Steatspark Grizzly Creek Redwoods

Ut Wikipedy
Steatspark Grizzly Creek Redwoods
Grizzly Creek Redwoods State Park
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
county Humboldt County
neiste plak Carlotta (Kalifornje)
koördinaten 40°29′07″ N 123°54′22″ E
oare ynformaasje
status steatspark
oerflak 1,7 km²
stifting 1943
behear CDPR
webside www.parks.ca.gov/...id=421
kaart
Steatspark Grizzly Creek Redwoods (Kalifornje)
Steatspark Grizzly Creek Redwoods
Lokaasje yn Kalifornje.

It Steatspark Grizzly Creek Redwoods (Ingelsk: Grizzly Creek Redwoods State Park) is in steatspark yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. It waard oprjochte yn 1943 om 'e kustmammoetbeammen oan 'e rivier de Van Duzen te beskermjen.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Steatspark Grizzly Creek Redwoods leit yn Noardlik Kalifornje yn 'e county Humboldt, likernôch 32 km besuden de stêd Eureka en 27 km eastlik fan Fortuna oan State Route 36. It neiste plak is Carlotta. It steatspark is nei Amerikaanske mjitstêven lyts en hat in oerflak fan yn totaal 170 ha, ferdield oer trije net opinoar oanslutende perselen. It Steatspark Grizzly Creek Redwoods hat in mediterraan klimaat mei waarme simmers en mylde winters. It behear fan it park is yn 'e hannen fan it Kalifornysk Departemint fan Parken en Rekreaasje (CDPR).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Steatspark Grizzly Creek Redwoods koe yn 1943 oprjochte wurde troch in donaasje oan 'e Steat Kalifornje troch Owen R. Cheatham, de oprjochter fan 'e Georgia-Pacific Corporation. Dyselde woe dêrmei it fuortbestean fan twa bosken kustmammoetbeammen (Sequoia sempervirens) oan 'e rivier de Van Duzen oant yn ivichheid feilichstelle. Yn 1983 waard troch it krewearjen fan 'e Save the Redwoods League, in aksjegroep dy't him ynset foar it behâld fan 'e mammoetbeammen (Ingelsk: redwoods), in trêde perseel oan it park tafoege. Dat wie de Cheatham Grove, dy't likernôch 6,4 km bewesten it haadperseel leit.

Kustmammoetbeammen (Sequoia sempervirens).

Yn 2008 waard it Steatspark Grizzly Creek Redwoods mei sluting bedrige. Yn july 2012 wie dat jitris it gefal, doe't it ien fan 70 Kalifornyske steatsparken wie wêrfan't it fuortbestean faai stie. Beide kearen koe sluting foarkomd wurde troch it trochfieren fan yngeande besunigings op iepeningsoeren en ûnderhâld.

Gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Steatspark Grizzly Creek Redwoods is in tige besletten park fanwegen syn ôfhandigens yn ferhâlding ta U.S. Route 101, de grutte trochgeande wei troch de krite. Op in troch-de-wykse dei kin in inkele besiker skoan de iennichste minske yn it hiele park wêze.

Cheatham Grove omfettet in koart kuierpaad fan likernôch oardel kilometer lang. It steatspark hat in beskate bekendheid krigen as ien fan 'e filmlokaasjes foar de ferneamde science fiction-film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi mei Mark Hamill, Carrie Fisher en Harrison Ford. Yn 'e film giet it steatspark troch foar it lânskip fan 'e Boskmoanne Endor.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.