Springe nei ynhâld

Spider-Man: No Way Home

Ut Wikipedy
Spider-Man: No Way Home
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jon Watts
produsint Kevin Feige
Amy Pascal
senario Chris McKenna
Erik Sommers
basearre op Spider-Man fan
   Stan Lee en Steve Ditko
kamerarezjy Mauro Fiore
muzyk Michael Giacchino
filmstudio Columbia Pictures
Marvel Studios
Pascal Pictures
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Tom Holland
Zendaya Coleman
byrollen Jacob Batalon
Benedict Cumberbatch
Marisa Tomei
Jon Favreau
Andrew Garfield
Tobey Maguire
Willem Dafoe
Jamie Foxx
Alfred Molina
Thomas Haden Church
Rhys Ifans
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 13 desimber 2021
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 148 minuten
budget en resultaten
budget $200 miljoen
opbringst $1.921,4 miljoen
prizen 1 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Marvel Cinematic Universe
● foarich diel Eternals
● folgjend diel Doctor Strange in the
   Multiverse of Madness

Spider-Man: No Way Home is in Amerikaanske superheldefilm út 2021 ûnder rezjy fan Jon Watts, mei yn 'e haadrollen Tom Holland en Zendaya Coleman. De titel betsjut "Spinneman: Gjin Paad nei Hûs". De film heart ta de Marvel Cinematic Universe-filmsearje. Hy folget as sadanich op Eternals en giet foarôf oan Doctor Strange in the Multiverse of Madness. Spider-Man: No Way Home is it ôfslutende diel fan in trilogy oer Spider-Man, dy't as eardere dielen Spider-Man: Homecoming (2017) en Spider-Man: Far from Home (2019) hat.

It ferhaal folget de jonge superheld Spider-Man wannear't syn identiteit iepenbier makke wurdt en hy yn 'e swierrichheden rekket trochdat er, behalven fans, ek in protte haters hat. Hy freget dêrom dr. Stephen Strange om troch gebrûk fan tsjoenderij syn identiteit wer geheim te meitsjen. Troch tadwaan fan Spider-Man sels beteart dat hielendal mis en komt er noch folle djipper yn 'e problemen te sitten. Spider-Man: No Way Home krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. Yn 'e bioskopen wie it in grut kommersjeel súkses en de meast opbringende film fan 2021. In fjirde film oer deselde personaazjes, Spider-Man: Brand New Day, sil nei ferwachting útkomme yn 2026.

Nei syn troch eigen skuld feroarsake dea lit de oplichter, terrorist en nep-superheld Mysterio mei in yn 't foar opnommen fideo dochs noch Peter Parker (alias Spider-Man) opdraaie foar de sabeare moard op him. Boppedat makket er, fia de rioelsjoernalist J. Jonah Jameson, de identiteit fan Peter iepenbier. Spesjaal aginten fan it Amerikaanske Ministearje foar Skeabeheining arrestearje Peter, syn freondinne M.J. Jones-Watson, syn bêste freon Ned Leeds, syn muoike May Parker en har freon Happy Hogan, mar abbekaat Matt Murdock makket gehak fan 'e oanklachten en kriget harren wer frij. Nettsjinsteande dat hawwe Peter-en-dy te krijen mei in protte negative publisiteit. It Massachussetts Institute of Technology (MIT) yn Boston, dêr't hy, M.J. en Ned studearje wolle, wiist dêrom harren ynskriuwings ôf.

Peter betinkt in snoad plan om yn elts gefal M.J. en Ned studearje te litten. Hy giet nei de tsjoender dokter Stephen Strange yn it Sanctum Sanctorum fan New York en freget dyselde om 'e tiid werom te draaien, sadat Peter foarkomme kin dat syn identiteit bekendmakke wurdt. Dat is lykwols tefolle frege. Strange komt ynstee dêrfan mei de suggestje om in tsjoendersspreuk te brûken dy't eltsenien de identiteit fan Peter ferjitte lit. Dat liket Peter skoan ta. Mar wylst Strange al dwaande is, beseft Peter ynienen dat dan ek syn freonen net mear witte sille dat er Spider-Man is. Dat, earst freget er Strange om 'e spreuk oan te passen sadat M.J. alles noch witte sil, en dêrnei freget er ien foar ien om gelikense oanpassings foar Ned, muoike May en Happy Hogan. Troch de oanhâldende feroarings giet it mis mei de tsjoendersspreuk. It slagget Strange mar kwealk om it korrumpearre ding op 'e tiid te ûnderdrukken.

Wannear't Strange ûntdekt dat Peter net iens besocht hat om gewoan kontakt op te nimmen mei MIT om te sjen oft der wat oan 'e ôfwiisde oanfragen te dwaan is, wurdt er poerlulk. Peter spilet fan rutens en besiket in froulike dekaan fan 'e universiteit te efterheljen ear't hja it fleantúch nimt. Wylst er it frommeske yn 'e file oansprekt, wurdt er lykwols oanfallen troch de supersmjunt Doctor Octopus alias dr. Otto Octavius. Dyselde skuort mei syn meganyske tentakels in diel fan 'e nanotechnology út Peter syn Spider-Man-pak, mar de nanotechnology ferraant mei de tentakels en sa kriget Peter dêr de kontrôle oer en kin er Octavius finzen nimme. Wannear't fuort neitiid de Green Goblin alias Norman Osborn arrivearret en Peter oanfalt, wurdt Peter troch Strange hommels nei it Sanctum Sanctorum tilleportearre.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Strange set Octavius finzen yn in sel njonken ien dêr't er Lizard alias Curt Connors al finzen hâldt. Hy leit oan Peter út dat de misbetearde tsjoendersspreuk minsken út parallelle universa oanlutsen hat dy't de identiteit fan Spider-Man kenne. Hy hjit Peter om mei help fan M.J. en Ned alle oare by fersin oanlutsen supersmjunten op te spoaren, wylst er sels in manear siket om se wer werom te stjoeren nei wêr't se wei komme. Peter-en-dy spoare Electro alias Max Dillon en de Sandman alias Flint Marko op, en dyselden einigje ek yn sellen yn it Sanctum Sanctorum.

Underwilens wit Osborn de kontrôle oer himsels werom te winnen fan syn spjalten Green Gobin-persoanlikheid. Hy siket help yn in opfangsintrum foar dakleazen dêr't muoike May wurket. Sa kin Peter ek him ynrekkenje. Yn it Sanctum Sanctorum beprate Osborn, Octavius en Dillon harren yndividuele striid mei Spider-Man en komme ta it besef dat se oan harren respektivelike universa ûntskuord binne yn it momint foar't se stjerre soene. Strange risselwearret om 'e wurking fan 'e ûnderdrukte tsjoendersspreuk om te kearen en eltsenien wer nei hûs te stjoeren, mar ûnder ynfloed fan May leit Peter dêr tsjinyn dat se de supersmjunten earst besykje moatte soene te helpen. It binne nammentlik stik foar stik geastlik tramtearre yndividuën, dy't krekt likefolle rêding fertsjinje as minsken dy't it slachtoffer binne fan bygelyks natoerrampen of oarloch. As Strange net nei him harkje wol, ûntnaderet Peter him de tsjoendersspreuk en lit er him finzen efter yn syn eigen Spegeldiminsje.

Peter nimt de fiif supersmjunten mei nei it appartemint fan Happy Hogan, dêr't hy en May ûnderdûkt sitte sûnt Peter syn identiteit algemien bekend wurden is. Mei technology fan Stark Industries, dêr't Hogan wurket, besiket Peter dêrnei om 'e mannen te genêzen. By Octavius giet dat frij flot, mar ear't er oer de oaren gear kin, nimt de Green Goblin de kontrôle oer it lichem fan Osborn wer oer en bepraat de oare supersmjunten om Peter te ferrieden. Yn it dêropfolgjende gefjocht tusken Spider-Man en de Green Goblin wit de smjunt muoike May deadlik te ferwûnjen. De supersmjunten ûntkomme, en Peter bliuwt efter by May, dy't him foar har ferstjerren taflústeret dat it beskikken oer grutte macht ek in grut ferantwurdlikheidsgefoel fereasket.

