Springe nei ynhâld

Spinnen (kateftigen)

Ut Wikipedy
It lûd fan in spinnende hûskat.
In fideo fan in spinnend jachtloaihoars.

Spinnen is it ritmysk fibrearjende lûd dat ûnder beskate omstannichheden produsearre wurdt troch beskate kateftigen. It is benammen bekend fan 'e gewoane hûskat (Felis catus). It fariëarret fan kat ta kat yn lûdssterkte, toan, ensfh. Trochstrings spinne katten op in lege frekwinsje, tusken de 27 en 44 Hz.

Spinnende bisten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't spinnen by de measte minsken inkeld bekend is fan 'e hûskat (Felis catus), komt it by folle mear soarten foar. Alle lytse katten (Felinae) spinne, wêrûnder ek it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus) en de poema (Puma concolor). Fan 'e grutte katten (Pantherinae) wurdt gauris sein dat se brulle en net spinne, mar dat strykt net alhiel mei de wurklikheid en giet inkeld op foar de fjouwer grutste soarten (liuw, tiger, loaihoars en jagûar), de saneamde 'brullende katten'. It snieloaihoars (Panthera uncia) en de dizepanters (Neofelis), dy't ek ta de grutte katten rekkene wurde, brulle net, mar spinne wol.

Behalven by kateftigen komt spinnen ek foar by twa soarten sjenetkatten (nettsjinsteande de namme gjin kateftigen) en by de Caquetáspringaap (Plecturocebus caquetensis). Ferskate oare bisten dy't lûden produsearje kinne dy't op spinnen lykje, binne waskbearen, mangoesten, kangoeroes, wallabys, wallaroes, dassen, kninen en kavia's.

De hûskat liket it iennichste bist te wêzen dat spinne kin sawol by it ynazemjen as by it útazemjen. Alle oare spinnende bisten spinne dus mei ûnderbrekkings, mar de húskat kin oan ien wei troch spinne.

De wittenskip hat noch net mei wissichheid oantoane kinnen hoe't katten spinne. Der binne ferskate teoryen op dat mêd. De wichtichsten wolle hawwe dat katten by it spinnen har strôtbal fibrearje litte trochdat de harsens dêr fia de senuwen sinjalen hinne stjoere om 'e luchttafier inkele kearen per sekonde ôf te snijen, of dat katten de grutte ier dy't oer it mulruft rint, trilje litte kinne troch de spieren dêre ritmysk gear te lûken.

Spinnen is oer it algemien in utering fan tefredenens en freonskip. De hûskat spint as er troch minsken oanhelle en kardze wurdt, wat er oangenaam fynt. Guon katten spinne ek as se iten krije, as se boartsje of as se lekker lizze te sinnebaaien of it om in oare reden poer nei 't sin hawwe. Mar katten kinne ek spinne as se senuweftich binne, as se har net noflik fiele of wannear't se pine hawwe. By kateftigen yn it wyld komt spinnen benammen foar yn 'e omgong tusken in mem en har jongen. Party soölogen wolle hawwe dat it spinnen fan katten benammen bedoeld is om oandacht te krijen. Oaren tinke dat it alteast yn guon gefallen in sinjaal is dat útstjoerd wurdt om dúdlik te meitsjen dat de oangeande kat gjin bedriging foarmet. Wer oaren binne fan miening dat spinnen yn it foarste plak in selskalmearringstechnyk is.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.