Springe nei ynhâld

Stienhústermûne

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Steenhuistermûne)
Stienhústermûne
mûne / mole
De mûne yn 2012
De mûne yn 2012
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Stiens
adres Wurgedyk 18
koördinaten 53° 16'N 5° 49'E
bysûnderheden
type mûne poldermûne
funksje muonts
flecht 15,00 meter
boujier 1880
oare ynformaasje
eigner De Fryske Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 24547[1]
Webside
Side De Fryske Mole
Kaart
Stienhústermûne (Fryslân)
Stienhústermûne

De Stienhústermûne (Nederlânsk: Steenhuistermolen) is in poldermûne en ryksmonumint tichteby Stiens yn de gemeente Ljouwert. It is in houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren, reiddekt en in flecht fan 15,00 m.

De Stienhústermûne is in mealreeë muonts, dy't likernôch trije kilometer eastlik fan Stiens stiet. De mûne waard yn 1880 boud foar it bemeallen fan de Stienhústerpolder. Nei't de mûne yn 1952 troch in stoarm beskeadige wie, waard oerweage om him te ferfangen troch in wynmotor, mar dat plan waard wer oan de kant skood.

Yn 1962 bruts ien fan de roeden, wat yn 1967 wersteld waard. Twa jier letter ferlear de Stienhústermûne syn funksje, troch't meganysk bemeallen ynfierd waard. Yn 1985 waard de mûne eigendom fan de Stifting De Fryske Mole.

De mûne, dy't yn 2000 restaurearre waard, is op ôfspraak te besichtigjen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: