Sondrio
| Sondrio | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| regio | ||
| provinsje | Sondrio | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 21.504 (31.07.2025)[1] | |
| Oerflak | 20,88 km² | |
| Befolkingsticht. | 1.029,89 ynw./km² | |
| Hichte | 307 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 23100 | |
| Koördinaten | 46°10' N 9°52' E | |
| Offisjele webside | ||
| comune.sondrio.it | ||
| Kaart | ||
Sondrio is in stêd yn 'e Italjaanske regio Lombardije. De stêd is de haadstêd fan 'e provinsje mei deselde namme]].
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foardat de Romeinen de krite oermasteren waard it gebiet troch Kelten (Lepontii) en Raeti (Camunni) bewenne. De Romeinen foegen it gebiet by harren provinsje Gallia Cisalpina. Nei de fal fan it Westromeinske Ryk kaam it ûnder kontrole fan 'e Lombarden en waard de krite ynearsten bestjoerd troch feodale hearen út it gebiet. De namme Sondrio soe ôflaat wêze fan it Longobardyske 'Sundrium', itjinge sa folle betsjut as "eksklusyf eigendom"
Yn 'e midsiuwen wie Sondrio wichtich as poarte tusken de Po-delling en de Alpen. Dêrom moast it gebiet ferdigene wurde, û.o. troch it Castello dat al sûnt 1048 bestie en dêr't noch resten fan oerbleaun binne.
Yn 'e 14e iuw kaam Sondrio ûnder it bewâld fan it hûs Visconti fan Milaan. Sawol de dynasty fan 'e Visconti as de Sforza hienen grutte ynfloed op 'e krite.
Fan 'e twadde helte fan 'e 16e iuw oant de ein fan 'e 18e iuw stie Sondrio ûnder it bewâld fan 'e Tre Leghe Grigie (De Grize Trije) fan Graubünden as de haadstêd fan 'e Valtellina. Nei de reformaasje wie de stêd it sintrum fan strideraasjes tusken de katolike ynwenners fan 'e Valtellinesi en it protestantske Graubünden. Yn 1620 fermoarden de ynwenners ûnder lieding fan Giacomo Robustelli 180 protestanten en hja ferklearren de Valtellina selsstannich.
Nei de Napoleontyske tiid waard Sondrio ûnderdiel fan it Keninkryk Lombardije-Feneesje fan 'e Habsburgers en nei de unifikaasje fan Itaalje fan it Keninkryk Itaalje.
Hjoed-de-dei is Sondrio de haadstêd fan 'e provinsje mei deselde namme en in wichtich sintrum foar toerisme mei yn 'e omjouwing in soad wynbou.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Scarpatetti is in histoaryske wyk mei smelle strjitsjes, typyske plattelânshuzen mei houten balkons en ferskillende kapellen.
- De Collegiata dei Santi Gervasio e Protasio is de oan 'e hilligen Gervasius en Protasius wijde parochytsjerke en giet werom op 'e 12e iuw. It is ien fan 'e âldste tsjerken yn 'e krite, mar yn 'e 18e iuw yn 'e neoklassisistyske styl ferboud.
- Op it Piazza Garibaldi stiet in stânbyld fan Giuseppe Garibaldi en wurdt omfieme troch histoaryske gebouwen lykas it Palazzo Pretorio en de parochytsjerke.
- Boppe de stêd stiet it Castello Masegra, dat earder in fêsting wie en letter omboud is ta in soarte fan hearehûs.
- Karakteristyk foar de regio om Sondrio hinne is it kultuerlânskip binne de terrassen mei wyngerds.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Museo Veltellinese di Storia e d'Arte (museum oer skiednis en keunst).
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it gebiet om Sondrio lizze ferskate wyngerds; winen dy't produsearre wurde binne ûnder oaren de Sassella en Grumello. Wynbou foarmet ien fan 'e belangrykste boarnen fan bestean yn 'e krite, tegearre mei toerisme, benammen yn 'e winter.
In oar wichtich ûnderdiel fan 'e ekonomy fan Sondrio is de bankesektor, mei de Banca Popolare di Sondrio en de Credito Valtellinese dy't beide harren haadkantoar hawwe yn Sondrio en in notearing ha op 'e Milaanske oandielebeurs .
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
