Spriknust

Ut Wikipedy

Spriknust (oant de jierren 1990 ek as Spriknest skreaun) is in lytse wierde en pleats benoarden Loppersum yn Grinslân oan de Zeerijperweg.

De namme is in ferwizing nei de soad earrebarren dy't dêr yn it ferline nêstelen. In sprik is in tûke of twiich; in spriknust is in nust dat dúdlik fan tûken boud is, lykas in earrebarrenêst. De namme sil ynjûn wêze troch it tichtby lizzende buorskip Stork of De Stork, wat de gewestlike namme foar earrebarre is. De wierde sels hjit Siuksum, in yn ûnbrûk rekke namme.

Storck en Spricknust komme foar op de provinsjekaart fan De Witt fan om 1685 hinne. De pleats Storck wurdt al neamd yn de 16e iuw.

De âlde pleats, mei in foar it meastepart út kleastermoppen oplutsen foargevel, wie slim ferfallen en is wilens sloopt.