Southern Gothic

Southern Gothic (Ingelsk foar "Súdlike Gotyk") is in subsjenre fan fiksje (benammen wat literatuer, film en tillefyzje oangiet) en fan countrymuzyk. It is sterk beynfloede troch it Amerikaanske Suden as geografyske regio en troch Goatyske fiksje, de foarrinner fan 'e moderne horror. Algemien foarkommende tema's út wurken fan Southern Gothic binne mei slimme karakterflaters oanhelle, ûntrêstgjende of eksintrike personaazjes dy't belutsen wêze kinne by hoodoo (folksmagy) of oare boppenatuerlike saken, en fierders ferfallen, fertutearze of ferlitten settings, groteske sitewaasjes en oare sinistere foarfallen dy't ferbân hâlde mei of fuortkomme út earmoede, maatskiplike ferfrjemding, misdie of geweld.
De woartels fan Southern Gothic lizze yn 'e Antebellumperioade yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw, yn 'e groteske mar humoristyske koarte ferhalen fan Henry Clay Lewis en de de-ideälisearre personaazjes út 'e romans fan Mark Twain. It subsjenre berikte lykwols pas syn hjoeddeistige foarm yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw, doe't donkere romantyk, Súdlike humor en it literêre naturalisme har fermongen ta in nije foarm fan maatskippijkrityk. It tematysk materiaal fan Southern Gothic-wurken út dy tiid wie fierhinne in wjerbyld fan 'e kultuer dy't yn it Amerikaanske Suden bestie sûnt de ynstoarting fan 'e Konfederaasje troch de Súdlike nederlaach yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861–1865), dy't in fakuum neiliet yn 'e kulturele en religieuze noarmen en wearden fan 'e regio. Troch de resultearjende earmoede en de ferbittering oer it ferlies, dy't hingjen bleau yn it Tiidrek fan 'e Weropbou (1865–1877), boazen it rasisme, geweld en religieus ekstremisme doe en neitiid oan.
As term wie "Southern Gothic" oarspronklik in delbûgende en minachtsjende oantsjutting, dy't yn 1935 optocht waard troch de Amerikaanske skriuwster Ellen Glasgow om nei it wurk fan skriuwers as Erskine Caldwell (1903–1987) en William Faulkner (1897–1962) te ferwizen. Neffens har sieten de boeken fan sokken grôtfol mei "doelleas gweld" en "fantastyske nachtmerjes". Letter waard de term lykwols as in soarte fan geuzenamme oannommen troch skriuwers fan it subsjenre. Foarbylden fan oare Southern Gothic-auteurs binne Harry Crews (1935–2012), Joe R. Lansdale (1951), Harper Lee (1926–2016), Anne Rice (1941–2012) en Tennessee Williams (1911–1983).
Foarbylden fan films dy't ta it Southern Gothic-subsjenre rekkene wurde kinne, binne:
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |