Sonora
| Sonora | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| lân | Meksiko | |
| haadplak | Hermosillo | |
| grutste stêd | Hermosillo | |
| gemeenten | 72 gemeenten | |
| gûverneur | Alfonso Durazo Montaño (MORENA) | |
| federale distrikten | 7 | |
| Sifers | ||
| ynwenners | 2.944.840 (2020) | |
| oerflak (km²) | 179.355 km² | |
| befolkingstichtens | 16,41 ynw./km² | |
| Oar | ||
| steat sûnt | 10 jannewaris 1824 | |
| ISO-koade | MX-SON | |
| tiidsône | UTC−7 | |
| simmertiid | Gjin | |
| koördinaten | 29°05′N 110°57′W | |
| webside | www.sonora.gob.mx | |
| Kaart | ||
| De katedraal fan Tepic | ||
Sonora, ek wol ferfryske ta Sonoara, is de op ien nei grutste steat fan Meksiko. Sonora leit yn it noardwesten fan Meksiko en grinzget yn it westen oan Baja California, yn it suden oan Sinaloa en yn it easten oan Chihuahua. Yn it noarden dielt de steat in lange grins mei de Feriene Steaten (Arizona en Nij Meksiko). De Golf fan Kalifornje leit westlik fan 'e steat. Sonora hat in oerflak fan 179.355 km² en telt 2.944.700 ynwenners (2020). De haadstêd fan 'e steat is Hermosillo. It lânskip wurdt dominearre troch de Sonorawoastyn en it Westlike Sierra Madre-berchtme.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de komst fan 'e Spanjerts waard it gebiet bewenne troch ferskate lânbou- en jager-samlerkultueren. De Spaanske ûntdekkingsreizger Álvar Núñez Cabeza de Vaca wie yn 1536 ien fan 'e earste Europeanen dy't troch it gebiet reizge. Yn 'e 17e iuw stiften Jezuïten lykas Eusebio Francisco Kino ferskate missyposten om de lânseigen befolking te bekearen.
Yn 1824, nei de Meksikaanske Unôfhinklikheidsoarloch, waard de steat Occidente oprjochte, dy't bestie út 'e hjoeddeiske steaten Sonora en Sinaloa. Yn 1830 waarden dy twa skieden en waard Sonora in selsstannige dielsteat. Yn 'e 19e iuw ferlear de steat grutte stikken grûn oan 'e Feriene Steaten troch de Gadsden-oankeap fan 1853. Yn 'e tiid fan 'e Meksikaanske Revolúsje (1910-1920) spile Sonora in krúsjale rol; ferskate revolúsjonêre lieders en takomstige presidinten, lykas Álvaro Obregón en Plutarco Elías Calles, kamen út dizze steat.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De befolking fan Sonora is relatyf tin ferspraat oer it grutte oerflak. In grut part fan 'e ynwenners wennet yn 'e haadstêd Hermosillo of yn 'e grinsstêden. Der wenje ferskate yndiaanske groepen yn 'e steat, wêrfan't de Yaqui en de Mayo de bekendste binne. Oare groepen binne de Seri, de Tohono O'odham en de Cocopah. De grutste stêden binne, njonken Hermosillo, Ciudad Obregón, Nogales, San Luis Río Colorado en Navojoa.
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Sonorawoastyn is oer de wrâld ferneamd om de gigantyske Saguaro-kaktussen en it fulkanyske lânskip fan El Pinacate (UNESCO-erfgoed). De see is ryk oan walfisken en dolfinen wylst yn it easten de griene bosken fan 'e Sierra Madre oerhearskje, dêr't de jagûar libbet.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sonora fan Wikimedia Commons. |
| Steaten fan Meksiko | ||
|---|---|---|
| Aguascalientes • Baja California • Baja California Sur • Campeche • Chiapas • Chihuahua • Coahuila de Zaragoza • Colima • Durango • Guanajuato • Guerrero • Hidalgo • Jalisco • Meksiko • Michoacán de Ocampo • Morelos • Nayarit • Nuevo León • Oaxaca • Puebla • Querétaro de Arteaga • Quintana Roo • San Luis Potosí • Sinaloa • Sonora • Tabasco • Tamaulipas • Tlaxcala • Veracruz • Yucatán • Zacatecas | ||
| Federaal distrikt: Meksiko-Stêd | ||