Springe nei ynhâld

Sophie's Choice

Ut Wikipedy
Bill_Styron (1989)

Sophie's Choice (Ingelsk, "Sophie's kar") is in roman fan de skriuwer William Styron út de Feriene Steaten, útbrocht by Random House in 1979. It boek is lykwols nea oerset yn it Frysk. De titel fan it boek ferwiist nei in kar dy't de haadfiguer meitsje moat, mar krekt hokfoar kar hinget ôf fan wat neffens de lêzer it wichtichste punt yn it ferhaal is.

It ferhaal folget Stingo út it suden fan de Feriene Steaten, dy't yn de kunde komt mei de Poalske Sophie Zawistowska en har freon fan Joadsk komôf Nathan Landau. Stingo rekket fereale op Sophie, en geandewei fernimt er dat Nathan net goed by de holle is (net ien dy't it wit, mar hy is oanhelle mei skizofreny). Hy hellet Sofie oer en gean mei him mei nei it súden, mar nei't hja him harren skiednis út it kamp ferteld hat, kiest hja derfoar en gean werom nei Nathan.

Sophie's Choice waard bot priizge in de resinsjes by publikaasje en waard as in masterwurk beskôge. Yn 1980 krige Styron de National Book Award for Fiction foar syn wurk. De roman wie ek in kommersjeel súkses, en ferskynde heech op 'e bestsellerlisten, nettsjinsteande (of miskien foar in part fanwegen) de iepenhertige beskriuwing fan ferskate seksuele sênes, dy't as kontroversjeel beskôge waarden, benammen yn 'e Feriene Steaten.

It lettere súkses fan 'e filmadaptaasje fermindere de literêre wurdearring foar it boek wat, mar hjoed-de-dei wurdt it troch in protte lju beskôge as ien fan 'e hichtepunten fan 'e literatuer fan 'e tweintichste iuw. Sophie's Choice waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.