Spartacus (film)
| Spartacus | ||
| makkers | ||
| regisseur | Stanley Kubrick | |
| produsint | Edward Lewis | |
| útfierend produsint | Kirk Douglas | |
| senario | Dalton Trumbo | |
| basearre op | de roman fan Howard Fast | |
| kamerarezjy | Russell Metty | |
| muzyk | Alex North | |
| filmstudio | Bryna Productions | |
| distribúsje | Universal Pictures | |
| spilers | ||
| haadrollen | Kirk Douglas Jean Simmons | |
| byrollen | Laurence Olivier Peter Ustinov Charles Laughton Tony Curtis | |
| skaaimerken | ||
| lân/lannen | ||
| premiêre | 6 oktober 1960 | |
| foarm | langspylfilm | |
| sjenre | histoaryske biografyske oarlochs- en dramafilm | |
| taal | Ingelsk | |
| spyltiid | 192 minuten (oarspr. ferzje) 169 minuten (ferzje fan 1967–1991) 197 minuten (restauraasje fan 1991) | |
| budget en resultaten | ||
| budget | $12 miljoen | |
| opbringst | $17 miljoen | |
| prizen | 4 × Oscar 1 × Golden Globe 1 × Saturn Award | |
Spartacus is in Amerikaanske histoaryske biografyske oarlochs- en dramafilm yn Technicolor út 1960 ûnder rezjy fan Stanley Kubrick. De haadrollen, yn wat ek oantsjut wurde kin as in swurd-en-sandalefilm, waarden spile troch Kirk Douglas en Jean Simmons, mei Laurence Olivier, Peter Ustinov, Charles Laughton en Tony Curtis yn 'e wichtichste byrollen. De titel ferwiist nei Spartakus, de lieder fan 'e opstannige slaven yn 'e Trêde Slave-oarloch (73–71 f.Kr.) yn 'e Romeinske Republyk. It ferhaal folget Spartakus fan syn jierren as slaaf yn 'e stiengatten fan Lybje, fia syn training as gladiator en syn liederskip fan 'e slave-opstân oant syn úteinlike finzenname en krusiging troch de Romeinen. Tagelyk besteget de film ek oandacht oan 'e politike yntriizjes yn 'e Romeinske Republyk, dy't it paad tariede foar de takomstige machtsoername troch Julius Caesar.
Kirk Douglas, dy't de titelrol fertolke, wie teffens de eigner fan Bryna Productions, de studio dy't de film makke. Hy wie dêrom ek útfierend produsint, en hy wie dejinge dy't nei ien wike fan opnamen de oarspronklike regisseur, Anthony Mann, ûntsloech en ferfong troch Kubrick. Douglas makke mei Spartacus ek eigenhandich in ein oan 'e Swarte List fan Hollywood troch iepentlik de as kommunist weisette Dalton Trumbo yn te hieren as senarioskriuwer. Spartacus krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film wûn fjouwer Oscars en de Golden Globe foar Bêste Film – Drama, en waard yn 2017 opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register. It wurdt tsjintwurdich beskôge as in wiere klassiker en ien fan 'e bêste films oer de Romeinske Tiid dy't ea makke binne.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e earste iuw f.Kr. is de Romeinske Republyk in broeinêst fan korrupsje, dat him foar arbeid ôfhinklik makke hat fan slavernij. Dêrfoar wurde benammen leden fan ûnderwurpen folken ynset. Ien fan dy slaven, de Traasjer Spartakus, is sa'n grutske iggewearder dat er troch syn Romeinske master ferkocht wurdt om deawurke te wurden yn in stiengat yn Lybje. Ek dêr wegeret er him by syn sitewaasje del te lizzen. Nei't er in bewekker de haksine trochbiten hat, wurdt er by wize fan foarbyldstelling foar de oare slaven mei keatlings yn 'e fûle sinne fêstset en efterlitten om fan ferhongering te stjerren. Safier komt it lykwols net, want krekt dan wurde de minen besocht troch de Romeinske slavekeapman Lentulus Batiatus, dy't in skoalle foar gladiators hat en gaadlike slaven siket om ta gladiator opliede en dan mei in protte winst trochferkeapje te kinnen. As er heart wat Spartakus útheefd hat om syn straf te fertsjinjen, ornearret der dat der in earsten gladiator yn him sit en keapet er him oan.
Mei Batiatus en in stikmannich oare oankeapen fan dyselde reizget Spartakus neitiid nei Capua, yn Itaalje, dêr't de gladiatorskoalle stiet. Dêr oankommen geane Spartakus en de oaren yn training ûnder de wrede Marsellus, de foarman en haadynstrukteur fan 'e skoalle, dy't sels in eardere gladiator is. Foar goed wurk wurde de gladiatorlearlingen út en troch beleanne mei seksuele omgong mei in slavinne. Wannear't de Brittannyske slavinne Varinia by Spartakus brocht wurdt, wegeret hy lykwols om mei har op bêd te gean wylst Marsellus-en-dy tasjogge, mei't er, sa ropt er út, gjin bist is. As se allinnich litten wurde, seit Varinia tsjin Spartakus dat sy ek gjin bist is. Dêrop jout er har har klean, dy't se al útdien hie, werom en lit har gean sûnder har besliept te hawwen. Dat liedt ta hún fan Marsellus. Wannear't dyselde neitiid foar it ferstân kriget dat Spartakus en Varinia fereale opinoar rekke binne, docht er war om harren mei de meast útsochte ûnderhânske streken te fernederjen en te kwetsen om't se ferset bean hawwe tsjin 'e omstannichheden fan harren sitewaasje.
Op in dei kriget Batiatus ûnferwachts heechpleatste gasten oer de flier. It binne de smoarrike Romeinske senator en tribún Markus Lisinius Krassus, syn beskermeling Markus Glabrus, syn mêtresse en teffens Glabrus syn suster Helena, en Glabrus syn breid Klaudia Marius. De beide dames hawwe der de sinnen op set om twa pearen gladiators oan 'e dea ta fjochtsjen te sjen, en se wolle de gladiators sels útkieze. Batiatus is dêr hielendal net bliid mei. Soks ûnderminet de sfear yn 'e gladiatorskoalle. Boppedat, hy fertsjinnet syn jild troch trainde gladiators troch te ferkeapjen, en net troch se inoar deameitsje te litten. Mar hy doar Krassus net te wegerjen, en as dyselde taseit him ryklik betelje te sillen, leit Batiatus him by de sitewaasje del. Helena en Klaudia sykje fjouwer gladiators út, ûnder wa Spartakus. Underwilens falt it each fan Krassus op Varinia, en hy twingt Batiatus om har oan him te ferkeapjen. It earste gefjocht einiget sa't dat by gladiatorgefjochten gebrûklik is, mei ien fan 'e beide fjochters deamakke troch de oare. Spartakus moat it yn it twadde gefjocht opnimme tsjin 'e Etioopjer Draba. Hy ferliest it gefjocht, mar wannear't Helena mei in tomme omleech oanjout dat Draba Spartakus deadzje moat, wegeret er dat. Ynstee falt Draba de gasten oan en besiket nei it balkon te klimmen dêr't se sitte, oant er deamakke wurdt troch de wachters en Krassus.
Spartakus bliuwt yn betizing efter, mei't er sels net wifele hawwe soe om Draba te deadzjen as de rollen omdraaid west hiene. De oare deis sjocht Spartakus, wannear't de slaven iten krije, hoe't Batiatus mei Varinia yn in karre fuortriidt. Marsellus fertelt him dat syn freondintsje no it bêd fan Krassus waarmje sil en bespot him dêrmei. Spartakus ferliest syn selsbehearsking, slacht Marsellus del en ferdrinkt him yn in grutte panne sop. It slagget de oanwêzige wachters net him tsjin te hâlden, mei't se oanfallen wurde troch de oare slaven as se tuskenbeiden komme wolle. De wachters wurde deamakke en de slaven brekke út. Oare wachters komme mei tûzen hasten fanwegen, mar wurde troch de slaven ûnder de foet rûn. De slaven naaie út, it omlizzende plattelân op, dêr't se oare slaven befrije en de besittings fan Romeinske boargers begjinne te plonderjen. Wannear't Spartakus sjocht hoe't de ûntsnapte slaven finzen nommen boargers oan 'e dea ta mei-inoar fjochtsje litte, grypt er yn en hjit harren dat se net wurde moatte lykas harren earderde masters wiene. Ynstee stelt er foar om mei-inoar nei in haven te marsjearjen en skip te gean út Itaalje wei, om werom te kearen nei harren lannen fan oarsprong. Fan gefolgen wurdt Spartakus troch de oaren ta harren lieder keazen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Spartakus fêstiget syn haadkertier op 'e berchskeanten fan 'e Fesuvius en begjint de ûntsnapte slaven ta in leger te smeien. Underwilens geane de slaven troch mei it plonderjen fan 'e lânerijen fan rike Romeinen om kostberheden te garjen. Dêrmei wolle se de seerôvers fan Silysje, dêr't de Romeinske Republyk mei yn oarloch ferkeart, betelje om harren út 'e havenstêd Brindisium wei oer te farren nei Illyrje, op 'e Balkan. Tsientûzenen slaven, manlju, froulju en bern, jouwe har by Spartakus-en-dy. Under harren is ek Varinia, dy't ûnderweis nei Rome oan 'e obese Batiatus ûntkommen is. Sy en Spartakus ferklearje inoar har leafde en trouwe, en Varinia rekket meitiid swier. In oarenien dy't him by Spartakus jout, is de jonge Antoninus, in slaaf dy't traind is as sjonger en jongleur. Hy naaide út doe't er eigendom waard fan Krassus, dy't him yn bedutsen termen witte liet dat er biseksueel wie en mei Antoninus op bêd woe. Spartakus wurdt in soartemint heitefiguer foar Antoninus. Hoewol't Spartakus himsels eins hielendal net geskikt achtet foar syn liedersposysje, blykt er in treflik oanfierder te wêzen, dy't de folgelingen, nettsjinsteande har ûnderskate etnyske en persoanlike eftergrûnen, ta ien gehiel wit te meitsjen.
Yn Rome hat Krassus ûnderwilens bewurkmastere dat syn fertrouling Markus Glabrus oansteld is as kommandant fan it garnizoen fan 'e stêd. Mar yn ôfwêzigens fan Krassus soarget syn fijân, de ynfloedrike senator Sempronius Grakchus, derfoar dat Glabrus oan it haad pleatst wurdt fan seis kohorten troepen fan it Romeinske garnizoen dy't nei it suden ta stjoerd wurde om mei Spartakus en syn slaveleger ôf te weven. De ûnnoazele Glabrus sjocht dat as in eare, oant in weromkearde Krassus him útleit dat Grakchus Glabrus hjirmei as skaakstik fan it boerd (d.w.s. út Rome wei) ferwidere hat. Ta oermjitte fan ramp wurdt Glabrus yn syn ôfwêzigens ferfongen troch de jonge Julius Caesar, dy't in fertrouling fan Grakchus is. Dêrmei hat dy lêste Krassus kreas eltse sizzenskip oer it Romeinske garnizoen ûntnommen, wat betsjut dat de gryp nei de macht, dêr't er plannen foar hie, net trochgean kin. Glabrus makket it spul noch helte minder as er op syn lytse fjildtocht by oernachtings gjin grêft grave en wâl opsmite lit om syn legerkamp hinne, sa't foar Romeinske troepen wizânsje is; syn tsjinstanners binne ommers mar slaven. Spartakus makket fan dy domheid gebrûk troch mei syn leger by nacht simpelwei it Romeinske legerkamp binnen te riden en de soldaten yn har sliep oer it mad te kommen. It treffen rint út op in slachting, wêrby't suver de hiele Romeinske legermacht útrûge wurdt. Glabrus wurdt finzen nommen en op fernederjende wize werom nei Rome stjoerd. Ien en oar liedt ta de ferballing fan Glabrus troch de Romeinske Senaat en it dellizzen fan alle funksjes troch Krassus, dy't ommers Glabrus oan syn post holpen hie en dêrom mei-ferantwurdlik is.
Grakchus hat goed foar it ferstân dat Krassus mar tydlik ferslein is en dat dyselde de oangeande slave-opstân brûke sil om 'e macht yn 'e Republyk dochs noch oer te nimmen as er dat oprêde kin. Dêrom moat de slave-opstân sa gau mooglik beëinige wurde. En de fluchste manear om dat te berikken is om Spartakus-en-dy harren sin te jaan en út Itaalje wei ûntsnappe te litten. Dêrta slút Grakchus in oerienkomst mei de Silisyske seerôvers om dy put te klearjen. Mar dan begiet er in flater troch Julius Caesar te fertellen wat er dien hat. Caesar is skokt troch de reewilligens fan syn mentor om mei kriminelen te hantsjebakken, en Grakchus syn nonsjalante berop op Realpolitik stelt him beslist net gerêst. Hoewol't Caesar net oanhelle is mei de minachting foar de plebejers (de legere maatskiplike klassen) dy't Krassus útdraacht, sjocht er Krassus syn rigide opfettings oan foar it hâlden en dragen fan in wiere patrysjer (in lid fan 'e hegere maatskiplike klassen). Dat hy ferriedt Grakchus en giet nei Krassus ta om him te fertellen wat Grakchus dien hat. Krassus keapet dan op syn beurt de Silisyske seerôvers om, sadat Spartakus en syn slaven yn 'e Lears fan Itaalje fêst komme te sitten.
Dêrnei stjoert Krassus twa Romeinske legioenen, ûnder Pompejus en Lukullus, wêrfan't it iene lânet yn Kalaabrje (de tean fan 'e Lears) en it oare yn Apûlje (de hakke fan 'e Lears). Tegearre driuwe dy beide legioenen it slaveleger wer noardoan. Spartakus is him derfan bewust wat der bart, mar hy kin it net tsjin twa legioenen tagelyk opnimme. Dat betsjut dat er gjin oare kar hat as om Rome sels oan te fallen, dêr't Krassus oan it haad fan in trêde legioen wachtet. Spartakus moat de troepen fan Krassus sjen te ferslaan. As dat slagget, kin er Rome ynnimme om him dêr te ferskânzjen tsjin 'e beide oare legioenen. Krassus wol krekt Spartakus yn 'e neite fan Rome ferslaan, sadat hy as rêder fan 'e Romeinske Republyk beskôge wurde sil. Dêrom hat er Spartakus nei it noarden driuwe litten. Mar hy lit neat oan it tafel oer en troch gebrûk te meitsjen fan geheime berchpassen yn 'e Apeninen wêrfan't it bestean inkeld by it Romeinske leger bekend is, wit er de legioenen fan Pompejus en Lukullus op 'e tiid nei it slachfjild te dirigearjen. Yn 'e fjildslach witte de slaven troch de slachoarder fan it legioen fan Krassus te brekken, en it liket der in skoftke op dat se de oerwinning behelje sille, mar wannear't de oare beide legioenen ûnferwachts op it slachfjild ferskine, is it spul dien en wurdt it slaveleger alhiel ferneatige.
Nei ôfrin fan 'e striid hawwe de Romeinen sa'n 11.000 slaven kriichsfinzen nommen. Under harren is ek Spartakus sels. Krassus lit bekendmeitsje dat de slaven allegearre sûnder fierdere bestraffing harren âlde slavebestean wer opnimme kinne as se him it lyk of de libbene persoan fan Spartakus oanwize wolle, sadat dy krusige wurde kin. As se dat net dogge, sille se allegearre krusige wurde. Spartakus risselwearret om himsels bekend te meitsjen, mar de oare finzen nommen slaven binne him foar, troch ien foar ien oerein te kommen en te roppen: "Ik bin Spartakus!" Krassus is skokt troch dat barren en beslút dat alles dien wurde moat om 'e oantins oan Spartakus en syn opstân út te rûgjen om sa foar te kommen dat Spartakus yn leginden fuortlibje kin as martelder. Hy lit de tûzenen kriichsfinzenen tusken Capua en Rome by de Via Appia lâns krusigje.
Dêrmei komt er fannijs de slavekeapman Batiatus op it sear, dy't sa stadichoan in hiele wasklist oan griven tsjin Krassus sammele hat. Earst late it besyk fan Krassus en syn freonen streekrjocht ta de opstân fan 'e slaven fan Batiatus en de ferrinnewearring fan syn gladiatorskoalle, doe wegere Krassus letter foar de útnaaide Varinia te beteljen, wylst de keap dúdlik al sletten wie foar't se útpykte, en no lit er de kriichsfinzen slaven krusigje wylst er Batiatus earder ûnthjitten hie dat hy dy slaven ferkeapje mocht. Wannear't Batiatus tsjin 'e gong fan saken protestearret, wurdt er mei swypslaggen út it Romeinske legerkamp jage. Underwilens is Varinia ûnder de fjildslach befallen fan in sûn jonkje, mar nei de slach binne sy en de poppe finzen nommen troch Krassus. Dyselde rekket fereale op har, mar hy is der net tefreden mei om har as seksslavinne te brûken. Ynstee wol er dat se harsels oan him jout sa't se harsels ek oan Spartakus jûn hat, mar dat wegeret se te dwaan.
Krassus hat op 'e mars nei Rome syn eardere liifslaaf Antoninus werkend en hat dyselde en in oare eardere slaaf wêrfan't er fermoedet dat it Spartakus is, oan it lêst ta bewarre mei de krusigings. Nei't er ôfwiisd is troch Varinia reägearret er him ôf troch de beide slaven oan 'e dea ta mei-inoar fjochtsje te litten. Dejinge dy't oerlibbet sil as lêste krusige wurde. Antoninus en Spartakus wurkje mei oan it gefjocht om dat se allebeide inoar de freeslike dea fan in krusiging besparje wolle, mar it is de âldere, sterkere Spartakus dy't wint en Antoninus deadet. Spartakus wurdt neitiid deunby de poarte fan Rome krusige, oan 'e ein fan 'e Via Appia.




Nei de oerwinning op 'e slaven wurdt Krassus, krekt sa't er woe, as rêder fan Rome sjoen. Mei't Julius Caesar no ta syn kamp heart, kin er it garnizoen fan 'e stêd brûke om in gryp nei de macht te dwaan. It is dien mei de ynfloed fan Grakchus, dy't te hearren kriget dat al syn folgelingen by in suvering út 'e wei romme wurdt sille. Sels sil Grakchus nei in lângoed op it plattelân ferballe wurde, dêr't Krassus him út en troch ris wei weromkeare litte sil as dat syn doelen tsjinnet. Grakchus past dêrfoar en docht ynstee selsmoard. Mar foartiid bringt er Krassus noch in lêste slach ta troch Batiatus ien miljoen sestersjes te beteljen om him Varinia en har poppe út 'e filla fan Krassus stelle te litten. Grakchus makket in offisjele ferklearring fan ynfrijheidsstelling foar Varinia en har bern ree en lit harren troch Batiatus nei Akwitaanje ta bringe, dêr't Krassus harren nea wer fine sil. As Batiatus letter Rome ferlit mei Varinia en de poppe, komme se ûnder it krús fan Spartakus lâns. Varinia is by steat om har man yn syn stjerren te treastgjen troch him syn soan sjen te litten en him witte te litten dat it jonkje opgroeie sil yn frijheid en yn 'e wittenskip wa't syn heit wie.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
| personaazje | akteur/aktrise |
| Spartakus | Kirk Douglas |
| Varinia | Jean Simmons |
- byrollen
| personaazje | akteur/aktrise |
| Markus Lisinius Krassus | Laurence Olivier |
| Lentulus Batiatus | Peter Ustinov |
| Sempronius Grakchus | Charles Laughton |
| Antoninus | Tony Curtis |
| Marsellus | Charles McGraw |
| Markus Glabrus | John Dall |
| Julius Caesar | John Gavin |
| Tigranes Levantus (de Silysjer) | Herbert Lom |
| Kriksus | John Ireland |
| Helena Glabrus | Nina Foch |
| Klaudia Marius | Joanna Barnes |
| Draba | Woody Strode |
| David | Harold J. Stone |
| Ramon | Peter Brocco |
| Gannikus | Paul Lambert |
| kaptein fan 'e wacht | Robert J. Wilke |
| Dionysius | Nicholas Dennis |
| Kajus | John Hoyt |
| Laelius | Frederic Worlock |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De produksje fan Spartacus waard foar in diel ynjûn trochdat akteur Kirk Douglas graach de titelrol yn in oare ferneamde swurd-en-sandalefilm spylje wollen hie, te witten Ben-Hur (1959). Hy hie earder mei William Wyler, de regisseur fan dy film, gearwurke oan Detective Story (1951) en hie mei dêrom goede hoop dat er de rol krije soe. Doe't de kar fan Wyler ynstee op Charlton Heston foel, wie Douglas tige teloarsteld. Koarte tiid letter wiisde Edward Lewis, in ûnderdirekteur fan Douglas syn eigen, nei syn mem ferneamde filmproduksjemaatskippij Bryna Productions, Douglas op 'e roman Spartacus fan skriuwer Howard Fast. Dat boek hie in ferlykber tema as Ben-Hur: in man dy't út slavernij wei opstiet en de macht fan it Romeinske Ryk ferget. Douglas besleat nei it lêzen fan 'e roman fan syn eigen jild in opsje op 'e filmrjochten te keapjen.

