Stella Polaris (Dieden)
| Stella Polaris | ||
| lokaasje | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | Dieden | |
| adres | Maasdyk 76 | |
| koördinaten | 51°49'N 5°36'E | |
| bysûnderheden | ||
| type mûne | stellingmûne | |
| oarspr. gebrûk | nôtmûne | |
| flecht | 24,5 m | |
| boujier | 1865 | |
| oare ynformaasje | ||
| eigner | partikulier | |
| monumintale status | ryksmonumint | |
| monumintnûmer | 32362 | |
| Kaart | ||
De Stella Polaris (Latyn foar Poalstjer) is in eardere nôtmûne yn it Noardbrabânske doarpke Dieden yn 'e gemeente Oss. De Stella Polaris wie oant 1957 yn gebrûk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mûne waard yn 1865 as in nôtmûne boud. By de bou waarden twaddehâns materialen brûkt. De dikke stipebalken fan 'e mealsouder en de stiennen souder kamen fan in ôfbrutsen mûne dy't oan 'e oare kant fan 'e Maas stie. Dy balken binne folle âlder as de mûne.
Faak wie it meallen fanwegen te min wyn net mooglik en dêrom waard oan 'e noardwestkant in romte tafoege foar in diselmotor. As der gjin wyn wie, koe dy de mûne oandriuwe. As it hurd frear wie it winterdeis lykwols lestich om de diselmotor draaiend te krijen. Om de kontinuïteit better te garandearjen, waard ein 1956 in elektrysk oandreaune meallerij oan 'e Voorstraat yn gebrûk nommen.
Yn 1958 waard de mûne foar 6.000 gûne oan in frommis ferkocht om yn 'e mûne te wenjen. Om dat mooglik te meitsjen waard it binnenwurk útbrutsen. Allinnich it binnenwurk fan 'e kape en it kroanrêd binne bewarre bleaun. Ek waarden de muorren sânstriele, wêrtroch't de muorren nei alle gedachten poreuzer waarden. It wenjen yn 'e mûne foel har bot ôf want it wie kâld en fochtich en winterdeis wie it net te dwaan. Ek it kreakjen fan 'e wjukken by hurde wyn makke it minske benaud, dat nei trije jier krige hja har nocht en gie se fuort.
De mûne waard yn 1964 wer ferkocht oan in Rotterdamske reder en dy nije eigner brûkte de mûne om syn argiven yn op te slaan. Mar de nije eigner ferhuze noch yn nei it bûtenlân en liet de mûne ferkomme en dy rekke al gau yn ferfal. Troch it focht waard it ynterieur oantaast en de mûne wie ek it doel fan fernieling.
Nei it ferstjerren fan 'e reder yn 1972 waard de mûne kocht troch in jonge stel, dy't wol wat renovaasjewurk útfierden mar noch yn itselde jier wer fuortgyngen fanwegen de kjeld en it focht en op 'e nij stie de mûne leech.
Yn 'e jierren 1980 wenne de loftfeartsjoernalist Hugo Hooftman in skoft yn 'e mûne. Ek waard de mûne yn dy jierren restaurearre en de mûne wie dêrnei better te bewenjen. Ek hjoed-de-dei wurdt de mûne bewenne en as atelier brûk. De mûne is noch jimmeroan yn partikulier eigendom.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Stella Polaris is in rûne stellingmûne. De stelling is 4,1 m heech. De mûne hat in flecht fan 24,5 m en de wjukken binne Aldhollânsk ophekt. De kape fan 'e mûne is dutsen mei teklear.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
