Springe nei ynhâld

Stampede Pass

Ut Wikipedy
Westlike yngong Stampede tunnel

Stampede Pass is in berchpas yn de Amerikaanske steat Washington op de grins fan Kittitas en King County 's. It leit justjes súdlik fan Snoqualmie Pass. It is eins allinne brûkt foar it spoar. It Noardpasifysk Spoar (Northern Pacific Railway) boude it spoar en in 3 km lange tunnel tusken 1881 en 1888 yn it ramt fan de spoarferbing fan Chicago nei Seattle. Oan de westkant fan de pas leit it plakje Weston en oan de eastkant it plakje Easton, dy ornearre binne foar spoar- en tunnelwurkers. Beide plakjes krigen in stasjontsje. Yn 1892 waard it stasjontsje yn Weston sletten, om't it plak ûngeunstich lei op mêd fan útwreiding en krige it 6 km bewesten lizzende Lester in stasjontsje. Yn 1915 waard it spoar ferdûbele tusken Lester en Easton. Yn 1984 skraste it Northern Burlington Railway it spoar en yn 1995/'96 syn neikommer it BNSF Railway weriepene it spoar om it drokker wurdende ferkear yn it Pacific Northwest op te fangen. Sûnt 2007 is it BNSF Railway yn de mande mei oerheidsynstellings fan Washington en fergrutsje de tunnel foar yntermodaal ferfier. De tunnel is no te lyts foar dûbel steapele ferfier.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]