Springe nei ynhâld

Srylankaanske beo

Ut Wikipedy
Srylankaanske beo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaaibeo's (Gracula)
soarte
Gracula ptiliogonys
Blyth, 1846
IUCN-status:

De Srylankaanske beo (Gracula ptiliogonys) is in sjongfûgel yn it skaai beo's út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae). De fûgel is endemysk op Sry Lanka.

De swarte fûgel wurdt 21 oant 22 sm lang en liket in soad op 'e Yndyske beo (Gracula indica). De karakteristike giele lellen fan beo's sitte by de Srylankaanske beo lykwols allinnich yn 'e nekke en net by it each. Ek is er wat lytser en hat er in oranjereadere snaffel mei blaugriis by de basis. De twa soarten komme beide op Sry Lanka foar.

Srylankaanske beo's ha in relatyf lyts ferspriedingsgebiet. Se komme allinnich lokaal foar en binne net algemien.

Alhoewol't se in foarkar ha foar reinwâlden, wurde se ek oan boskrânen, yn tunen en op plantaazjes of lanbougrûn waarnommen. Se lykje ek sekundêr bosk te tolerearjen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It iten fan 'e soarte bestiet út fruit en sied. De fûgel briedt fan febrewaris oant maaie, somtiden ek fan augustus oant septimber.

Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e populaasje. It ferdwinen en de fragmintaasje fan habitat en de jacht op 'e fûgel foar de hannel feroarsaakje in tebekgong fan 'e oantallen. Dêrfandinne wurdt de Srylankaanske beo troch de IUCN as gefoelich (NT, 2024) klassifisearre op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: