeie reputaasje oan it opbouwen is.[5]

List fan foarstêden en wiken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Arbeidslus
  • Brandwacht
  • Cloetesville
  • Dalsig
  • De Zalze
  • Dennesig
  • Die Boord, voorheen Rhodes Fruit Farms
  • Die Rant
  • Idasvallei
  • Jamestown
  • Karindal
  • Krigeville
  • Kayamandi
  • Welbedaght
  • La Colline
  • Mostertsdrift
  • Onderpapegaaiberg, ook bekend as Voëltjiesdorp
  • Paradyskloof
  • Plankenberg
  • Rozendal
  • Simonswyk
  • Tegnopark
  • Tennantville
  • Middedorp
  • Uniepark
  • Universiteitsoord
  • Welgevonden
Byld fan Kayamandi út 2006.

Kayamandi[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kayamandi is in sloppewyk oan de westkante fan Stellenbosch. De sloppewyk is tsjin de Papagaaiberch opboud. It waard yn de jierren ’50 fan de 20e iuw boud om swarte manlike arbeiders ûnderdak te jaan dy’t op de buorkerijen yn de omkriten fan Stellenbosch wurken.

Ferneamde minsken fan Stellenbosch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. State of the Cape of Good Hope, in 1822, Troch William W. Bird, Henry Thomas Colebrooke, 1823 (sjoen op 5 novimber 2009)
  2. The cyclopædia: or, Universal dictionary of arts, sciences, and literature. Volume 34, troch Abraham Rees, 1819 (sjoen op 5 novimber 2009)
  3. Skiednis fan Súdlik Afrika. Robert Montgomery Martin, 1836. London: Whittaker & Co. (sjoen op 5 novimber 2009)
  4. Rhenisch 150
  5. De Wyn Bibleteek, Omskriuwing fan wyn yn Stellenbosch (sjoen op 5 novimber 2009)