No woe it tafal dat akteur Yul Brynner op dat stuit ek risselwearre foar in film oer de histoaryske persoan fan Spartakus (dy't net op it boek fan Fast basearre wurde soe). Mei't Brynner gearwurke mei filmstudio United Artists, rette Douglas syn ympressario Lew Wasserman him oan om mei Universal Pictures yn see te gean. Universal stimde ta yn 'e finansiering fan it projekt nei't Douglas tasein hie de titelrol spylje te sillen en ferskate oare akteurs fan namme (Laurence Olivier, Charles Laughton en Peter Ustinov) oerhelle hie om oare rollen op har te nimmen. Sa wûn Douglas de Spartacus-race fan Brynner, waans filmprojekt dêrtroch op 'e non rûn.
Senario
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Howard Fast, de auteur fan 'e roman dêr't de film op basearre waard, wie dejinge dy't oarspronklik troch Douglas oannommen waard as senarioskriuwer. It foel him lykwols swier om binnen de beheinings fan 'e senariofoarm te skriuwen. Hy waard dêrom ferfongen troch Dalton Trumbo, in senarist mei ûnderfining, dy't lykwols syn eigen swierrichheden hie. Trumbo wie ien fan 'e saneamde Tsien fan Hollywood, dy't yn 1947 as earsten op 'e Swarte List fan Hollywood kommen wiene om derfoar te soargjen dat se nea wer yn 'e filmyndustry wurkje koene. De reden dêrfoar wie de heksejacht op kommunisten en fermiende kommunisten dy't yn 'e saneamde Reade Panyk nei it útbrekken fan 'e Kâlde Oarloch oer de Feriene Steaten hinne spielde.

