Sperkhim (polder)
Appearance
De Sperkhim is in himpolder oan de súdeastkant fan Snits.
Dit is in polder oan de súdkante fan it Lege Midden, en faaks is dat de grûn wêrom der, oars as by oare himpolders, yn de 19e ieuw al in mole nedich wie foar it ôfwetterjen. Dy mole, de Weeshuismole, hat der stien oant yn de 20e iuw. De mole wettere ôf op de Molesleat. Dêrnei is de mole lykwols ferfongen troch in stoomgemaal.
Yn de polder stienen twa pleatsen fan it Old Burger Weeeshuis: De Wigledaam en it Sperkhim (pleats). Dêr tuskentroch rûn de spoardyk fan de tramwei De Jouwer - Snits. Yn de 20e iuw kaam der in dykferbining nei De Jouwer. De tramferbining is doe opheft. Mei it útwreidzjen fan de wyk it Sperkhim is de Molesleat ek ferdwûn.
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |