Solitêr (boerdspul)

Solitêr (ek wol Frosk) is in boerdspul foar ien spiler. Meast spile is in ferzje dêr't it boerd 33 fjilden hat, mei derop 32 stikken / pinnen / kûgels of wat ek. In gruttere faak-spile ferzje hat 37 fjilden mei 36 stikken.
It spul is in puzel dy't bestiet út it bewegen fan de stikken oant mar ien stik yn it midden oerbliuwt. Men begjint it spul mei stikken op alle fjilden, útsûndere it fjild yn it sintrum. Der wurdt spile troch in stik oer in oar stik springt, krekt dernêst, yn horizontaal of fertikaal rjochting, as in frosksprong; it stik dat oersprongen is, wurdt út it spul helle en sa komt der in nij iepen fjild by. It spul is oplost as der ien stik op it boerd oerbliuwt, op fjild yn it sintrum, krekt dêr't oan it begjin fan it spul gjin stik stie.
Boerd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Lyts boerd: 33 fjilden | Grut boerd: 37 fjilden |
· · ·
· · ·
· · · · · · ·
· · · o · · ·
· · · · · · ·
· · ·
· · · |
· · ·
· · · · ·
· · · · · · ·
· · · o · · ·
· · · · · · ·
· · · · ·
· · · |
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It spul kin yn de skiednis weromfûn wurde ta it hof fan Loadewyk XIV fan Frankryk, nei in gravuere foar 1697, mar earst 10 jier letter útfierd, fan Anne fan Rohan-Chabot, prinsesse fan Soubise, mei it spul yn byld.