Springe nei ynhâld

Somalyske hôfdo

Ut Wikipedy
Somalyske hôfdo

In Somalyske shilling mei it ôfbyld fan 'e Somalyske hôfdo.
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaihôfdowen (Columba)
soarte
Columba oliviae
Clarke, 1918
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Somalyske hôfdo (Columba oliviae) is in fûgel yn it skaai hôfdowen (Columba) út de famylje fan dowen (Columbidae).

De fûgel is in relatyf lytse ljochtgrize do fan likernôch 28 sm lang. Folwoeksen fûgels ha in hiel ljochtgriis fearrekleed mei waarmer kleurde boppedielen, in donkere sturtpunt en in donkere bân oer de stút. De krún is rustbrún en it each ljochtgiel. Oan 'e sydkanten fan 'e nekke is fan tichtby in grienblau irisearjend plak te sjen. Yn it ferspriedingsgebiet kinne de fûgel allinnich betiizge wurde mei de nuete do, dy't grutter en donkerder is.

Somalyske hôfdowen komme allinnich yn drûge kustgebieten yn it noarden fan Somaalje foar. Se libje op gerslân en briede op rotsen. Se foerazjearje op 'e grûn yn lytse groepen en ite nôt, sied en beien en sammelje harren yn groepkes om te drinken. De soarte is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.

Oer de soarte is net in soad bekend. Der is lykwols gjin bewiis dat de fûgel bedrige wurdt. Njonken de ûnrêst yn it gebiet troch oarloch, soe ek de rappe útwreiding fan 'e krânsdo in mooglike bedriging foar de soarte wêze kinne. De effekten fan 'e konkurrinsje mei de krânsdo binne lykwols noch net bekend. De Ynternasjonale Uny foar it behâld fan 'e Natuer kategorisearet de fûgel as net bedrige (LC, 2024) op 'e Reade list.

De wittenskiplike namme fan 'e fûgel betinkt Olive Archer, de frou fan 'e Britske ornitolooch en diplomaat Sir Geoffrey Archer.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: