Spraak
Spraak is in foarm fan kommunikaasje dy't ûntstiet troch it gebrûk fan 'e stim as in medium foar taal. Sprutsen taal kombinearret fokalen en konsonanten om ienheden mei betsjutting op te bouwen dy't wurden, wurdlidden of mearwurdliddige dielen fan wurden wêze kinne. Wurden hearre ta wurdskat fan 'e oangeande taal. Der besteane in protte ûnderskate opsetlike spraakfoarmen, lykas ynformearjen, útlizzen, freegjen, oertsjûgjen, ensfh. Ien spraakfoarm kin per gefal ek noch ferskille yn útspraak, yntonaasje, folume en tempo om betsjutting oer te dragen. Men kin fia spraak ek sûnder erch aspekten fan jins persoanlikheid oerbringe, lykas geslacht, âldens, it plak of de regio dêr't jin weikomme, maatskiplike klasse, psychologyske omstannichheden, opliedingsnivo, gemoedstastân, en emoasjes.
Hoewol't spraak yn 'e regel brûkt wurdt om mei oaren te kommunisearjen, kin it ek brûkt wurde sûnder de bedoeling om te kommunisearjen. Likegoed kinne der dan dochs emoasjes en winsken mei ta útdrukking brocht wurde. Dat is bygelyks sa yn it tsjin jinssels praten dat hast eltsenien wolris docht. Party psychologen beskôgje soks as in útwindige fuortsetting fan it gebrûk fan in ynderlike monolooch om it tinken (de kognysje) libbener te meitsjen en te organisearjen. Soms wurdt dêrby eefkes in twasidige persona oannommen, sadat men jinssels tasprekke kin as wiene jin in oare persoan. Solospraak kin ek brûkt wurde om dingen út 'e holle te learen of om jins ûnthâld foar dingen te testen. Ek yn gebed of by meditaasje wurdt faak lûdop praat sûnder dat it de bedoeling is om mei in oare minske te kommunisearjen.
De tûke fan 'e wittenskip dy't de spraak ûndersiket, is de taalkunde. Taalkundigen bestudearje in soad ferskillende aspekten fan spraak, lykas spraakproduksje, spraakwaarnimming, spraakwerhelling, spraakflaters, fonetyk, fonology en it fermogen om sprutsen wurden dy't men heart, sels te reprodusearjen troch deselde klanken yn deselde folchoarder út te sprekken. De tûke fan 'e genêskunde dy't minsken helpt om harren spraak te ferbetterjen, is de logopedy. Spraak, yn 'e sin fan sprutsen taal, is yn beskate konteksten it tsjinstelde fan skreane taal. De kleau dy't tusken dy beide foarmen fan taal bestean kin, hjit diglossy.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
