Springe nei ynhâld

Spiermage

Ut Wikipedy
De spiermage fan in hin.

In spiermage is in foarmage dy't net direkt belutsen is by de fertarring fan iten, mar ynstee it iten opbrekt yn lytsere brokjes troch it te knetsjen. It fertarringsproses yn 'e echte mage(n) kin dêrtroch letter flugger en effisjinter gean.

De spiermage is in orgaan dat ûnderdiel útmakket fan 'e anatomy fan fûgels, krokkedileftigen, ringwjirms, slakken en guon fisken, kreefteftigen en ynsekten. Dit lichemsdiel bestiet út tsjûke, spierde wanden, mar de funksje wurdt faak noch ferbettere troch stientsjes of stikjes grús troch te slokken, saneamde gastroliten, dy't alsa yn 'e spiermage bedarje en dêr helpe by it fermeallen fan it iten. By beskate ynsekten en weakdieren komme yn 'e spiermage sjitineuze platen of tosken foar, dy't deselde wurking hawwe.

By rôffûgels en ûlen wurdt de spiermage ek brûkt om 'e ûnfertarbere resten fan proaidieren, lykas bonkjes, tosken en hier ta braakballen te rôlejen, wêrnei't se opkoarre en útspuid wurde.

Fûgels hawwe njonken de spiermage ek noch in oare foarmage: de kliermage.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.