Solovetsky-kleaster

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Solovetsky-kleaster

Солове́цкий монасты́рь

Solovetsky Monastery drone 1.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1436
oare ynformaasje
webside solovki-monastyr

It Solovetsky-kleaster (Russysk: Солове́цкий монасты́рь) is in otterdoksk kleaster op de Solovetsky-eilannen yn de Wite See yn it noardwesten fan Ruslân. Nei de Oktoberrevolúsje waard it kleaster transformearre yn in finzenis en wurkkamp, mar sûnt de jierren 1990 hat it de oarspronklike bestimming werom krige.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster waard yn 1436 troch de muontsen German en Savvati út it Kirillo-Belosersky-kleaster stifte. Yn de 15e en 16 iuw krige it kleaster gâns lân, benammen troch skinkingen. Troch in geskikte polityk ûntjoech it kleaster him al gaueftich ta in ekonomysk en polityk sintrum fan de regio om de Wite See hinne. De muontsen holden harren dwaande mei it winnen fan sâlt, de fiskerij, it jeijen op wyld foar hûden, it ferwurkjen fan mineralen en izer en it winnen fan parels. It omlân profitearre fan it kleaster mei troch de wurkgelegenheid dy't troch de aktiviteiten fan it kleaster ûntstie.

Yn de 16e iuw telde it kleaster 350 muontsen en noch ris 700 ambachslju, boeren en feinten. Ek foar de teologyske foarming wie it kleaster wichtich en it hie yn de rin fan de tiid in grutte biblioteek mei tal fan manuskripten opboud. Ien fan de muontsen, Teodoret fan Kola, wurke yn it twadde fearn fan de 16e iuw as missionaris ûnder de Samen.

Opstân fan it Solovetsky-kleaster (Sergej Miloradovitsj (1851-1943)
De geheime trochgong dy't in ein makke oan de opstân fan it kleaster

It kleaster waard yn de twadde helte fan de 17e iuw nei de skuorring yn de Russysk-otterdokske Tsjerke in bolwurk fan de Aldleauwenden. Fanút it kleaster waard der ferset bean tsjin de yn 1652 troch patriarch Nikon ôfkundige herfoarmings, dy't delkamen op in sintralisaasje fan de Russysk-otterdokske Tsjerke. Yn 1657 waarden fanút Moskou nije liturgyske boeken stjoerd, mar de âldsten besletten de boeken net te brûken en de âlde liturgyske tradysje fuort te setten. Moskou stjoerde ek in nije abt nei it kleaster om de herfoarmings troch te setten, mar it kleaster wegere de abt te akseptearjen en beneamde sels in nije abt. Dit waard yn Moskou beskôge as in died fan ferset tsjin it rezjym en de tsaar stjoerde syn leger op it kleaster ôf. Der folge in belegering fan 1668 oant 1676. Mei de stipe fan de boeren koe it kleaster stânhâlde en it hie noch jierren langer stân hâlde kind, mar der folge ferried troch de muonts Feoktist, dy't de Streltsy fertelde fan in geheime trochgong yn de Wite Toer fan it kleaster, dy't min beskerme waard. Sa kaam der in ein oan de opstân. Nei it ynnimmen fan it kleastser waarden de measte bewenners fan it kleaster ombrocht.

Sûnt 1765 is it kleaster stauropegiaal, dat betsjut dat it kleaster net ûnder in biskop mar fuort ûnder de Hillige Synoade falt. De archimandriten fan it kleaster waarden troch de tsaren en de patriarchen beneamd.

De Britten falle it kleaster tidens de Krimoarloch oan

Tegearre mei de fêstings yn Sumskoi en yn Kem foarme it Solovetsky-kleaster in wichtige fêsting om de Russyske grinzen te beskermjen. It hie in grut tal kanonnen en in sterk garnizoen. It wist meardere oanfallen fan de Oarde fan de Swurdbruorren en de Sweden yn 1571, 1582 en 1611 ôf te slaan. Tidens de Krimoarloch waard it kleaster yn july 1854 sûnder súkses troch Bitske fregatten besketten.

In groep geastliken dy't yn it Solovetsky Kamp finzen sieten (1923)

Fan de 16e iuw oant yn de 20e iuw tsjinne it kleaster ek as plak dêr't tsjinstanners fan de tsaren hinne ferballe waarden. Nei de Oktoberrevolúsje sleaten de bolsjewiken yn 1920 it kleaster, dat doedestiids 430 muontsen telde. Hja makken fan it kleaster it earste wurkkamp fan de Goelag. De likernôch 1.000 finzenen, dêrûnder ûngefear 60 biskoppen, moasten û.o. yn de omkriten hout kappe. Oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich waard it kamp sletten. Ynstee dêrfan iepene men hjir in skoalle foar de opliediing fan marine-kadetten.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lito fan it kleaster, ein 19e iuw/begjin 20e iuw (út de kolleksje fan it Kleastermuseum

It kleaster wurdt troch foarse muorren omklamme mei in hichte fan 8 oant 11 meter en in dikte fan 4 oant 6 meter . De muorren wurde ûnderbrutsen troch sân poarten en acht tuorren, boud tusken 1584 en 1594. De ûnbidich grutte stienblokken dêr't de muorren mei opboud binne hawwe somtiden in lingte fan fiif meter. De measte tsjerken en kleastergebouwen binne mei oerdekte gongen meiïnoar ferbûn. Fierder steane der in grut tal oare gebouwen en in refektoarium. In grut part fan de bouwurken datearje út de 16e iuw tidens de amtsperioade fan igumen Filip Kolitsjev. Ta it gebouwe-enseble hearre de byldbepalende Katedraal fan de Transfiguraasje fan de Hear (1558-1566), de Katedraal fan de Trije-ienheid (1858), de Marije-Himelfeartkatedraal (1552-1557), de Katedraal fan de Oankundiging (1596–1601), in wettermûne (begjin 17e iuw), in klokketoer (1777) en de Nikolaastsjerke (1830-1834).

It hjoeddeiske kleaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1990 naam de Hillige Synoade it beslút om it monastike libben wer fuort te setten. In lytse groep fan muontsen sette har yn 1992 nei wenjen. De mienskip is sûnt oanwoeksen oant 30 muontsen.

Yn it kleaster is in histoarysk en arsjitektoanysk museum ûnderbrocht. It Solovetsky-kleaster is ien fan de earste Russyske monuminten, dy't as wrâlderfskip fan UNESCO ynskreaun waard. De measte gebouwen fan it kleaster binne de lêste jierren yngreven renovearre, rekonstruearre of wurde restaurearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]