Trumbo hie yn 1950 in skoftke yn 'e finzenis sitten foar minachting fan it Kongres, om't er yn in harksitting foar it Komitee oangeande Unamerikaanske Aktiviteiten fan it Hûs fan Offurdigen (HUAC) wegere hie oare kommunisten te identifisearjen. Neitiid hied er yn syn libbensûnderhâld foarsjoen troch filmsenario's te skriuwen ûnder wikseljende skûlnammen. Foar Spartacus wied er fan doel en brûk de namme "Sam Jackson". Mar Kirk Douglas woe dêr neat fan witte. Hy stie derop dat Trumbo ûnder syn eigen namme fermeld wurde soe yn 'e begjintitels fan 'e film (in ôftiteling bestie doe noch net). Datselde jier waard Trumbo ek iepentlik as senarioskriuwer fermeld yn 'e begjintitels fan 'e histoaryske film Exodus fan regisseur Otto Preminger.
Yn syn autobiografy skreau Douglas letter dat der healwei de opnamen fan Spartacus troch himsels, filmprodusint Edward Lewis en regisseur Stanley Kubrick oerlein waard oer wa't der fermeld wurde soe as senarioskriuwer. Der waard in idee besprutsen om Lewis dy fermelding te jaan, allinnich of yn 'e mande mei in oar, mar Lewis spriek syn feto út oer beide opsjes. Doe sloech Kubrick foar om dan syn namme mar te brûken. Douglas en Lewis fûnen de begearte fan Kubrick om mei oarmans fearren te pronkjen walchlik. De kwestje dy't ûnderwerp fan it oerlis wie, bleau sadwaande ûnbeslist. Mar de oare deis skille Douglas ympulsyf de bewekkers by de haadyngong fan 'e Universal Studios op en sei: "Ik wol graach in tagongspaske klearlizzen hawwe foar Dalton Trumbo." Dêr kaam gjin dalje op, dat Trumbo koe foar it earst yn trettjin jier it studiokompleks yngean. Doe't er Douglas seach, seid er: "Tankjewol, Kirk, datst my myn namme weromjûn hast."

Mei it negearjen fan 'e útsluting fan Trumbo troch Douglas en Preminger waard de macht fan 'e Swarte List fan Hollywood yn 1960 brutsen. Net eltsenien wie it dêrmei iens; by fertoanings fan Spartacus waard om dy reden neitiid demonstrearre troch leden fan it fûleindich anty-kommunistyske Amerikaansk Legioen, mar presidint fan 'e Feriene Steaten John F. Kennedy joech de Swarte List de genedeklap troch iepentlik in fertoaning fan 'e film by te wenjen. Tsjintwurdich wurdt de stap fan Douglas rûnom beskôge as in moedige die, dy't in ein makke oan in swarte bledside yn 'e filmskiednis yn 'e foarm fan diskriminaasje omreden fan politike opfettings.
Rezjy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik wie it de bedoeling dat Laurence Olivier net inkeld de rol fan Markus Lisinius Krassus spylje soe, mar Spartacus ek regissearje soe. Dêr waard lykwols al yn 'e preproduksjefaze fan ôfstapt. Nei't David Lean it oanbod om 'e rezjy te dwaan, ôfslein hie, waard Anthony Mann as regisseur oansteld. Dyselde wie doedestiden it bekendst fan westerns lykas Winchester '73 en The Naked Spur. Kirk Douglas, dy't behalven as haadrolspiler ek as útfierend produsint by Spartacus belutsen wie, joech Mann dien nei de earste wike fan 'e opnamen.

Yn syn autobiografy ferklearre Douglas dat ûntslach letter mei de wurden: "Hy liek benaud te wêzen foar de grutskaligens fan 'e film." Lykwols makke Mann in jier letter El Cid, in film fan ferlykbere skaal. It ûntslach (of opstappen) fan Mann is nammenste mysterieuzer om't de sênes dy't hy yn syn wike as regisseur beävensearre (de iepeningssênes yn it stiengat yn Lybje) kwa rezjystyl net fan 'e rest fan 'e film te ûnderskieden binne. Hoe dan ek, yn it plak fan Mann waard de doe tritich jier âlde Stanley Kubrick oansteld, foar wa't Spartacus syn fyfde film wie. Mei Douglas hied er earder gearwurke oan 'e anty-oarlochsfilm Paths of Glory (1957). Spartacus soe foar Kubrick de iennichste film út syn karriêre wêze, wêroer't er as regisseur net de folsleine artistike kontrôle hie.
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spartacus waard makke troch Bryna Productions foar de filmstudio Universal Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $12 miljoen, dat omrekkene yn jild fan 2022 delkomt op $112 miljoen. Foar moderne Hollywoodproduksjes is dat in frij gemiddeld bedrach, mar yn 1960 wie Spartacus in djoere film. Foar regisseur Stanley Kubrick wie it ek it earste grutte filmprojekt. Syn djoerste film oant doe ta, Paths of Glory, hie mar in budget fan $935.000. De kamerarezjy fan Spartacus wie yn 'e hannen fan Russell Metty, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Alex North.

Casting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As men alle figuranten meirekkenet, hie Spartacus in cast fan 10.500 akteurs. It wie fan it begjin ôf oan dúdlik dat Kirk Douglas de rol fan Spartakus spylje soe. Foar de rollen fan Krassus, Grakchus en Batiatus waarden de Britske akteurs Laurence Olivier, Charles Laughton, resp. Peter Ustinov oanlutsen.
Foar syn eigen tsjinspylster, yn 'e rol fan Varinia, hie Douglas oarspronklik de Frânske aktrise Jeanne Moreau yn gedachten, mar dy woe foar de opnamen fan in film net sa lang by har frijer wei en sloech dêrom it oanbod ôf. Doe waard de Dútske aktrise Sabine Bethmann yn 'e rol fan Varinia cast, om't Douglas fûn dat Varinia in oar aksint hawwe moast as de Ingelske akteurs dy't de rollen fan 'e aristokratyske Romeinen spilen.
Doe't Stanley Kubrick yn 'e prodksje behelle rekke, wie syn earste die as regisseur om Bethmann te ûntslaan. Hoewol't se doe noch mar twa dagen op 'e filmset west hie, fûnen Douglas en Kubrick har net de goede aktrise foar de rol. Se krige dêrom in 'oprotpreemje' fan $3.000 en koe nei hûs. Bethmann waard ferfongen troch de Ingelske aktrise Jean Simmons, dy't foarôfgeande oan 'e opnamen om 'e nocht lobbyd hie om 'e rol fan Variana te krijen. Douglas hie har doe net caste wollen om har Britsk-Ingelske aksint, mar dêr stapte er no fan ôf. Simmons wie lokkigernôch noch beskikber en koe de rol op slach oernimme.

Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar Spartacus setten op 27 jannewaris 1959 útein en duorren oant en mei 12 july fan dat jier. Alle binnendoarsênes en guon bûtendoarsênes waarden filme yn 'e Universal Studios Hollywood yn Universal City. De sênes yn 'e filla fan Krassus waarden opnommen yn it Hearst Castle yn San Simeon (Kalifornje). De sênes yn it stiengat yn Lybje waarden filme yn Death Valley, it leechst leine en hjitste plak fan Noard-Amearika. Grutte dielen fan Spartacus waarden fierders op lokaasje opnommen yn it Regionaal Park Wildwood yn Thousand Oaks (Kalifornje). Ien fan 'e gefjochtssênes waard dêre filme op 'e Mount Clef-heuvels yn 'e neite fan 'e kampus fan 'e Kalifornyske Lutherske Universiteit.
De klimaktyske fjildslach wêryn't it slaveleger fan Spartakus lang om let ferslein wurdt, waard lykwols opnommen op in gloaiende flakte bûten de Spaanske haadstêd Madrid. Sa'n 8.000 soldaten fan 'e ynfantery fan 'e Spaanske Lânmacht fungearren dêrby as figuranten om 'e Romeinske legioenen wer te jaan. Regisseur Stanley Kubrick filme de opmarsjearjende legers út hege, spesfiyk foar dat doel boude tuorren wei. It meastepart fan 'e bluodderige gefjochtssênes moast letter trouwens fuortknipt wurde om't de bylden doedestiden troch it bioskooppublyk as te skokkend ûnderfûn waarden. By it fêstlizzen fan 'e sêne dy't yn 'e neisleep fan 'e grutte fjildslach de stoflike omskotten fan 'e ôfslachte slaven yn byld bringt, wie Kubrick sa sekuer, dat elts 'lyk' in nûmer en spesifike ynstruksjes oangeande lichemshâlding hie. Yn Spanje waard fierders ek filme yn 'e neite fan Guadalajara en Iriépal.
Om 'e yllúzje fan grutte klibers folk te kreëarjen yn sênes dêr't eins gjin grutte oantallen figuranten by oanwêzich wiene, waarden yn it skoft fan in Amerikaansk fuotbalwedstryd tusken de universiteitsteams fan 'e Steatsuniversiteit fan Michigan en de Universiteit fan Notre Dame 76.000 taskôgers troch de filmcrew frege om te razen "Heil, Krassus!" en "Ik bin Spartakus!", sadat opnamen dêrfan foar de film brûkt wurde koene.
Der wie op 'e set fan Spartacus oanhâldend rûzje. Kameraregisseur Russell Metty, in man mei ûnderfining dy't earder oan grutte films wurke hie lykas Bringing Up Baby (1938) fan Howard Hawks en The Stranger (1946) en Touch of Evil (1958) fan Orson Welles, krimmenearre bitter oer de ûngewoane presyzje en detaillearre ynstruksjes dy't him troch Kubrick taparte waarden foar it kamerawurk. Ek wied er it net iens mei de beljochting dy't Kubrick brûke woe. By ien gelegenheid skille er sels Ed Muhl op, de algemien direkteur fan Universal Pictures, om mei syn ûntslach te driigjen, mar Kubrick hiet him: "Kinst dy't wurk dwaan troch yn dyn stoel sitten te gean en dy stil te hâlden. Dan bin ik sels wol kameraregisseur." Nei't Metty letter foar Spartacus de Oscar foar bêste kamerarezjy wûn hie, ferstomme syn krityk op Kubrick foar it meastepart.

Kubrick hie ek in konflikt mei Universal. Hy woe de film stadich opnimme troch mar twa kamera's tagelyk te brûken. De studio easke dat er 32 tagelyk brûkte, om't in koartere opnametiid ek in foardieliger produksje betsjutte. Der waard úteinlings in kompromis fan acht kamera's berikt. Mei senarist Daltron Trumbo wie Kubrick oan ien wei troch deilis oer it skript. Kubrick beklage him deroer dat it personaazje Spartakus gjin inkele karakterflater hie. Hoewol't de film in grut kommersjeel súkses waard en fjouwer Oscars wûn, distansjearre Kubrick him der letter fan. Hy fûn dat it net de film wie dy't it wêze kinnen hie as him de frije hân jûn wie, Hy wegere dêrom neitiid ek om ea wer in film te regisearjen dêr't er gjin folsleine artistike frijheid foar hie.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Spartacus waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 6 oktober 1960 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre, nei't de film dêrfoar fjouwer dagen lang inkeld op útnûging te sjen west hie yn it DeMille Theatre yn New York.
In soundtrackalbum mei 41 minuten oan seleksjes út 'e filmmuzyk waard yn 1960 útbrocht op LP. Yn 1990 ferskynde dat album op cd ta gelegenheid fan 'e restauraasje fan Spartacus. Yn 2010 brocht platemaatskippij Varèse Sarabande yn in beheinde oplaach fan 5.000 eksimplaren in sammeldersedysje út fan 'e hiele soundtrack fan 'e film, besteande út seis cd's, ien dvd en in bygeand boekje fan 168 siden.

Spartacus waard yn 1985 foar it earst útbrocht as VHS-keapfideo, yn in wer oaninoar plakte ferzje dy't it meastepart fan it oarspronklike byldmateriaal omfette. De restaurearre ferzje fan 'e film waard yn novimber 1991 úbtrocht op VHS en yn 2001 foar it earst ek op dvd. De earste blu-ray-edysje kaam út yn 2010.
Sinsuer en restauraasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De spyldoer fan Spartacus bedroech nei de oarspronklike filmmontaazje 197 minuten oftewol 3 oeren en 17 minuten. Mar foar de premiêre waard der op oanstean fan it Nasjonaal Legioen fan Fatsoen (NLD) 5 minuten út 'e film helle. De oarspronklike bioskooplingte kaam dêrmei op 192 minuten. Doe't Spartacus yn 1967 op 'e nij yn 'e bioskopen útbrocht waard, wie der nochris 23 minuten út 'e film fuortknipt, sadat de de spyldoer doe útkaam op 169 minuten.
It idee foar in restauraasje fan Spartacus ûntstie doe't de non-profitorganisaasje American Cinematheque filmstudio Universal Pictures frege om in oarspronklike print fan Spartacus foar harren doe resinte earbetoan oan Kirk Douglas. Universal liet doe witte dat de oarspronklike negativen twaris beknipt wiene en dat de kleuren alderraarst ferdizene wiene. De foaroansteande filmmakker Steven Spielberg smiet syn gewicht efter de foarstelde restauraasje en rikkemandearre oan dat kontakt opnommen wurde soe mei Stanley Kubrick, dy't doe yn Londen wenne. Hoewol't Kubrick him fan Spartacus distansjearre hie, bemuoide er him dochs mei it restauraasjeprojekt, net inkeld troch der syn goedkarring oan te ferbinen, mar ek troch detaillearre ynstruksjes oan 'e restaurateurs, dy't er út syn wenplak wei trochskille en trochfakste. (Kubrick syn eigen print fan 'e film, dy't er donearre hie oan it Museum of Modern Art (MoMA) yn New York, koe net foar de restauraasje brûkt wurde om't it as argyfstik beskôge waard.

De restauraasje waard útfierd troch in team fan 30 man ûnder lieding fan Robert A. Harris. De oarspronklike swart-wite separaasjeprinten fan Universal waarden brûkt, dy't yn 1960 as reserveferzje fan 'e film bewarre wiene. Der moast spesjaal in nije kameralins ûntwurpen wurde om 'e âlde prints sekuer nei it nije medium oer te setten. De kâns waard oangrypt om mei-iens de film werom te bringen nei de oarspronklike foarm fan nei de filmmontaazje en foarôfgeande oan 'e premiêre, mei in doer fan 197 minuten. De restaurateurs foegen ferskate dielen fan 'e fjildslachsênes wer ta, dy't fuortknipt wiene om't se yn 'e 1960-er jierren as se te bluodderich beskôge waarden.
Under it earder fuortknipte en no wer tafoege byldmarteriaal wie ek in sêne fan 4 minuten wêryn't senator en tribún Krassus (spile troch Laurence Olivier) baaid wurdt troch syn liifslaaf Antoninus (spile troch Tony Curtis). Krassus praat ûnderwilens tsjin Antoninus oer it iten fan oesters en it iten fan slakken, dat neffens him in kwestje fan persoanlike foarkar is en neat mei noarmen en wearden te krijen hat. It wurdt út syn wurden dúdlik dat er it eins hat oer heteroseksualiteit fersus homoseksualiteit. De biseksuele Krassus besiket dêrmei syn slaaf yn bedutsen termen te ferlieden ta it hawwen fan seksuele omgong. It wie benammen dizze sêne dy't troch de klacht fan it NLD de bioskoop nea helle. Tsjin 'e tiid fan 'e restauraasje wie de oarspronklike dialooch dy't by de bylden hearde, al lang ferlern gien. De sêne moast dêrom neisyngronisearre wurde. Tony Curtis, dy't doe 66 jier wie, spriek syn eigen tekst op 'e nij yn, mar Olivier wie twa jier earder ferstoarn. Foar syn diel fan 'e dialooch, fierwei it grutste part, moast dus in oare ynsprekker fûn wurde. Olivier syn widdo, Joan Plowright, rikkemandearre dêrfoar Anthony Hopkins oan, dy't net inkeld in talintearre imitator wie en Olivier goed neibeare koe, mar yn syn jonge jierren ek in protezjee fan Olivier west hie. Curtis en Hopkins sprieken harren teksten apart faninoar yn. De restaurearre ferzje fan Spartacus waard neitiid yn 1991 op 'e nij útbrocht yn 'e bioskopen.

Yn 2015 waard Spartacus, ta gelegenheid fan it 55-jierrich jubileum fan it bestean fan 'e film, digitaal restaurearre mei 4K-resolúsje. Dêrby waard útgien fan in scan mei 6K-resolúsje fan 'e restaurearre ferzje fan 'e film út 1991. Robert A. Harris, dy't oan it haad fan dy restauraasje stien hie, wie as adviseur anneks mei de digitale restauraasje.
Histoaryske kontekst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De produksje fan Spartacus yn 1960 kin net los sjoen wurde fan 'e polityk-maatskiplike kontekst fan 'e Feriene Steaten yn 'e 1950-er jierren. It fjochtsjen fan Spartakus-en-dy yn 'e film om it jok fan 'e slavernij ôf te smiten, giet lykstrekich op mei de striid tsjin diskriminaasje op grûn fan politike opfettings yn 'e filmyndustry yn it ramt fan it Komitee oangeande Unamerikaanske Aktiviteiten fan it Hûs fan Offurdigen (HUAC) en de Swarte List fan Hollywood, en teffens mei de striid tsjin diskriminaasje op basis fan hûdskleur troch de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging yn 'e bredere maatskippij. Howard Fast, de auteur fan 'e roman Spartacus, dêr't de film op basearre waard, hie dat boek yn it tichthûs skreaun nei't er op basis fan fermiende kommunistyske opfettings foar it HUAC ferskine moatten hie en wegere hie om oare mooglike kommunisten te neamen. Senarioskriuwer Dalton Trumbo wie ien fan 'e saneamde Tsien fan Hollywood, dy't fan wurkjen yn 'e filmyndustry útsletten wiene omreden fan harren ideologyske opfettings, dêr't se, neffens it HUAC, it Amerikaanske folk mei fergiftigje woene.

Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Spartacus oer it algemien positive resinsjes. Sa hie it tydskrift Variety in protte lof foar regisseur Stanley Kubrick, dy't neffens it blêd in wurk ôflevere hie dat de âlde spektakelfilms fan Cecil B. DeMille belykje koe, "sûnder ea ta te litten dat it ferhaal of de minsken dy't de kearn fan it drama foarmje, yn it gedrang ferdwine." Kubrick liet dêrmei neffens Variety sawol "technysk talint" as "begryp foar minsklike wearden" sjen. John L. Scott fan 'e Los Angeles Times priizge de "fabuleuze cast", it "saakkundige senario", en de "ymposante" klimaktyske fjildslachsêne. Hy skreau: "Hjir kundiget de jonge regisseur Stanley Kubrick oan dat der tenei mei him rekken holden wurde moat."
Yn The Washington Post woe Richard L. Coe hawwe dat Spartacus "de ûnwierskynlike triomf behellet om yntym op grutte skaal te wêzen". De film wie neffens him "in lang spektakel dat fan begjin oant ein ynteressant is om redens dy't fan sêne ta sêne útinoar rinne". It tydskrift Harrison's Reports neamde de film "tige goed" en heakke dêr de omskriuwing oan ta: "In troch in stjerrecast spile spektakel foar tinkende minsken."
Brendan Gill fan The New Yorker wie minder posityf. Hy ergere him oan 'e taspraken dy't it personaazje Spartakus yn 'e film jout. Neffens him "klinke dy folle mear as Howard Fast [...] dy't yn 'e 1950-er jierren tsjin himsels praat as dat se klinke as in analfabetyske kriger út 'e earste iuw f.Kr." Mar hy skreau ek: "Wat de film rêdt, binne ferskate stikken wêryn't goed aktearre wurdt, yn 't bysûnder troch Peter Ustinov en Laurence Olivier; de yntrinsike nijsgjirrigens fan 'e fysike details (it ynterieur op 'e juste skaal fan Romeinske huzen, it opmarsjearjen fan Romeinske legioenen krekt sa't se dat [yn 'e Aldheid] dien hawwe moatte); en it selsfertrouwen as regisseur fan Stanley Kubrick, dy't de sênes mei klibers folk mei útsûnderlike elegânsje yn byld brocht hat."

Bosley Crowther, dy't skreau foar The New York Times, hie alhielendal net folle op mei Spartacus. Hy neamde de film in "twifelich, ûnlykmjitich drama", dat "resultearret yn in romantyske grienmank fan in nuvere histoaryske perioade." Ek skreau er dat de "stompe, hynste-operastyl" fan aktearjen fan Kirk Douglas raar ôfstiek by de "presyzje" fan Charles Laughton en de "deftichheid" fan Laurence Olivier. It Monthly Film Bulletin fûn it "teloarstellend" dat "nettsjinsteande de ûnbidige útjeften, technyske helpboarnen en in útsûnderlik talintearre filmcrew, safolle fan Spartacus yn 'e âlde fuorren fan klisjee en sentimint falt". Deselde resinsje murk ek op dat Kirk Douglas "nei alle gedachten minder dialooch hat as lykfol hokker oare held yn 'e filmskiednis. Spitigernôch makket er dat ferbale gebrek net goed mei in mobile gesichtsútdrukking, yn acht nommen dat er deselde houtene grimas behâldt troch mear as trije oeren fan beproeving en lijen hinne."
By syn beoardieling fan 'e restaurearre ferzje fan 1991 joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 3 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Twa dingen beklibje it measte troch de jierren hinne: de oangripendheid fan 'e fjildslachspektakels, en […] beskate aktearprestaasjes – yn 't bysûnder it fjoer fan Olivier, de krêft fan Douglas en it mylde amusemint fan Laughton oer de swakten fan 'e minskheid. De fermaaklikste aktearprestaasje yn 'e film, konsekwint grappich, is dy fan Ustinov, dy't alle oaren fuortspilet eltse kear as er yn byld is [...]."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Spartacus in tige heech goedkarringspersintaazje fan 93%, basearre op 61 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei geweldige aktearprestaasjes en epyske aksje is Kubrick syn restaurearre swurd-en-sandalefilm in wiere klassiker." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Spartacus in goedkarringspersintaazje fan 87%, basearre op 17 resinsjes.

Yn 2017 waard Spartacus troch de Library of Congress útornearre foar preservearring foar de ivichheid yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register, omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spartacus brocht yn syn oarspronklike release yn 1960 wrâldwiid $17 miljoen op. Ofset tsjin it budget fan $12 miljoen betsjut dat in winst fan $5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Spartacus de meast opbringende film fan 1960 en teffens de meast opbringende film út 'e skiednis fan Universal Pictures oant Airport yn 1970 op dat mêd in nij rekôr fêstige. Tsjin jannewaris 1963 hie Spartacus allinnich al yn 'e Feriene Steaten en Kanada $14 miljoen opbrocht. De re-release fan 'e film yn 1967 brocht, allinnich al yn Noard-Amearika, nochris $14,6 miljoen op.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1961 waard Spartacus by de Oscars nominearre foar prizen yn 6 kategoryen, wêrûnder bêste filmmontaazje en bêste filmmuzyk. De film wûn 4 Oscars, foar bêste byrol fan in akteur (Peter Ustinov), bêste kamerarezjy fan in kleurefilm (Russell Metty), bêste artdirection fan in kleurefilm (Alexander Golitzen, Eric Orbom, Russell A. Gausman en Julia Heron) en bêste kostúmûntwerp yn in kleurefilm (Arlington Valles en Bill Thomas).
By de Golden Globes waard Spartacus nominearre foar 6 prizen yn 5 kategoryen, wêrûnder bêste regisseur, bêste akteur (Laurence Olivier), bêste byrol fan in akteur (twaris: Peter Ustinov en Woody Strode) en bêste orizjinele filmmuzyk. De film wûn de Golden Globe foar Bêste Film – Drama. Spartacus waard ek nominearre foar de BAFTA foar bêste film en de Writers Guild of America Award foar bêste Amerikaanske drama. Yn 2015 wûn Spartacus noch in Saturn Award foar bêste dvd-kolleksje.

"I'm Spartacus!"
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in sêne dy't folget op 'e klimaktyske fjildslach wêryn't it slaveleger fan Spartakus ferslein wurdt, biedt Krassus de kriichsfinzenen in soarte fan amnesty oan (hoewol't se wol wer slaven wurde moatte) as se Spartakus foar him identifisearje wolle. Dêrop ferklearje lykwols alle kriichsfinzenen dat sy sels Spartakus binne troch te roppen: "I'm Spartacus!" ("Ik bin Spartakus!"). Yn 'e dokumintêre Trumbo (2007), oer it libben fan senarioskriuwer Dalton Trumbo, wurdt suggerearre dat dy sêne bedoeld wie om 'e ûnderlinge solidariteit wer te jaan fan dejingen dy't der yn 'e tiid fan 'e kommunisteferfolgings yn 'e Feriene Steaten fan beskuldige waarden om kommunisten te wêzen of kommunistyske sympatyen te hawwen. Dyselden waard ommers frege om oare kommunisten te identifsearjen en dat wegeren se yn 'e measte gefallen.
De I'm Spartacus!-sêne wie de basis foar in inside joke yn 'e folgjende film fan regisseur Stanley Kubrick, Lolita (1962). Dêryn freget ien personaazje (Humbert) oan in oar personaazje (Clare Quilty): "Binne jo Quilty?", dêr't sy op antwurdet: "Nee, ik bin Spartakus. Binne jo hjir om 'e slaven te befrijen of sa?" Withoefolle lettere films, tillefyzjeprogramma's en reklamespotsjes befetten ferwizings nei of parodyen op 'e I'm Spartacus!-sêne, wêrûnder Monty Python's Life of Brian (1979), wêryn't it spul omdraaid wurdt. In hiele groep lju sil dêr krusige wurde, mar Brian, sa is krekt bekendmakke, sil frijlitten wurde as er mar identifisearre wurde kin. Dêrop begjinne alle finzenen te roppen "Ik bin Brian!", "Nee, ik bin Brian!" en "Ik bin Brian en myn frou ek!"
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Ynformaasje oer Spartacus yn 'e katalogus fan it Amerikaansk Filmynstitút (AFI)
- (in) Ynformaasje oer Spartacus yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Amerikaanske histoaryske film
- Amerikaanske biografyske film
- Amerikaanske oarlochsfilm
- Amerikaanske sandalefilm
- Amerikaanske dramafilm
- Histoaryske oarlochsfilm
- Ingelsktalige film
- Film fan Universal Pictures
- Film fan Bryna Productions
- Film fan Stanley Kubrick
- Film út 1960
- Film oer slavernij
- Film oer in opstân
- Film oer gladiatorgefjochten
- Film oer de Romeinske Tiid
- Film oer de deastraf
- Film oer selsmoard
- Film oer polityk
- Film oer manlike biseksualiteit
- Film oer mentorskip
- Werjefte fan Julius Caesar yn keunst en kultuer
- Film basearre op in literêr wurk
- Film basearre op wiere foarfallen
- Winner fan de Golden Globe foar Bêste Film – Drama