Underwilens ûntdekt Ned dat er magyske trochgongen iepenje kin om himsels of oaren nei oare plakken te tilleportearjen as er dêrfoar de slingring brûkt dy't Peter fan Strange ôfpakt hat. Hy en M.J. besykje op dy manear Peter werom te finen, nei't dy him yn fertriet om it ferstjerren fan May ôfsûndere hat. Mar wat se eins dogge, is it oproppen fan twa oare ferzjes fan Peter Parker út parallelle universa. Mei de help fan dyselden fine M.J. en Ned harren eigen Peter werom. Dyselde is troch de dea fan syn muoike anneks pleechmem sa op ien ein dat er ree is om 'e supersmjunten nei hûs te stjoeren en stjerre te litten. Mar de oare beide, âldere, Peters komme op 't ferhaal oer minsken fan wa't se holden dy't sy ferlern hawwe en fiterje de Peter fan dizze wrâld oan om te dwaan wat May wollen hie dat er dwaan soe.

Trijeresom ûntwikkelje de Peters genêsmiddels foar de supersmjunten, wêrnei't se dyselden nei it Frijheidsbyld ta lokje foar in konfrontaasje. Se witte Lizard en de Sandman te ferslaan en te genêzen, wylst Octavius, dy't beart dat er oan 'e kant fan 'e supersmjunten stiet, op in krúsjaal momint oerrint en Electro syn genêsmiddel tatsjinnet. Op 'e flecht foar de supersmjunten befrijt Ned by fersin dr. Strange út 'e Spegeldiminsje. De Green Goblin lit de ûnderdrukte misbetearde tsjoendersspreuk frij, mei as gefolch dat ûntelbere persoanen dy't Peter kenne út ûntelbere parallelle universa nei dizze wrâld ta oerbrocht drige te wurden. Strange besiket dat tsjin te kearen, wylst in ta razernij brochte (orizjinele) Peter wraak nimme wol foar de dea fan May troch de Green Goblin om hals te bringen. Ien fan 'e oare Peters hâldt him lykwols op it lêste momint tsjin, en de trêde Peter helpt him om 'e Green Goblin te ynjektearjen mei syn genêsmiddel. Norman Osborn wurdt dêrtroch wer ta sûnens fan geast brocht, mar is raar gesteld as er beseft wat er dien hat.

De orizjinele Peter beseft dat de iennichste manear om mei de misbetearde tsjoendersspreuk ôf te weven, is om 'e tsjoen hielenal op 'e nij te dwaan, en diskear sûnder útsûnderings. Strange warskôget him dat dan M.J., Ned en syn oare freonen him ek net mear kenne sille, mar Peter hjit him om troch te setten. As de tsjoendersspreuk op 'e nij útsprutsen wurdt, ferdwine de oare beide Peters en de genêzen supersmjunten, dy't weromstjoerd wurde nei harren eigen universum. Fjirtjin dagen letter siket Peter M.J. op yn it kafee dêr't se in bybaantsje hat as servearster. Hy besiket himsels oan har foar te stellen, mar sjocht dêr úteinlings fan ôf. Letter treft er Happy Hogan by it grêf fan May. Happy ken him ek net mear, mar se reitsje oan 'e praat, en yn it petear fynt Peter ynspiraasje om troch te gean mei syn bestean as superheld. Hy makket in nij Spider-Man-pak en set wer útein as figilante.

Tom Holland.
Zendaya Coleman.
Jacob Batalon.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                 
Spider-Man / Peter Parker Tom Holland
Michelle "M.J." Jones-Watson Zendaya Coleman


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Ned Leeds Jacob Batalon
dokter Stephen Strange Benedict Cumberbatch
May Parker Marisa Tomei
Happy Hogan Jon Favreau
Spider-Man / Peter Parker #2 Andrew Garfield
Spider-Man / Peter Parker #3 Tobey Maguire
Green Goblin / Norman Osborn Willem Dafoe
Electro / Max Dillon Jamie Foxx
Doctor Octopus / Otto Octavius Alfred Molina
Sandman / Flint Marko Thomas Haden Church
Lizard / dr. Curt Connors Rhys Ifans
Eugene "Flash" Thompson Tony Revolori
J. Jonah Jameson J.K. Simmons
Betty Brant Angourie Rice
beppe fan Ned Mary Rivera
coach Wilson Hannibal Buress
Roger Harrington Martin Starr
Julius Dell J.B. Smoove
dekaan MIT Paula Newsome
Matt Murdock Charlie Cox (cameo)
master Wong Benedict Wong (cameo)
Venom / Eddie Brock Tom Hardy (cameo)
spesjaal agint Foster Gary Weeks
spesjaal agint Cleary Arian Moayed
Mysterio / Quentin Beck Jake Gyllenhaal (argyfbylden)
barkeeper Cristo Fernández

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spider-Man: No Way Home stie al sûnt 2017 yn 'e planning, doe't by de produksje fan Spider-Man: Homecoming besletten waard ta it meitsjen fan in filmtrilogy oer Spider-Man. De film waard regissearre troch Jon Watts nei in senario fan Chris McKenna en Erik Sommers. As produsinten wiene Kevin Feige en Amy Pascal by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, de Marvel Studios en Pascal Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $200 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Mauro Fiore, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Giacchino.

De opnamen foar Spider-Man: No Way Home setten op 14 oktober 2020 útein en duorren oant 26 maart 2021. Om foar te kommen dat de filmsets troch klibers fans ûnder de foet rûn wurde soene, waard gebrûk makke fan 'e misliedende wurktitel Serenity Now. Op lokaasje yn New York waarden eftergrûnbylden en establishing shots opnommen. Dat waard dien yn 'e buerten Astoria, Sunnyside en Long Island City fan 'e borough Queens, en teffens yn 'e buert Greenwich Village fan 'e borough Manhattan.

De Trilith Studios by Atlanta, dêr't Spider-Man: No Way Home foar it meastepart filme waard.

De sênes op 'e middelbere skoalle waarden opnommen yn 'e Frederick Douglass High School en yn 'e Midtown High School, beiden yn Atlanta, yn 'e Amerikaanske steat Georgia. Foar de rest waard Spider-Man: No Way Home foar it meastepart filme yn 'e Trilith Studios yn Fayetteville, besuden Atlanta. Om't de opnamen midden yn 'e koroanapandemy foelen, gouwen der op 'e set strange maatregels om it kontakt tusken leden fan 'e cast en de filmcrew safolle mooglik te beheinen. Dêrta waard gebrûk makke fan nije technology dy't de akteurs op 'e filmbylden yn 'e postproduksje fan make-up en kostúms foarsjen koe.

De distribúsje fan Spider-Man: No Way Home waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjedifyzje fan Sony Pictures, dat de memme-ûndernimming fan Columbia Pictures is. De film gie op 13 desimber 2021 yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 17 desimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 17 desimber 2021 by platemaatskippij Sony Classical Records. Spider-Man: No Way Home kaam op 15 maart 2022 beskikber as digitale download en waard op 12 april fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Spider-Man: No Way Home oer it algemien positive resinsjes. Sa priizge Pete Hammond fan 'e webside Deadline Hollywood de rezjy fan Jon Watts en neamde haadrolspilers Tom Holland, Zendaya Coleman en Jacob Batalon "in kostlik trio". Yn it tydskrift Variety hie Peter Debruge fral loft foar it aktearjen fan Andrew Garfield en Tobey Maguire, dy't de Peter Parkers út parallelle universa spilen, en dêrmei op 'e nij yn 'e hûd kroepen fan in personaazje dat se spile hiene yn The Amazing Spider-Man-filmsearje (20122014), resp. de Spider-Man-filmsearje (20022007).

Benjamin Lee, dy't skreau foar de Britske krante The Guardian, parte de film 3 fan 5 stjerren ta. Kate Erbland fan IndieWire joech de film in 71/2 op in skaal fan 1 oant 10, mei't se him "befredigjend, emosjoneel", mar ek "út en troch ûngelikens" fûn. Ek wie hja fan miening dat it senario "fierstente lang útwreide oer de masinaasjes fan minsken en plannen dy't wy al kenne" en dêrmei inkeld "it ûntsjinkearbere fertrage". En yn 'e Chicago Sun-Times joech Richard Roeper oan Spider-Man: No Way Home 3 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Der is neat nijs of bysûnder memorabels oan 'e adekwate fisuele en praktyske effekten, mar we bliuwe belutsen by de útkomst [fan it ferhaal], foar it meastepart trochdat Holland noch altyd de bêste fan 'e sinematyske Spider-Men is, wylst Zendaya [oan 'e film] elts momint dat se yn byld is har hert en yntelliginsje en waarmte jout."

Haadrolspiler Tom Holland (l.) mei regisseur Jon Watts op 'e San Diego Comic-Con fan 2016.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Spider-Man: No Way Home in tige heech goedkarringspersintaazje fan 93%, basearre op 432 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] is in gruttere, drystere Spider-Man-ferfolchfilm, dy't it eachweid fan 'e franchise ferbredet en de ynhâld fergruttet sûnder de siel en de humor te ferliezen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Spider-Man: No Way Home in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 60 resinsjes.

Spider-Man: No Way Home brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $814,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $1.106,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.921,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $200 miljoen betsjut dat in winst fan $1.721,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Spider-Man: No Way Home de meast opbringende film fan 2021. It wie ek de meast opbringende film dy't útbrocht waard ûnder de koroanapandemy, dêr't dizze film net of mar amperoan lêst fan liek te hawwen.

Spider-Man: No Way Home waard yn 2022 nominearre foar de Oscar foar bêste fisuele effekten. De film wûn ien Saturn Award, yn 'e kategory bêste superheldefilm, en waard nominearre yn noch acht oare kategoryen, foar bêste regisseur, bêste akteur (Tom Holland), bêste aktrise (Zendaya Coleman), bêste byrol fan in akteur (Alfred Molina), bêste byrol fan in aktrise (Marisa Tomei), bêste senario, bêste filmmontaazje en bêste special effects.

Zendaya Coleman wûn foar har rol as M.J. de BET Award foar bêste aktrise (ek foar har wurk yn 'e tillefyzjesearje Euphoria). Fierders waard Spider-Man: No Way Home nominearre foar sân MTV Movie Awards, wêrfan't de film wûn yn 'e kategoryen bêste film en bêste optreden yn in film (Tom Holland). Spider-Man: No Way Home wûn ek de Nickelodeon Kids' Choice Awards foar favorite film, favorite filmakteur (Tom Holland) en favorite filmaktrise (Zendaya Coleman).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Marvel Cinematic Universe (filmsearje)
  M.C.U. Phase 1   Iron Man (2008) • The Incredible Hulk (2008) • Iron Man 2 (2010) • Thor (2011) • Captain America: The First Avenger (2011) • The Avengers (2012)
  M.C.U. Phase 2 Iron Man 3 (2013) • Thor: The Dark World (2013) • Captain America: The Winter Soldier (2014) • Guardians of the Galaxy (2014) • Avengers: Age of Ultron (2015) • Ant-Man (2015)
  M.C.U. Phase 3 Captain America: Civil War (2016) • Doctor Strange (2016) • Guardians of the Galaxy Vol. 2 (2017) • Spider-Man: Homecoming (2017) • Thor: Ragnarok (2017) • Black Panther (2018) • Avengers: Infinity War (2018) • Ant-Man and the Wasp (2018) • Captain Marvel (2019) • Avengers: Endgame (2019) • Spider-Man: Far from Home (2019)
  M.C.U. Phase 4 Black Widow (2021) • Shang-Chi and the Legend of the Ten Rings (2021) • Eternals (2021) • Spider-Man: No Way Home (2021) • Doctor Strange in the Multiverse of Madness (2022) • Thor: Love and Thunder (2022) • Black Panther: Wakanda Forever (2022)
  M.C.U. Phase 5 Antman and the Wasp: Quantumania (2023) • Guardians of the Galaxy Vol. 3 (2023) • The Marvels (2023) • Deadpool & Wolverine (2024) • Captain America: New World Order (2024) • Thunderbolts (2025)
  M.C.U. Phase 6 The Fantastic Four: First Steps (2025) • Avengers: Doomsday (2026) • Spider-Man: Brand New Day (2026) • Avengers: Secret Wars (2027)