Somalyske goars
| Somalyske goars | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Emberiza pusilla | ||||||||||||
| Pallas, 1776 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De Somalyske goars (Emberiza poliopleura) is in Afrikaanske fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae) binnen it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Somalyske goars is in 15 sintimeter lange goars, dy't liket op ferskate oare Afrikaanske soarten mei in giele ûnderkant, in brune boppekant en in opfallend swart-wyt streke kop. Hy is bleker as de gielboarstgoars (Emberiza flaviventris) en hat rêchfearren mei grize rânen ynstee fan kastanjebrune rânen. Fierders binne de streken yn it gesicht breder en binne de siden wyt ynstee fan gielbêzje.
Ek is er bleker as de brúnstútgoars (Emberiza affinis) en hat er dúdlikere wite wjukbannen en ek in grize, ynstee fan in brune, boppensturt. De lyksoartige swartwanggoars (Emberiza cabanisi) mist de wite streek oer de wang ûnder it each. It wyfke is wat doffer fan kleur as it mantsje, wylst de jonge fûgel bleker is en in bûnter boarst hat.
De sang bestiet út in ienfâldige rige toanen, dy't yn Ingelsktalige literatuer werjûn wurdt as „suweet tweest”.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar fan Sûdan oant Etioopje, Somaalje, Uganda, Kenia en noardeastlik Tanzania. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, wat sizze wol dat er net yn ûndersoarten opdield wurdt.
De Somalyske goars wurdt fanâlds yn it skaai Emberiza yndield, mar guon taksonomyske autoriteiten hawwe Emberiza no yn ferskate lytsere skaaien opdield. Dizze soarte en de oare Afrikaanske goarzen wurde dan yn it skaai Fringillaria ûnderbrocht.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Somalyske goars komt foar yn healdrûge en drûge strûkgebieten mei Akasia's. It iten bestiet benammen út gerssied, mar de fûgel yt ek sêfte, griene blêden en ynsekten, lykas termiten, larven fan krobben en flinters.
De briedbiology is net goed bekend, mar de soarte briedt benammen tusken april en juny yn Etioopje, Somaalje en noardlik Kenia, en tusken novimber en jannewaris yn súdlik Kenia en Tanzania.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Somalyske goars hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling en hat nei alle gedachten net te lijen fan substansjele bedrigingen. Op grûn fan dy kritearia klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, LC).
De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de soarte wurdt omskreaun as frij algemien.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
