Stade de France
Appearance

It Stade de France (Frysk: Stadion fan Frankryk) is it nasjonale stadion fan Frankryk. It leit noardlik fan Parys, yn de gemeente Saint-Denis. It is it grutste stadion fan Frankryk en ien fan de grutste fan Europa. It wurdt brûkt troch it Frânske fuotbalalvetal en it Frânske rugbyteam.
It waard brûkt foar de Olympyske Simmerspullen 2024, it WK fuotbal, it WK rugby, it Europeesk kampioenskip fuotbal 2016 en de UEFA Champions League.
It stadion wurdt ek brûkt foar grutskalige muzykkonserten. De folgjende ynternasjonale artysten hawwe hjir optreden: The Rolling Stones, Beyoncé, Coldplay, Metallica, U2, Rihanna, AC/DC, Céline Dion, Tina Turner, Jay-Z, Red Hot Chili Peppers, Eminem, Lady Gaga, Paul McCartney, Madonna, The Police, Rammstein.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Stade de France fan Wikimedia Commons. |