Springe nei ynhâld

Somalyske strúsfûgel

Ut Wikipedy
Somalyske strúsfûgel

Mantsje

Wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftstrúsfûgeleftigen (Struthioniformes)
famyljestrúsfûgels (Struthionidae)
skaaiechte strúsfûgels (Struthio)
soarte
Struthio molybdophanes
Reichenow, 1883
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

De Somalyske strúsfûgel (Struthio molybdophanes), ek bekend as de blaunekstrúsfûgel, is in grutte fûgel dy't lânseigen is yn 'e Hoarn fan Afrika. It is njonken de gewoane strúsfûgel ien fan 'e twa noch libjende strúsfûgelsoarten. Oarspronklik waard de fûgel as in ûndersoarte fan 'e gewoane strúsfûgel behannele, mar sûnt 2014 wurdt de Somalyske strúsfûgel as in aparte soarte behannele. Yn Kenia wurdt de fûgel troch boeren holden foar it fleis, de fearren en de aaien.

Ut molekulêrgenetysk ûndersyk fan it DNA hat bliken dien dat de Somalyske strúsfûgel sûnt likernôch 3,6 miljoen oant 4,1 miljoen jier lyn genetysk fan 'e Noard-Afrikaanske strúsfûgel skieden waard. De Eastafrikaanske rift tsjinne dêrby as in natuerlike barriêre om it takson fan 'e oare strúsfûgels te isolearjen.

Mantsje en wyfke yn Kenia.

Oer it generaal is de fûgel wakker gelyk oan 'e gewoane strúsfûgel, mar de nekke en dijen fan 'e Somalyske strúsfûgels binne blau (ynstee fan rôze) en wurde helderblau by it mantsje as de briedtiid oanbrekt. De nekke mist in typyske brede wite ring en de sturtfearren binne wyt. De mantsjes binne grutter as de wyfkes. Foar safier bekend binne Somalyske strúsfûgels yn grutte te ferlykjen mei oare strúsfûgels, mar wat omfang oanbelanget trochstrings faaks krekt wat lytser (teminsten neffens de nominaatfoarm S. c. camelus). Neffens rapporten weaget de Somalyske strúsfûgel yn finzenskip likernôch 105 kg, mar dat leit by wylde fûgels nei alle gedachten krekt wat oars.

Somalyske strúsfûgels wurde yn 'e Hoarn fan Afrika oantroffen, fral yn noardeastlik Etioopje, súdlik Dzjibûty, it grutste part fan Kenia en yn it grutste part fan Somaalje.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Somalyske strúsfûgel ûnderskiedt him ekologysk fan 'e gewoane strúsfûgel, mei wa't er in part fan syn ferspriedingsgebiet dielt, troch de foarkar te jaan oan boskeftige, tichter begroeide gebieten, dêr't er fan 'e begroeiing fret, wylst de gewoane strúsfûgel benammen op iepen savannes foerazjearret. Der binne ek meldingen fan krusings tusken de twa taksa.

Neffens in IUCN-rapport út 2006 wie de Somalyske struisfûgel yn 'e jierren 1970 en 1980 in gewoane fûgel yn 'e sintrale en súdlike regio's fan Somaalje. Nei it politike ferfal fan dat lân en it ûntbrekken fan in effektive natuerbeskerming binne syn ferspriedingsgebiet en oantallen dêr lykwols krompen troch de wylde jacht op fleis, medisinale produkten en aaien, wêrtroch't de fûgel dêr stadichoan mei útroeging bedrige wurdt. Drûchte en streuperij hat de fûgel ek resint tegearre mei giraffen yn it noarden fan Kenia op 'e râne fan útstjerren brocht.[1] Ien fan 'e lêste bolwurken fan 'e soarte is it Keniaanske Natuerreservaat Samburu.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: