Springe nei ynhâld

Spoarkoekoeken (skaai)

Ut Wikipedy
Spoarkoekoeken (skaai)
In wytbrauspoarkoekoek (Centropus superciliosus)
In wytbrauspoarkoekoek (Centropus superciliosus)
Taksonomy
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skiftkoekoekeftigen (Cuculiformes)
famyljekoekoekfûgels (Cuculidae)
ûnderfamyljespoarkoekoeken (ûnderfamylje) (Centropodinae)
skaaispoarkoekoeken (Centropus)
Illiger, 1811

De spoarkoeken (wittenskiplike namme: Centropus) foarmje in skaai fan 'e famylje fan 'e koekoekfûgels (Cuculidae) en fan ‘e ûnderfamylje fan ‘e spoarkoekoeken (ûnderfamylje) (Centropodinae). De ûnderfamylje omfettet mar ien skaai, dat 28 soarten hat, dy't foarkomme yn Afrika, Súd-Aazje en Austraalje.

Oars as in protte oare koekoeken dogge spoarkoekoeken net oan briedparasitisme. By de measte soarten is de âlderlike rol omkeard: de mantsjes dogge it measte fan 'e soarch foar de jongen. De fûgels hawwe lytse spoaren op har poaten, dêrfandinne de namme spoarkoekoeken.