Soldaat van Oranje (musical)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Soldaat fan Oranje (musical))
TheaterHangaar

Soldaat van Oranje is in Nederlânske musical, basearre op it wier barde ferhaal fan de Nederlânske fersetsheld Erik Hazelhoff Roelfzema. De foarfallen fan Hazelhoff Roelfzema yn de Twadde Wrâldoarloch ferskynden earder yn boekfoarm en as film ûnder regy fan Paul Verhoeven mei Rutger Hauer yn de haadrol.

De musical gie op 30 oktober 2010 yn premiêre yn de spesjaal foar de foarstelling boude TheaterHangaar op fleanbasis Valkenburg yn Katwijk. Keninginne Beatrix, prinsesse Irene, Karin Hazelhoff Roelfzema en Erik syn skoanmem, fotografe Patricia Steur, wienen hjirby oanwêzich. Kroanprins Willem-Alexander en prinsesse Máxima besochten de musical yn juny 2011.
Soldaat van Oranje wurdt produsearre troch NEW Productions, in gearwurkingsferbân fan ynvestearingsmaatskippij Amerborgh Nederland en Volterra, memmemaatskippij fan ûnder mear Montecatini Talent Agency. Op 25 maart 2012 is de 500ste foarstelling.

It ferhaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Leienske studint Erik Hazelhoff Roelfzema en syn freonen hawwe in ûnbesoarge studintelibben, oant de Dútsers yn 1940 Nederlân binnenfalle. De begjin tweintigers realisearje har as by tongerslach by heldere himel dat neat mear itselde is. Freonskip en leafde binne net langer fanselssprekkend. De oarloch set alles op syn kop en de ferhâldings op skerp. Eltsenien moar in kar meitsje. Fjochtsje foar Frijheid, Folk, Heitelân? Fierder studearje mei de kop yn it sân? Of doelbewust kieze foar de fijân?

Hazelhoff Roelfzema skreau syn ferhaal op yn it yn 1970 ferskynde boek Het hol van de ratelslang, in jier letter noch ris útjûn ûnder de namme Soldaat van Oranje. Yn de lykneamige film fan Paul Verhoeven út 1977 spile Rutger Hauer it op de fersetsman basearre personaazje Erik Lanshoff.

Soldaat van Oranje - De Musical bringt it wier barde ferhaal yn in teatersetting. Oan it begjin fan de oarloch set Erik ôf nei Ingelân, fan wêrút hy stjoerapparatuer nei Nederlân ta smokkelt en as piloat belutsen is by bomardeminten op Dútslân. Hy wurdt adjudant fan koningin Wilhelmina en ûntfangt foar syn fersetswurk al yn de oarloch de Militêre Willems-Oarder, de heechste Keninklike ûnderskieding.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produsint Fred Boot krige yn 2005 de musicalrjochten op it ferhaal Soldaat van Oranje. Hy koestere dy winsk al jierren. Nei in tafallige moeting yn 2003 tusken de broer fan Boot en Hazelhoff Roelfzema besleat de produsint te besykjen syn winsk te ferfoljen. Hy moete de fersetsheld foar it earst yn 2004. In jier letter krige er de rjochten om it boek te bewurkjen ta in musical.

Foar it skript waard Edwin de Vries oanlutsen en it Amerikaanske duo Tom Harriman en Pamela Phillips Oland wie ferantwurdlik foar respektivelik komposysjes en lietteksten. Frans van Deursen sette de lietteksten oer nei it Nederlânsk.

Boot benadere in 2008 teaterprodusint Robin de Levita foar in gearwurking. Regisseur Theu Boermans kaam yn 2009 by it team.

TheaterHangaar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De musical wurdt opfierd yn in ta teater omboude fleantúchhangaar. De TheaterHangaar stiet op it eartiidske militêr fleanfjild Valkenburg tusken Wassenaar, Katwijk en Leien en foarmet in tapaslik histoarysk plak. Foar de hangaar is in ûntfangstromte boud. dy't brûkt wurdt as foyer. Hjiryn is in bar, restaurant en in tentoanstelling oer Ingelânfarders.

SceneAround[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produsint Robin de Levita betocht spesjaal foar Soldaat van Oranje in nije presintaasjefoarm fan teater: SceneAround. De seal is opboud op in draaiskiif. It publyk draait fan dekor nei dekor, begelaat troch 180 graden projeksjes op skermen dy't der omhinne steane. De seal en de skermen binne motorisearre en automatisearre. Op de tribune is plak foar 1103 besikers. It decor is om de tribune hinne boud. Hast alle sênes hawwe in eigen set: studintesoasjeteit Minerva, it studintehûs, Paleis Noordeinde en der is in see makke. De landingsbaan fan it fleanfjild is ek ûnderdiel fan it dekôr.

De Dakota[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keningin Wilhelmina kaam yn Gilze Rijen mei in Dakota werom op heitelânske grûn. De Dakota C-47 dy’t troch Museum Bevrijdende Vleugels yn Best beskikber steld wie foar de musical waard op 12 augustus 2010 nei Valkenburg ta brocht. Koart nei middernacht kaam de Dakota op de A44, op 'e hichte fan de Kaag, fêst te sitten yn in fiadukt. It fleantúch wie sa slim skansearre dat it net wer makke wurde koe foar de premiêre. Dy Dakota stiet no sichtber pareard neist it parkearterrein. De Dakota PH-ALR 'Reiger' út 1939, dy’t no yn de musical brûkt wurdt, waard op 23 septimber ôflevere. Dizze Dakota komt fan it Aviodrome yn Lelystêd.

