Springe nei ynhâld

Somerton (Norfolk)

Ut Wikipedy
Somerton
St. Mary in West Somerton
St. Mary in West Somerton
Bestjoer
LânFeriene Keninkryk
RegioEast Ingelân
CountyNorfolk
Sifers
Ynwennertal257 (2008)
Oerflak8,25 km²
Befolkingsticht.31 / km²
Oar
TiidsôneGMT (UTC+0)

Somerton is in plak en civil parish yn it bestjoerlike gebiet Great Yarmouth, yn it Ingelske greefskip Norfolk mei 257 ynwenners ferdield oer 93 hûshâldings.
It bestiet út de doarpen East Somerton en West Somerton en leit sa'n 14 km noardlik fan Great Yarmouth, 35 km noard-east fan de stêd Norwich en 2 km fan de kust ôf.

De tsjerke West Somerton St Mary is ien fan de 124 rûnetoertsjerken yn Norfolk.

Reus fan Norfolk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it tsjerkhôf leit Robert Hales, de 'Reus fan Norfolk'. Hy waard dêr yn 1820 berne as ien fan njoggen bern. Hales waard 2,35 m lang en goed 200 kilo swier, wurke yn it sirkus en moete keninginne Victoria. Letter hie er in pub yn Londen. Doe't syn sûnens minder waard gie er werom nei Norfolk, dêr't er yn 1863 stoar.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]