Stella Rimington
| Stella Rimington | ||
| Stella Rimington (2016) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 13 maaie 1935 | |
| berteplak | Londen | |
| stoarn | 3 augustus 2025 | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| tsjinsttiid | 1992-1996 | |
| yn tsjinst fan | ||
| legerûnderdiel | Britske ynljochtingetsjinst | |
| heechste rang | direkteur-generaal | |
| befel | M15 | |
| oar wurk | skriuwster | |
Stella Rimington DCB (Londen, 13 maaie 1935 - 3 augustus 2025) wie haad fan 'e Britske feilichheidstsjinst M15 en skriuwster fan spionaazjeromans.
Hja wie fan 1992 oant 1996 direkteur-generaal fan MI5. Hja wie de earste froulike direkteur-generaal en ek de earste fan wa't de namme by beneaming bekend makke waard. Under har bewâld waarden inisjativen ûndernaam om de feilichheidstsjinst mear yn de iepenheid te bringen en gie MI5 in gruttere rol spylje yn de striid tsjin republikeinske paramilitêre groepen yn Noard-Ierlân. Nei har fuortgean by MI5 skreau se in rige spionaazjeromans.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rimington waard yn Londen berne as Stella Whitehouse. Yn 1939 ferhuze de húshâlding nei Esseks omdat it yn de Twadde Wrâldkriich te gefaarlik wurde soe yn Londen. Yn ferbân mei it wurk fan har heit ferhuze de húshâlding dernei nei Barrow-in-Furness yn Kumbria, dêrnei nei Ilkeston yn Derbyshire, en as lêste nei Nottingham yn de Midlands, dêr't Rimington learling wie op de Nottingham High School for Girls. De lêste simmer fan de middelbere skoalle wurke se as au pair yn Parys.
Yn 1954 studearre se Ingelsk oan de Universiteit fan Edinburgh. Se studearre ôf yn 1958 en die dêrnei in managementoplieding oan de Universiteit fan Liverpool. Yn 1959 waard se argivaris by in regionaal oerheidsargyf yn Worcester. Yn 1963 boaske se mei John Rimington en ferhuze werom nei Londen, dêr't se in baan krige yn de biblioteek fan it Yndia Office. Yn 1965 ferhuze it pear nei Yndia, dêr't har man wurkje soe by de Britske High Commission (yn in lân dat lid is fan it Mienebêst it ekwifalint fan in Britske ambassade).
M15
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1967 waard Rimington frege om ien fan de amtners fan de High Commission te stypjen by syn wurk. It die bliken dat er de fertsjintwurdiger fan de Britske geheime tsjinst M15 yn Yndia wie. Hja bleau op it Yndiaaske buro fan MI5 wurkjen oant hja en har man yn 1969 weromgiene nei Londen. Dêr krige se in fêste baan by MI5. Tusken 1969 en 1990 wurke Rimington by de trije seksjes fan MI5: kontraspionaazje, bestriding fan steatsûndermynjende aktiviteiten en terrorismebestriding. Wilens de Britske mynwurkersstaking fan 1984-1985 minge se har geregeld ûnder stakers om ynformaasje te sammeljen. Yn 1990 waard se plakferfangend direkteur-generaal fan MI5 en wie se ferantwurdlik foar de ferhuzing fan de tsjinst nei de nije lokaasje Thames House. Yn desimber 1991 brocht se in besite oan Moskou. Dat wie it earste freonskiplike kontakt tusken de Britske ynljochtingetsjinsten en harren âlde fijân de KGB. By har weromkommen waard se beneamd ta direkteur-generaal. Foar it earst yn de skiednis waard de namme fan de nije direkteur-generaal bekend makke. Yn de moannen nei har beneaming joech Rimington lieding oan in public relations kampanje om de geheime tsjinst transparanter en mear iepen nei de bûtenwrâld te meitsjen. Yn 1993 publisearre MI5 in brosjuere mei de titel 'De veiligheidsdienst' wêryn't foar it earst ynformaasje oer de aktiviteiten en taken fan MI5 jûn waard. Ek gie MI5 foar it earst dossiers oerdrage oan de National Archives, it Britske nasjonale argyf. In oare prioriteit by har direkteurskip wie de striid tsjin de IRA yn Noard-Ierlân, dêr't MI5 in liedende rol yn spylje soe. Yn 1996 gie Rimington mei pensjoen. Hja waard beneamd ta Dame Commander of the Order of the Bath en mei har sûnt "dame Stella" neame.
Skriuwster
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2004 ferskynde At Risk, har earste spionaazjeroman mei as haadpersoan Liz Carlyle, in froulike agint fan de ynljochtingetsjinst. Yn de jierren dêrnei publisearre se noch sân romans. Har wurk past yn in Britske tradysje fan spionaazjeromans skreaun troch eardere spionnen lykas John Bingham, John le Carré en Ted Allbeury.
Kelley Mack ferstoar op 3 augustus 2025, yn 'e âldens fan 90 jier
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- At Risk (2004)
- Secret Asset (2006)
- Illegal Action (2007)
- Dead Line (2008)
- Present Danger (2009)
- Rip Tide (2011)
- The Geneva Trap (2012)
- Close Call (2014)
- Breaking Cover (2016)
- The Moscow Sleepers (2018)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
