Grutte of Sint-Martinustsjerke (Dokkum)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan St. Maartenstsjerke)
Jump to navigation Jump to search
Grutte of Sint-Martinustsjerke
Grote of Sint-Martinuskerk - Dokkum.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Coat of arms of Dongeradeel.svg Dongeradiel
plak Dokkum wapen.svg Dokkum
adres Merk 2
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 14e iuw
boustyl Gotyk
oare ynformaasje
webside Protestanske gemeente Dokkum-Ealsum-Wetsens

De Grutte of Sint-Martinustsjerke is in tsjerke yn Dokkum.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste tsjerke dy't op dat stee boud waard wie in tsjerke út de 10e iuw. Letter binne resten fûn fan in tsjerke út de 11e iuw, en in tredden-ien waard yn de 13e iuw boud. De hjoeddeiske tsjerke is boud om 1590 hinne. Yn it jier 1580 ferovere de Filips greve fan Hohenlohe-Langenburg de stêd Dokkum foar Willem fan Oranje. Dat betsjutte foar Dokkum dat de besetting fan de Spanjerts oer wie, mar ek dat de herfoarme earetsjinst ynfierd wurde koe.

Twa tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wiene yn dy tiid twa tsjerken. De Abdijtsjerke wie eigendom fan it kleaster, dat op de Merk stie. Dy kaam yn hannen fan de provinsje. Ek wie der de lytse tsjerke. Beide tsjerken wienen yn minne steat en brekfallich. Dokkum frege oan de provinsje jild foar de restauraasje. Nei in soad ûnderhannelingen waard besletten dat de Abdijtsjerke sloopt wurde moast en dat de lytse tsjerke yngreven restaurearre wurde moast. De stiennen dy't by dy restauraasje brûkt waarden, kamen foar it meastepart fan de Abdijtsjerke. De namme Lytse Tsjerke waard feroare yn De Grutte of Sint Martinustsjerke. De ferbouwing wie tusken 1588-1593.

Grêfstiennen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Inkele grêven yn de tsjerke binne wierskynlik setten by de ferbouwing. Dat is bekend woarn troch berekkening fan de grêven dy't út 1591 komme. In soad grêfstienen lizze noch altiten yn de tsjerke. Sa binne bygelyks de grêven te sjen fan Luitien Cornelis dy't ferstoar yn 1636. Nei de moard op Willem fan Oranje frege de republyk help oan Ingelân. Dy stjoerde yn 1584 Robert Dudley, de Earste greve fan Leicester mei 5000 soldaten. Syn komst wie gjin súkses. Hy waard beskuldige fan fraude en hy waard yn 1587 twongen Nederlân te ferlitten. De tsjerke hat grêven fan Ingelske en Skotske militêren dy't yn Nederlân mei de Greve fan Leicester kaam binne.

Grêfstien yn de tsjerke: DEN 18 MAY STERF DEERBARE TRYN POPKE DR ZYN HVISFROV 1629 DEN 23 AVGUSTI STERFDE E BVRGEMEYSTER GABBE LeNS A° 1595

Restauraasje en ferbouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Frânske besetting kaam de skieding fan tsjerke en steat. Dat hie yn 1799 gefolgen foar de tsjerke. De pastorij en it tsjerkegebou dy't steatseigendom wiene waarden eigendom fan de tsjerke. It wie foar de tsjerkemienskip swier om foar dizze gebouwen te soargjen, omdat der mear oan ûnderhâld dien waard. Yn 1856-1857 wie der in grutte restauraasje. Tusken 1964-1968 wie de lêste grutte ferbouwing. It hjoeddeiske uterlik is doe ûntstien. By dy ferbouwing waard ek archeologysk ûndersyk dien yn de tsjerke. Doe binne prachtige mozaykflieren fûn. Ek waarden yn dy tiid fûneminten fan de âlde Abdijtsjerke en de Abdijtoer fûn.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1590 waard de preekstoel makke troch Jan Claessoan Kistemaker, mar nei 10 jier wie dy al slim ferfallen. Yn 1750 waard úteinlik besletten dat der in nije preekstoel komme moast. Dy preekstoel waard troch arsjitekt Sjouke Nooteboom betocht. Op 30 maaie 1751, earste Pinksterdei, waard er yn gebrûk nomd. Der waard in oargel yn 1688 boud troch oargelbouwer Helman út Grins. De oargelkast is noch altiten it orizjineel fan doe. Yn 1979 waard it âlde muzykynstrumint ferfongen troch in nijen-ien, makke troch oargelbouwer Flentrop út Zaandam. Safolle as mooglik is de styl fan Helman oanhâlden.

Hjoeddeisk gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintwurdich tsjerkje de leden fan de PKN yn it gebou. Oant 2004 wie dit noch de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. De tsjerke is woansdeis en sneons iepen foar publyk en alle sneinen wurde der tsjinsten hâlden. De akoestyk fan de tsjerke is goed, dêrom wurde der faak konserten jûn.

500 jier reformaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ramt fan de fiering fan it 500 jierrich jubileum fan de reformaasje waarden op sneon 28 oktober 2017 tydlik njoggen stellings oer it kristen- en tsjerkewêzen oan de doar fan de Martinustsjerke hongen. Tagelyk waarden der oan de doar fan de Stadtkirche fan de Christophorusgemeente yn it Dútske Laage, dêr't de Dokkumer protestanten in nauwe bân mei hawwe, fiif stellings ophongen. De 9 en 5 stellings binne in ferwizing nei de 95 stellings dy't Maarten Luther 500 jier earder oan de Slotkapel fan Wittenberch slein hat.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. FryskDeiblêd, 30.10.2017