Cast[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Matteo van der Grijn en Loes Haverkort.
Foto: Pauline van Till
Rol Cast 2010/2011 Cast 2011/2012
o/m 14 febrewaris 2012
Cast 2012
nei 14 febrewaris 2012
Erik Hazelhoff Roelfzema Matteo van der Grijn Julian Looman Dragan Bakema, Matteo van der Grijn*
Understudy's Dennis ten Vergert
Niels Gooier
Lykele Muus
Niels Gooier (alternate)
Robbert van den Bergh
Kevin Hassing
keningin Wilhelmina Catherine ten Bruggencate
Anke van 't Hof
Anne-Wil Blankers
Sylvia Poorta
Truus te Selle
Petra Laseur
Marisa van Eyle
Trudy de Jong, Myranda Jongeling*
François van 't Sant Nico de Vries
Bart de Vries (sûnt jan.'11)
Bart de Vries
Edwin de Vries (alternate)
Bart de Vries
Nico de Vries (alternate)
Understudy's John ter Riet
Gijs Geers
Gijs Geers Gijs Geers
Tessa Margreet Boersbroek Melissa Drost Melissa Drost
Understudy's Miriam Venema
Hanneke Engels
Miriam Venema
Hanneke Engels
Miriam Venema
Hanneke Engels
Chris Boy Ooteman Boy Ooteman Thijs Steenkamp, Boy Ooteman*
Understudy's Gijs Geers
Niels Gooier
Gijs Geers
Daan Smits
Gijs Geers
Zjon Smaal
Charlotte Loes Haverkort
Marlijn Weerdenburg (sûnt jan. 2011)
Linde van den Heuvel Linde van den Heuvel
Understudy's Lidwien Meeus
Christine de Boer
Thirsa van Til
Lidwien Meeus
Sophie Veldhuizen
Thirsa van Til
Ada Anne Lamsvelt Christine de Boer Christine de Boer
Understudy's Christine de Boer
Lidwien Meeus
Lidwien Meeus
Miriam Venema
Miriam Venema
Anton Oren Schrijver Reinier Demeijer Robbert van den Bergh, Oren Schrijver*
Understudy's Jorrit Ruijs
Rutger Bulsing
Rutger Bulsing Kevin Schoonderbeek
Rutger Bulsing
Bram Jorrit Ruijs Reinier Schimmel Rutger Bulsing
Understudy's Rutger Bulsing
Wouter Braaf
Rutger Bulsing Niels van der Gaarden
Dook van Dijck
Fred Tijn Docter Xander van Vledder Harpert Michielsen
Understudy's Wouter Braaf
Gijs Geers
Gijs Geers
Ferdi Stofmeel
Kevin Schoonderbeek
Gijs Geers
Victor Ad-Just Bouwman Ad-Just Bouwman Raymond Paardekooper
Understudy's Dennis ten Vergert
Wouter Braaf
Willem-Jan Stouthart Willem-Jan Stouthart
Sander van Voorst tot Voorst
Paul Kes Blans Kes Blans Joey Schalker
Understudy's Niels Gooier
Willem-Jan Stouthart
Niels Gooier
Willem-Jan Stouthart
Willem-Jan Stouthart
Sven Bijma
Ensemble Maudy Bremer Maudy Bremer Sophie Veldhuizen
Kirsten Fennis
Ensemble Melissa Drost Lotte Noordanus Karolien Torensma
Ensemble Paul Keizer Paul Keizer
Tim van Peteghem
Sven Bijma
Kevin Schoonderbeek
Ensemble Guus Blok Daan Smits
Sander Jan Klerk
Jurgen Stein
Dook van Dijck
Ensemble Daan Smits Sander van Voorst tot Voorst Sander van Voorst tot Voorst
Ensemble Michiel Wouda Ferdi Stofmeel Zjon Smaal
Niels van der Gaarden

Creatives[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Edwin de Vries - Skript
  • Tom Harriman - Muzyk
  • Pamela Phillips Oland - Lietteksten
  • Frans van Deursen – Nederlânske bewurking lietteksten
  • Sarah Miles - Goreografy
  • Bjorn Dobbelaere – Muzikale Superfyzje
  • AnnMarie Milazzo - Fokale Arranzjeminten
  • Bernhard Hammer - Dekorûntwerper
  • Gerhard Fisher - Ljochtûntwerp
  • Jeroen ten Brinke - Lûdsûntwerp
  • Peter Wilms - Fideo-ûntwerp
  • Marita Ruyter - Fideoproduksje
  • Catherine Cuykens - Kostúmûntwerp
  • Margriet Procee - Kostúmûntwerp
  • Pilo Pilkes - Untwerp Kap & Grime
  • Rob Snoek - Rekwisiten & Foarmjouwing
  • Yvonne Fraai – Superfyzje Kostúms & styling PR
  • Marc van Bree - Casting
  • Fred Boot - Produsint
  • Robin de Levita - Produsint
  • Theu Boermans - Rezjy

Soundtrack[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In soundtrack mei nûmers út de musical ferskynde op 22 april 2011. It album kaam op 30 april 2011 binnen op nûmer 51 yn de Nederlânske Album Top 100.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: