Spaanske keizerearn
| Spaanske keizerearn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Aquila adalberti | ||||||||||||
| C.L. Brehm, 1861 | ||||||||||||
| IUCN-status: gefoelich | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Spaanske keizerearn of Ibearyske keizerearn (Aquila adalberti) is in earn út it skaai Aquila ("echte earnen") dy't allinne op it Ibearysk skiereilân foarkomt. De wittenskiplike namme is in earbetoan oan Adalbert Willem fan Beieren. De fûgel wurdt hjoed-de-dei sjoen as in súksesferhaal op it mêd fan natuerherstel yn Europa.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Spaanske keizerearn is likernôch like grut as de gewoane keizerearn; de fûgels wurde 75 oant 85 sm lang en ha in wjukspanne fan 1,8 oant 2,1 m en in gewicht fan 2,8 oant 3,5 kg. Folwoeksen fûgels binne donkerder fan kleur as de keizerearn, mei in karakteristike wite foarrâne oan 'e ûnder- en boppewjuk. Unfolwoeksen fûgels binne krekt wer ljochter, egaal kanielbrún.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Spaanske keizerearn is nau besibbe oan 'e keizerearn (Aquila heliaca). Oant yn 'e jierren 1990 waard tocht dat de Spaanske keizerearn in ûndersoarte wie, mar sûnt de iuwwikseling wurdt de fûgel op grûn fan genetysk ûndersyk en uterlike skaaimerken as in aparte soarte beskôge.
Fersprieding en habitat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze earn libbet yn Súdwest- en Sintraal-Spanje en hat de lêste jierren ek wer in populaasje yn Portegal. Oant likernôch healwei de 20e iuw briede de Spaanske keizerearn noch yn it noarden fan Marokko. De lêste befêstige briedgefallen yn Marokko stamje út de jierren 1970. Dêrnei is de soarte dêr as briedfûgel offisjeel útstoarn ferklearre.
Wylst de populaasje nei de grutte tebekgong yn 'e 20e iuw allinnich noch beheind wie ta gebieten lykas it Nasjonaal Park Monfragüe en Coto de Doñana, hat de soarte syn ferspriedingsgebiet de lêste desennia flink útwreide. Hy briedt yn Mediterraansk bosk en iepen beamgreiden (Dehesas) mei koark-iken en stien-iken. Nije pearkes briede no ek yn mear yn kultuer brochte lânskippen mei lytse boskjes.
Wichtige betingsten foar de earn binne in grut oanbod fan kninen (syn haadfiedsel) en sa min mooglik minsklike fersteuring yn it briedseizoen. Ien fan 'e grutste gefaren foarmje hjoed-de-dei de heechspanningsliedings.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Spaanske keizerearn is monogaam. In pearke bliuwt meastentiids harren hiele libben byinoar. Se ferdigenje in fêst territoarium dat it hiele jier troch beset wurdt. De briedtiid begjint betiid yn it jier. It wyfke leit yn 'e regel 2 oant 3 aaien (soms 4). Der sit faak in pear dagen tusken it lizzen fan 'e aaien. It brieden duorret sa'n 43 oant 45 dagen. De piken binne nei likernôch 75 oant 80 dagen grut genôch om út te fleanen
Njonken kninen yt de earn ek kjifdieren, dowen, krieën, einen en bytiden sels jonge foksen. Wylst de eastlike keizerearn in trekfûgel is, bliuwt de Spaanske keizerearn it hiele jier troch yn syn briedgebiet.
Yn Nederlân is de Spaanske keizerearn in tige seldsume doarmer mei mar ien befêstige waarnimming út 2007.
Status en werstel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e jierren 1960 wie de Spaanske keizerearn ien fan 'e meast bedrige rôffûgels op 'e wrâld, mei noch mar 30 briedpearen. Troch strange beskerming, oanpassingen oan elektryske liedings en it ferbetterjen fan it liifgebiet, is de populaasje de lêste jierren wer groeid.
Der wurde no mear as 840 briedpearen teld (stân 2023/2024), wat delkomt op sa'n 1.700 folwoeksen fûgels. Fan mar 3 pearen yn 2007 is de Portegeeske populaasje groeid nei mear as 20 pearen.
Om 't de fûgel him goed hat wersteld is de status op 'e Reade list fan 'e IUCN ferbettere fan kwetsber (Vulnerable) nei hast bedrige (Near Threatened), ek al bliuwt de fûgel ôfhinklik fan beskermingsmaatregels.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
