Springe nei ynhâld

Stasjon Ynskedee Kennispark

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stasjon Enschede Kennispark)
Stasjon Ynskedee Kennispark
station Enschede Kennispark
Stasjon Ynskedee Kennispark yn 2022
Stasjon Ynskedee Kennispark yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Ynskedee
plak Ynskedee
adresForum 10
arsjitektuer
stasjonskoadeEsd
typeTrochgongsstasjon
iepening22 novimber 1996
arsjitektWienke Scheltens
oare ynformaasje
perrons2
perronspoaren2
spoarlineSteatsline D
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Ynskedee Kennispark (Ynskedee)
Stasjon Ynskedee Kennispark

Stasjon Ynskedee Kennispark (Esd) is in spoarweistasjon yn de stêd Ynskedee yn de provinsje Oerisel en waard iepene yn 1996 oan de Steatsline D (Sutfen - Glanerbrug). It is iepene foar it bedriuweterrein Drienerlo, dat westlik fan Ynskedee leit. Stadion De Grolsch Veste fan fuotbalklup FC Twinte leit der tsjinoer. Efkes fierderop leit ek de kampus fan de Universiteit Twinte.

It stasjonsgebou is fan de hân fan arsjitekte Wienke Scheltens, it is in kegelfoarming gebouke, mei trije ferdjippingen. yn de earste twa ferjippings binne der winkeltsjes. Boppe-yn, op perronhichte, is in wachtromte. De twa perrons, oan wjerskanten fan de twa spoaren, lizze foarinoar oer op de spoardyk. Fia in brede tunnel kin men beide perrons berikke. Fytsers kinne ek gebrûk meitsje fan dizze tunnel. Oant 13 desimber 2015 hjitte it stasjon, stasjon Ynskedee Drienerlo.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
7000 Sprinter (NS) ApeldoarnDimterAlmeloHengeloYnskedee KennisparkYnskedee In healoeretsjinst
RS 23
7900
Sprinter (Keolis) SwolAlmeloHengeloYnskedee KennisparkYnskedee
Boarnen, noaten en/as referinsjes: