Springe nei ynhâld

Magelhaenpinguïn

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Spheniscus magellanicus)
Magelhaenpinguïn
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpinguïneftigen (Sphenisciformes)
famyljepinguïns (Spheniscidae)
skaaibrilpinguïns (Spheniscus)
soarte
Spheniscus magellanicus
Forster, 1781
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     net-briedend
     briedfûgel

De Magelhaenpinguïn (Spheniscus magellanicus) is fûgel yn it skaai brilpinguïn, dy't yn it suden fan Súd-Amearika foarkomt. It is de meast talrike soarte fan it skaai. De Magelhaenpinguïn waard ferneamd nei de Portegeeske ûntdekkingsreizger Ferdinand fan Magelhaen, dy't de fûgels yn 1520 seach.

Magelhaenpinguïn mei nêst.

De fûgel is in middelgrutte pinguïn fan 61 oant 76 sm lang en 4 oant 6 kg swier. De mantsjes binne grutter as wyfkes en it gewicht fan beiden sakket as de jongen grutbrocht wurdt.

Folwoeksenen hawwe swarte rêgen en wite búken. Der binne twa swarte bannen tusken de kop en it boarst, wêrby't de ûnderste bân de foarm fan in hoefizer hat. De kop is swart mei in brede wite râne, dy't fan efter it each wei by de swarte eardekfearren en it kin lâns oant de kiel trochrint.

Jonge pinguïns ha griisblauwe rêgen, mei in mear bleke griisblauwe kleur op it boarst.

De fûgel kin yn it wyld 25 jier wurde, yn finzenskip 30 jier.

De Magelhaenpinguïn komt foar oan 'e kusten fan Patagoanje, yn Argentynje, Sily, Oerûguay en út en troch yn súdlik Brazylje. Hy briedt ek op 'e Falklâneilannen en de Juan Fernández-eilannen. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat er net yn ûndersoarten wurdt ferdield.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jonge Magelhaenpinguïn.

De Magelhaenpinguïn is skou, mar sosjaal en lawaaierich. De soarte wurdt it meast sjoen yn groepen fan maksimaal 50 fûgels.

Magelhaenpinguïns jeie op lytse fisken lykas ansjofisk en fierder inketfisk, krill en kreeft en nimme seewetter mei har proai op. In sâlt-útskiedende klier hellet it sâlt wer út it lichem. Folwoeksen pinguïns kinne regelmjittich dûke nei djipten fan 20 oant 50 m om proaien te sykjen.

It briedseizoen duorret fan septimber oant ein febrewaris en maart as de jongen folwoeksen genôch binne om de koloanjes te ferlitten. Nêsten wurde boud ûnder strûken of yn hoalen. De âlden briede om bar. Ien fan 'e grutste koloanjes leit op it skiereilân Punta Tombo (Argentynje).

De grutste bedrigingen foar de fûgel foarmje oaljelekkaazjes, fersmoarging, de fiskerijsektor en klimaatferoaring. Yn 'e jierren 1980–1990 binne neffens rûzingen tûzenen Magelhaenpinguïns omkommen troch oaljelekkaazjes. In oanpassing fan 'e Argentynske wetjouwing yn 1997 twong oaljetankers om 40 km fierder út 'e kust te farren, wêrtroch't it oantal oaljeslachtoffers ûnder de pinguïns sterk fermindere. De fiskerij feroarsaket fiedseltekoarten foar de pinguïns, wertroch't grutte groepen ferhongerje; ek belannet der noch alris in pinguïn yn 'e netten. Oare bedrigingen foar de soarte foarmje toerisme, oare minsklike aktiviteiten en it ferrinnewearjen fan briedplakken. Klimaatferoaring hat ek grutte gefolgen foar de Magelhaenpinguïn. Opwaarming fan it seewetter kin de beskikberens fan geskikt fiedsel bynfloedzje. Tusken de jierren 1980 en 2019 sakke by Punta Tombo (Argentynje) it oantal briedpearen fan 400.000 oant ± 150.000 yn 2019, in trend dy't foar in grut part troch klimaatferoaring feroarsake waard.

Fijannen fan 'e pinguïns binne orka's, seeliuwen en seeloaihoarsen, op lân stelle foksen en kelpmiuwen de aaien of piken.

In gûanako mei pinguïns yn Argentynje.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, dy't op 1,1 en 1,6 miljoen pearen rûsd wurdt. Dêrfan libje likernôch 900.000 oan 'e Argentynske kust, 100.000 op 'e Falklâneilannen en teminsten 144.000 yn Sily. Oant 2020 klassifisearre de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer de soarte as hast bedrige (Near Threatened) op 'e Reade list om't se tochten dat de soarte relatyf rap yn oantal ôfnaam. Neffens de meast resinte gegevens is de tebekgong net sa grut as earder oannommen. De fûgel giet noch jimmeroan efterút, mar minder as 10% yn trije generaasjes en dêrfandinne wurdt de pinguïn no as net bedrige (Least Concern, 2020) klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: