Sparwer
| Sparwer | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Accipiter nisus | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De sparwer (Accipiter nisus) is in lytse rôffûgel út 'e famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). De soarte is wiidferspraat oer de Alde Wrâld en stiet bekend om syn spesjalisearre jachttechniken op lytse sjongfûgels.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sparwers ha koarte, rûne wjukken en in lange sturt, wat him tige manûvrearber makket tusken de beammen. Der is in grut ferskil yn it formaat tusken de geslachten (seksuele dimorfy): it wyfke is oant 25% grutter as it mantsje en kin wol twa kear sa swier wêze. It mantsje hat in wjukspanne fan 59 oant 64 sm, in wyfke hat in wjukspanne fan 67 oant 80 sm.
It mantsje hat in laai-eftige blau-grize boppekant en in ûnderkant mei fine, oranje-brune dwersstreken. It wyfke is oan 'e boppekant griisbrún en hat op 'e ljochte ûnderkant donkergrize oant brune streken. Beide geslachten hawwe opfallende giele eagen en lange, tinne giele poaten mei skerpe klauwen.
Fersprieding en ûndersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sparwer komt foar yn grutte dielen fan Jeropa, Aazje en it noarden fan Afrika. Ofhinklik fan it leefgebiet wurde der sân ûndersoarten ûnderskieden:
- A. n. nisus: De nominaatfoarm dy't yn Jeropa en West-Aazje oant de Jenisej foarkomt.
- A. n. nisorius: Komt foar yn Ierlân en Grut-Brittanje.
- A. n. wolterstorffi: In lytsere en donkerder foarm op Sardynje en Korsika.
- A. n. punicus: De grutste ûndersoarte dy't yn it noardwesten fan Afrika libbet.
- A. n. granti: In lytse ûndersoarte fan Madeira en de Kanaryske Eilannen.
- A. n. melanschistos: Komt foar yn 'e Himalaya en it Tibetaansk Heechlân.
- A. n. nisosimilis: De eastlike foarm dy't yn Sintraal- en East-Aazje libbet.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân is de sparwer tsjintwurdich in algemiene fûgel, mar dat hat net altyd sa west. Om 1970 hinne wie de stân yn Nederlân sakke nei mar 250 briedpearen troch it fergiftige bestridingsmiddels (lykas DDT) yn 'e lânbou. Nei it ferbod op dy middels folge in rap werstel. De fûgel wreide syn briedgebiet út fan 'e sângrûn nei de leechlizzende klaaigebieten en sels nei de grutte stêden.
Dochs is der sûnt it jier 2000 wer in delgong te sjen, benammen op 'e hegere grûn. Yn Nederlân sakke it oantal fan sa'n 5.000 pearen yn 2000 nei likernôch 2.500 yn 2020. Redenen hjirfoar binne ûnder oare:
- Predaasje: De weromkomst fan 'e hauk, dy't de nêsten fan sparwers plonderet.
- boskbehear: It omsetten fan jonge produksjebosken yn iepen natoergebieten, wêrtroch't habitat ferlern giet.
- Iten: In tekoart oan proaifûgels op earme grûn.
Fergeliking mei de hauk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sparwer wurdt faak betiizge mei de hauk (Accipiter gentilis). De wichtichste ferskillen binne:
- Grutte: De sparwer is in stik lytser; in wyfke-sparwer is likernôch sa grut as in hauk-mantsje.
- Silhûet: De sparwer hat in rjochtere sturt mei skerpe hoeken, wylst de hauk in rûne sturt hat.
- Poaten: De sparwer hat tinne, giele poaten ("potleadpoaten"), de hauk hat folle dikkere en krêftiger poaten.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sparwers binne spesjalisearre yn it fangen fan lytse fûgels, lykas mosken, miezen en finken. Se jeie faak mei in ferrassingsoanfal, wêrby't se leech by de grûn of oer hagen hinne fleane om harren proai oer it mad te kommen. Tunen binne populêre jachtgebieten, benammen dêr't fûgelfoerplanken steane.
Se bouwe harren nêst meastentiids yn beammen yn in ticht stikje bosk. It wyfke leit trije oant seis aaien. It mantsje soarget yn 'e briedtiid foar it iten, wylst it wyfke op it nêst bliuwt om de jongen te beskermjen.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de sparwer de status net bedrige. Dochs hat de populaasje yn 'e 20e iuw in swiere klap krigen troch it gebrûk fan bestridingsmiddels lykas DDT. Dizze gifstoffen soargen derfoar dat de aaiskalen sa tin waarden, dat se ûnder it brieden brutsen. Sûnt it ferbod op dizze middels is de stân wer flink tanommen. Hjoed-de-dei binne botsingen tsjin glês en it ferlies fan gaadlik briedgebiet de grutste bedrigingen. De IUCN beskôget de populaasje as stabyl.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme sparwer is ôflaat fan it Aldheechdútske Sparwâri, in gearstalling fan sparo (mosk) en aro (earn). De betsjutting is dus letterlik "moskearn". Dat ferwiist nei de spesjalisearre jacht fan dizze rôffûgel op lytse sjongfûgels. Yn it Ingelsk is de namme Sparrowhawk op 'e selde wize opboud.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Sparwer
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen
- Lânseigen fauna yn Madeara
