Stasjon Maarn

Ut Wikipedy
Stasjon Maarn
station Maarn
Stasjon Maarn yn 2020
Stasjon Maarn yn 2020
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utertske Heuvelrêch
plak Maarn
adres Kapelweg 34
arsjitektuer
stasjonskoade Mrn
iepening 15 maart 1845
boujier 1895 1e stasjonsgebou
1909 2e stasjonsgebou
sloopjier 1909 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1895
Arsjitekt ûnbekent
1e stasjonsgebou
1909
Arsjitekt ûnbekent
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Rhijnspoarwei
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Maarn (Utert)
Stasjon Maarn

Stasjon Maarn (Mrn) is in spoarstasjon yn it Nederlânske doarp Maarn, yn de gemeente Utertske Heuvelrêch yn de provinsje Utert. It waard iepene yn 1845 oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten).

Gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2e stasjonsgebou stasjon Maarn yn 1913

It oarspronklike stasjonsgebou wie in hiel lyts stiennen wachthokje mei puntdak. Yn 1895 waard it gebouke fergrutte. Oan beide siden kamen identike geboukes dy't grutter wiene as it besteande hokje.

Yn 1909 waarden dy geboukes ferfongen troch in grutter stasjonsgebou, in leech asymmetryske gebou mei neist in pear romten foar de stasjonstsjinst ek in tsjinstwenning. De yngong oan it stasjonspleintsje wie aksintuearre mei in puntgevel. De wenning wie oan de rjochterkant fan it gebou en wie heaks op de rest fan it gebou pleatst.

Yn 1972 naam NS goed in kilometer westlik fan it stasjon in nij stasjon Maarn yn gebrûk. It stasjon ferfong net allinnich it âlde stasjon, mar yndirekt ek it stasjon fan Maarsbergen dat hast trije kilometer eastliker lei. It âlde stasjonsgebou bleau yn gebrûk as wenhûs. Yn it part dêr't ea de stasjonsfunksjes sieten, wie earst noch in skoft de Spoarweiplysje fêstige.

It nije stasjon krige gjin stasjonsgebou. It stasjon hat in abry, in iepen fytsestalling mei fytsklûzen, in pear parkearplakken. Yn 2015 binne der liften by it stasjon boud om it stasjon tagonklik te meitsjen foar reizgers mei in rolstoel.[1][2]

Yn de buert fan it âlde stasjon is noch hieltyd in lyts stasjonsgebiet foar frachtferfier. Fan it wiidweidige rangearterrein dat fan 1901 oant begjin jierren'30 foar it stasjon oer lei, restearje nei de oanlis fan de A12 noch in pear spoaren. Oan de oare kant fan de sneldyk binne yn natuergebiet De Zanderij noch restanten fan twa draaiskiven.

Treinferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
7300 Sprinter (NS) BreukelenUtert-SintraalDriebergen-SeistMaarnVeenendaal SintrumRhenen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: